Aart Schouman
| Aart Schouman | ||
| Selsportret | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 4 maart 1710 | |
| stoarn | 5 july 1792 (82 jier) | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | skilder, etser, akwarellist en graveur | |
| streaming | realisme | |

Aart Schouman (ek as Aert Schouman stavere) (Doardt, 4 maart 1710 - Den Haach, 5 july 1792) wie in Nederlânske keunstskilder en behangskilder, etser, akwarellist en (glês)graveur. Syn wurk is net sa bekend en frijwat ûnderskatte.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Schouman waard op syn fyftjinde learling by skilder Adriaan van der Burg. Yn 1736 waard de bruorskip fan Sint Lukas troch him stifte. Dizze bruorskip wie in feriening fan keunstleafhawwers en amateurs foar Dordrecht en omkriten. Hy wie fjouwer jier foarsitter fan it Haachske skildersbruorskip Pictura en earelid fan in Haachsk dichtgenoatskip.
It wurk fan Schouman bestiet benammen út portretten en grutte behangskilderijen. Yn it earstoan skildere er mytologyske en bibelske tema's. Letter binne mear dekorative komposysjes mei fûgels, seldsume bisten en plantestúdzjes tafoege (wêrûnder dy yn de kolleksje fan Teylers Museum). Schouman tekene mei oaren in protte bisten út de menaazjery fan steedhâlder Willem V oan it Kleine Loo foar Vosmaer syn Regnum animale. Schouman waard echt ferneamd as skilder troch syn akwarellen fan stedsgesichten en parkeftige lânskippen mei eksoatyske fûgels. Dy wiene yn dy tiid frij unyk en wurde hjoed-de-dei noch as bysûnder beskôge. Njonken it skilderjen makke er ek etsen en glêsgravueres.
Schouman wie in foaroansteand keunstner yn Seelân en it suden fan Hollân, de hjoeddeiske provinsje Súd-Hollân, tusken 1735 en 1785. Yn dy perioade wenne en wurke er yn Doardt, De Haach en Middelburch en learde er studinten yn Dordrecht en Den Haach, dêr't syn neef Martinus Schouman ûnder wie. Hy reizge twa kear nei Ingelân en hie in wichtige kolleksje skilderijen. Aart Schouman ferstoar yn 1792 yn de âldena fan 82 jier yn De Haach. Syn libben is goed dokumintearre, om't er deiboeken byhold.
Schouman syn skilderij fan Cornelis van Lill, de keunstsamler fan Dordrecht en mesenas, jout in idee fan de relaasje tusken de keunstner en syn begeunstigers. [1]
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Portret fan Cornelis van Lill (sittend) syn pakesizzer en de skilder Aert Schouman (1735)
- Aert Schouman (Dordrecht 1710 - 1792 De Haach) Sêne fan fleurigens, tekening, tekene A.SCHOUMAN. ynvint. 1740
- Wijnstraat (Doardt, 1745)
- Aert Schouman (1710-1792) Portret fan de keunstner Herman van der Mijn (1684-1741)
- Aert Schouman (1710-1792) Portret fan nei alle gedachten Jan Melvill (1740-1788), froedskip fan Brielle (1767-1788) en lienman fan Voorne (1776-1782), 1783.
- Aert Schouman - In aap dy't op in rots sit en nei in sivet sjocht, akwarel en swart kryt, 1764, Metropolitan Museum of Art
- Aert Schouman - in ein, wetterferve en gûache 35.6 x 26.7 sm Metropolitan Museum of Art
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Laurens J. Bol, Aart Schouman, ingenious painter and draughtsman, 1991 ISBN 978-90-70288-73-0
- Meile D. Haga, La Voliere Imaginaire. Aquarelles d'oiseaux par Aert Schouman (1710-17920), Parys, 1982
- ((ned) Charles Dumas (redaksje), Een koninklijk paradijs, Aert Schouman en de verbeelding van de natuur, 2017, EAN 9789462581852
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aart Schouman fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
