Springe nei ynhâld

Afrikaanske goudkat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Afrikaanske goudkatten)
Afrikaanske goudkat
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaaikarakals (Caracal)
soarte
Caracal aurata
Temminck, 1827
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De Afrikaanske goudkat (wittenskiplike namme: Caracal aurata; foarh. Profelis aurata) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e karakals (Caracal). Dit is in tige minskeskou en heimsinnich bist dat foarkomt yn it tropysk reinwâld fan Sintraal- en West-Afrika. De Afrikaanske goudkat is in lytseftige kat mei in spikkelbûnte skutkleur dy't solitêr libbet en nachts aktyf is. De IUCN klassifisearret dit bist as kwetsber, wat it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is.

De Afrikaanske goudkat waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1827 troch de Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck. Dyselde wurke dêrby op basis fan in readbrune pels dy't er fan in keapman yn Londen kocht hie. Hy joech it bist de wittenskiplike namme Felis aurata, oftewol "gouden kat". (Felis, in in skaai dat no foar de wylde katten reservearre is, waard doe as in soarte fan sammelbak foar alle kateftigen brûkt.) Fuort neitiid beskreau Temminck ek in grize kateftige út in Londenske menazjery. Dat bist neamde er Felis celidogaster. Letter die bliken dat it om twa ûndersoarten fan deselde soarte gie.

Nije kateftigen dy't foarsteld waarden troch û.o. John Edward Gray (Felis neglecta, 1838), George Robert Waterhouse (Felis rutilus, 1842) en Richard Lydekker (Felis chrysothrix, 1906) blieken letter synonimen fan Felis aurata te wêzen. It skaai fan 'e Afrikaanske goudkatten (Profelis) waard yn 1858 yntrodusearre troch de Russyske soölooch Nikolaj Severtsov, mei Felis celidogaster as typesoarte. Yn 1917 dielde de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock ek de Aziatyske goudkatten by it skaai Profelis yn. Dy yndieling waard oernommen troch ferskate oare auteurs, mar lang om let waard foar de Aziatyske goudkatten it eigen skaai Catopuma reyntrodusearre.

Yn 'e ienentweintichste iuw die út nij ûndersyk bliken dat de Afrikaanske goudkat nau besibbe is mei de karakal (Caracal caracal) en de serval (Leptailurus serval). Op basis dêrfan waard de Afrikaanske goudkat yn 2017 oerpleatst nei it skaai fan 'e karakals (Caracal), wêrmei't it eigen skaai Profelis efterhelle en yn ûnbrûk rekke. De wat minder nau besibbe serval behold wol syn eigen monotypyske skaai.

It ferspriedingsgebiet fan 'e Afrikaanske goudkat bestiet út twa grutte, net opinoar oanslutende dielen. It grutste part beslacht it Kongoreinwâld fan Sintraal-Afrika mei oanbuorjende kriten. It rint fan súdeastlik Nigearia by de Atlantyske kust fan Afrika lâns oant yn sintraal Angoala en omfettet it binnenlân oant en mei noardlik Sambia, westlik Tanzania, dielen fan Boerûndy en Rûanda, westlik Oeganda, súdwestlik Súd-Sûdaan en it suden fan 'e Sintraalafrikaanske Republyk en Kameroen. Ek is der noch in lytse isolearre populaasje yn eastlik Oeganda en westlik Kenia. It oare grutte diel fan it ferspriedingsgebiet beslacht it suden fan West-Afrika, fan súdlik Senegal by de kust lâns nei súdlik Benyn en it binnenlân yn oant de sintrale dielen fan Guinee, Ivoarkust en Gana.

De pelzen fan in pear Afrikaanske goudkatten.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Afrikaanske goudkat is in lytseftige kateftige, mar noch altyd twaris sa grut as in gewoane hûskat (Felis catus). Hy hat in gnobske, swiere lichemsbou mei in frij koarte sturt en grutte poaten. De Afrikaanske goudkat hat trochinoar in kop-romplingte fan 61–101 sm, mei in sturtlingte fan 16–46 sm, in skofthichte fan 38–55 sm en in gewicht fan 51/2–16 kg.

De pels fan in Afrikaanske goudkat kin men wer kenne oan in opfallende yninoar om draaide kaam fan hier oan 'e basis fan 'e hals en nekke, krekt foar de skouders, dêr't de hierren fan groeirjochting wikselje. De kleur fan 'e pels rint útinoar fan kastanjebrún of readbrún oant griisbrún en dûnkergriis. (De rodzige en grize kleurfarianten waarden yn it ferline oansjoen foar ferskillende soarten.) De ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch, binnenkant fan 'e poaten en ûnderkant fan 'e sturt) binne ljochter fan kleur as de rest fan 'e pels, en skaaie soms sels út nei wyt. Itselde jildt foar ringen om 'e eagen hinne. De wringe, en yn it ferlingde dêrfan ek de boppekant fan 'e sturt, is krekt dûnkerder kleure as de rest fan it lichem.

Guon eksimplaren binne oer it hiele lichem bespikkele, wêrby't de spikkels nei yndividu yn kleur fariëarje fan dizenich brún oant swart. By oare Afrikaanske goudkatten is it spikkelpatroan beheind ta de bealch en de binnenkant fan 'e poaten, wylst de rest fan 'e pels effen kleure is. De sturt kin dûnkerbrune of swarte ringen hawwe, ljochtere ringen of hielendal gjin ringen. De sturtpunt is lykwols altyd swart. Eksimplaren út West-Afrika hawwe ornaris faker, mear en dúdliker spikkels as guons út Sintraal-Afrika.

Oer it algemien hat de Afrikaanske goudkat gâns wei fan syn neiste sibbe, de karakal (Caracal caracal), mar hy is lytser fan stal, en syn earen binne koarter en rûner en misse de toefkes dy't sa karakteristyk binne foar de karakal. Ek is de sturt fan 'e Afrikaanske goudkat langer yn ferhâlding ta syn lichemsgrutte en hat er in rûnere kop.

De Afrikaanske goudkat is in bewenner fan tropysk reinwâld fan seenivo oant in hichte fan 3.000 m dêrboppe. Hy jout de foarkar oan wiet wâld mei in protte leechhout deunby streamend oerflaktewetter lykas rivieren of beken. Dêrnjonken komt er ek foar yn dizewâlden, bamboewâlden en yn habitats op heechfean.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Afrikaanske goudkatten binne ekstreem minskeskouwe bisten, dy't in heimsinnich bestean liede yn it djippe reinwâld. Der is sadwaande net in soad oer dizze bisten bekend. Se libje in solitêr bestean en binne ornaris nachts aktyf of krepuskulêr (aktyf by moarnsdage en yn 'e jûnsskimer). Ofhinklik fan 'e beskikberens fan proai yn harren wengebiet kinne se ek oerdeis op 'e lapen wêze. Hoewol't de Afrikaanske goudkat in earsten klimmer is, jaget er oer it algemien op 'e wâldflier.

Alle kennis fan 'e fuortplanting fan 'e Afrikaanske goudkat is basearre op wat by eksimplaren yn finzenskip waarnommen is. It is mooglik dat yndividuën ûnder sokke omstannichheden net folslein natuerlik hâlden en dragen fertoane. It mantsje hat nei de pearing neat mear mei it fuortplantingsproses út te stean. De draachtiid duorret likernôch 75 dagen, wêrnei't it wyfke 1–2 jongen smyt, dy't blyn en helpleas te wrâld komme. Mei 1 wike geane de eachjes iepen, en mei 6–8 wiken wurde de jongen ôfwûn.

Jongen fan 'e Afrikaanske goudkat groeie fluch en binne ierryp yn ferhâlding ta de jongen fan oare soarten kateftigen. Ien jong beklom mei 16 dagen al in muorke fan 40 sm heech. Dat wiist op in hege mjitte fan motoaryske feardichheden op sa'n jonge leeftyd. De wyfkes binne mei 11 moannen geslachtsryp en de mantsjes mei likernôch 18 moannen. De libbensferwachting bedraacht yn finzenskip 12 jier. Hoelang't de bisten yn it wyld libje is ûnbekend, mar dat sil grif minder as 12 jier wêze.

De plasse fan in Afrikaanske goudkat yn it Museum Wiesbaden yn it Dútske Wiesbaden.

De Afrikaanske goudkat is in karnivoar dy't benammen lytsere sûchdieren bejaget, lykas de westlike beamklipdas (Dendrohyrax dorsalis), de súdlike beamklipdas (Dendrohyrax arboreus), kjifdieren, dûkers en oare lytse antilopes, lytse apen en biggen fan it reuzeboskswyn (Hylochoerus meinertzhageni). Ek fûgels fan ferskate soarten steane op it menu. Fierders fertaaste Afrikaanske goudkatten har ek wolris oan lytsfee (lykas geiten) en plomfee (lykas hinnen), wêrmei't se har net dierber meitsje by feehâlders.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Afrikaanske goudkat binne gruttere rôfdieren, lykas it loaihoars (Panthera pardus) en de bûnte hyena (Crocuta crocuta). Jongen binne ek kwetsber foar oanfallen fan rôffûgels, lykas earnen en hauken, en foar lytsere rôfdieren, lykas de hunichdas (Mellivora capensis).

De Afrikaanske goudkat hat de IUCN-status fan "kwetsber", wat it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is. De wichtichste bedriging foar dit bist wurdt foarme troch habitatferlies troch ûntbosking. Gaadlik habitat wurdt yn in heech tempo omfoarme ta palmoaljeplantaazjes, minen en wegen. Benammen yn it Kongoreinwâld wurdt de Afrikaanske goudkat ek slim bejage troch streupers foar de hannel yn bushmeat ("boskfleis"). Om 'e efterútgong fan dit bist tsjin te kearen is de Afrikaanske goudkat opnommen yn Taheakke II fan it CITES-ferdrach, dat it near leit op 'e ynternasjonale hannel yn (dielen fan) 'e oantsjutte bisten.

Der binne 2 (stân fan saken yn 2017) erkende ûndersoarten fan 'e Afrikaanske goudkat (Caracal aurata):

  • de Sintraalafrikaanske goudkat (C. a. aurata Temminck, 1827) (Sintraal-Afrika fan 'e rivier de Cross yn súdlik Nigearia ôf nei it easten ta)
  • de Westafrikaanske goudkat (C. a. celidogaster Temminck, 1827) (West-Afrika fan 'e rivier de Cross yn súdlik Nigearia ôf nei it westen ta)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.