Afrikaanske dwerchiisfûgel
Afrikaanske dwerchiisfûgel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Ispidina picta | ||||||||||||
Boddaert, 1783 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Afrikaanske dwerchiisfûgel (Ispidina picta, synonym: Ceyx pictum) is ien fan 'e twa fûgelsoarten yn it skaai Afrikaanske dwerchiisfûgels út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It 12 sm lange en 9 oant 16 gram swiere fûgeltsje hat in donkerblauwe rêch en wjukken en in oranje boarst. De sturt en de slachpinnen binne swart. Op 'e swarte kroan sitte blauwe streekjes. Opfallend is it oranje gesicht mei in pears-lila plak op it wang. De fûgel hat in wite kiel en in wyt plakje yn 'e nekke. It each is donkerbrún en de snaffel en de poatsjes binne read. Jonge fûgels binne doffer.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet yn it grutste part fan Afrika besuden de Sahara. Allinne yn dielen fan Súdwest-Afrika, de hoarn fan Afrika en Madagaskar komt de soarte net foar.
Der binne trije ûndersoarten:
- Ispidina picta picta: fan Senegal en Gambia oant Etioopje en súdlik oant Uganda.
- Ispidina picta ferrugina: fan Guinee-Bissau oant westlik Uganda en súdlik oant Angoala, Sambia en noardlik Tanzania.
- Ispidina picta natalensis: fan súdlik Angoala oant Sintraal-Tanzania en noardlik en eastlik Súd-Afrika.
Se libje yn 'e ûndergroei fan beammen en strewellen oant op hegere gebieten as de Malachytiisfûgel. It biotoop bestiet út ticht, grienbliuwend wâld, bosken by rivieren, sompen mei stikken bosk, plantaazjes en kultuerlânskippen mei genôch grien.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten bestiet út ynsekten, imerkes, libellen, wjirms en flinters en lytse wringedieren lykas kikkerts en gekko's. Nei de fangst slacht it fûgeltsje de proai op syn tûke dea om se dêrnei op te iten.
Fûgels dy't yn 'e drûge gebieten briede, trekke winterdeis nei fochtiger streken om 'e evener.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne gjin rûzings oer de grutte fan 'e populaasje. De soarte komt frij algemien foar, mar oannommen wurdt dat de soarte ôfnimt troch it ferlies fan biotoop. De IUCN klassifisearre de fûgel as net bedrige op 'e Reade list (LC, 2024).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Afrikaanske dwerchiisfûgel
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Uganda