Afrikaanske griene bijefretter
| Afrikaanske griene bijefretter | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Merops viridissimus | ||||||||||||
| Swainson, 1837 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Afrikaanske griene bijefretter (Merops viridissimus) is in fûgelsoarte fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte wurdt 17 oant 18 sm lang. De fûgel is benammen grien en hat in gielich-griene kiel, in smel swart masker en in swarte bân oer de kiel. Opfallend binne de twa sintrale sturtfearren, dy't wol 10 sm lang wurde kinne. Jonge fûgels binne doffer as folwoeksen fûgels en misse de lange sturtfearren.
Earder waard de Afrikaanske griene bijefretter mei de Arabyske en Aziatyske griene bijefretter as ien soarte beskôge, de griene bijefretter. In stúdzje yn 2020 fûn grutte ferskillen yn morfology en stim tusken de trije soarten en dêrfandinne wurdt de soarte sûnt 2021 troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen yn trije ferskillende soarten ferdield.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Afrikaanske griene bijefretters komme yn 'e Sahel en Egypte foar. Der wurde trije ûndersoarten ûnderskieden:
- Merops viridissimus viridissimus yn 'e Sahel tusken Senegal oant yn Etioopje.
- Merops viridissimus flavoviridis yn it gebiet tusken Tsjaad en Sûdan.
- Merops viridissimus cleopatra yn 'e Nyldelling oant yn it noarden fan Sûdan.
It habitat fan 'e soarte bestiet út bosk, savannes, sompige gebieten, healwoastyn en agrarysk gebiet yn leechlân oant 1250 m boppe seenivo.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Afrikaanske griene bijefretter hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje groeit troch irrigaasje en útwreiding fan 'e lânbou. Sûnt 2001 kolonisearre de Afrikaanske griene bijefretter Egypte en hjoed-de-dei komt de fûgel sels oant yn 'e Nyldelta foar. De soarte wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre .
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Bijefretter
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Uganda
