Afrikaanske grutte trappen
| Afrikaanske grutte trappen | ||
| Ludwigtrap (Neotis ludwigii) | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | trapeftigen (Otidiformes) | |
| famylje: | trapfûgels (Otididae) | |
| skaai: | Afrikaanske grutte trappen (Neotis) | |
| Sharpe, 1893 | ||
Afrikaanske grutte trappen (Neotis) is in fûgelskaai út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). It skaai omfiemet fjouwer grutte en swiere fûgelsoarten dy't allinne op it Afrikaanske kontinint foarkomme.
Dizze fûgels hawwe in stevich lichem, in lange hals en frij lange poaten. De fûgels fan it skaai libje yn in iepen lânskip en harren fearrekleed bestiet meastentiids út in kombinaasje fan brún, griis en wyt, wat soarget foar in poerbêste kamûflaazje yn 'e drûge omjouwing. Harren natuerlike leefgebiet bestiet foaral út iepen savannes, drûge gersflakten, healwoastinen en lânbougrûn mei net al te folle begroeiïng.
It gedrach fan dizze trappen is oer it algemien foarsichtich en se binne dreech benei te kommen troch harren skerpe sicht en grutte skouens. Yn 'e briedtiid litte de mantsjes opfallend pronkgedrach sjen, wêrby't se harren kop en hals oer de rêch smite en de fearren fan 'e hals útspriede. Se binne omnivoar en fiede har benammen mei grutte ynsekten, lytse reptilen, sied en plantemateriaal. Troch ferlies fan leefgebiet en jacht steane ferskate soarten út dit skaai jimmeroan mear ûnder druk.
Soarte(n)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | IUCN-status |
|---|---|---|---|---|
| Denhamtrap | Neotis denhami | Subsaharaansk Afrika | ||
| Heuglintrap | Neotis heuglinii | East-Afrika | ||
| Ludwigtrap | Neotis ludwigii | Súdlik Afrika | ||
| Nubyske trap | Neotis nuba | Sahel-regio |
DNA-ûndersyk hat yn 'e 21e iuw oan it ljocht brocht dat de Nubyske trap in iere ôfspjalting fan 'e trapfûgels fertsjintwurdiget, dy't hiel wierskynlik yn in eigen monotypysk skaai ûnderbrocht wurde moat. Yn 2023 waard dêrfoar it skaai fan 'e Nubyske trappen mei de wittenskiplike namme Nubotis foarsteld, mar dy klassifikaasje is anno 2026 noch net ynboargere, dat foarearst bliuwt de yndieling by Neotis de standert foar de Nubyske trap.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
