Springe nei ynhâld

Aebmastate

Ut Wikipedy

Aebmastate (ek: Ebema, Abema, Abbema, Abma en ‘t Hoog) stie oan de Skieppereed ûnder Ie, gemeente Dongeradiel.

Stinskelder Aebmastate (1938)

Op it steed stiet no in pleats. It hat in Midsiuwske kelder mei twa krúsferwulften dy't de ûnderste ferdjipping fan in lytse sealstins west hawwe kinne.

De sate Ebema of Abema wie yn 1511 foar it grutste part eigendom fan de styfbern fan Jelmer in den Oldenfen, dy't sels bewenner en foar de helt eigener fan de sate Oldefen yn Eanjum wie. Hessel Tadema, meier op Tadema yn Ie luts der in rinte fan 1 fl. út. Brûker fan de sate wie Bauke Abema. In folgjende bewenner wie Joucke Abema dy't yn 1562 syn oantroude sib Michiel Waelsz fan Eanjum as provenier yn it Sint-Anthony Gasthûs yn Ljouwert pleatse liet. Yn 1700 is de stim dy't op Aebmastate rêst yn hannen fan Henricus fan Wijckel as kurator oer Elisabeth Bosman. Elisabeth waard om 1686 berne as dochter fan Cornelis Bosman en nei alle gedachten Goske Dircx. Hy wie notaris yn Mitselwier en tagelyk sekretaris en fiskaal fan Eastdongeradiel. Profytlike funksjes dy't him yn steat stelden in soad ûnreplik guod te garjen, wêrûnder de states Obbema en Aebma te Ie. Nei it ferstjerren fan syn earste frou boaske Cornelis yn 1701 mei Jaycke fan Wyckel, dochter fan dr. Henricus fan Wyckel.

Dr. Henricus fan Wyckel út Ljouwert waard op 25 febrewaris 1675 ûntfanger-generaal fan Fryslân, op 10 maart 1677 sekretaris fan de rekkenkeamer en op 12 april 1679 sekretaris fan de Steaten. Hy wie grytman fan Gaasterlân fan 19 novimber 1706 oant 1710 doe't hy opfolge waard troch syn soan Regnerus. Henricus wie dêrtroch in man fan kwizekwânsje en doe't syn skoansoan Cornelis Bosman yn 1702 ferstoar en syn ‘styfpakesizzer’ de (teminsten 7) stimdragende pleatsen en in soad los lân fan har heit erfde, wie hy de oanwiisde persoan om har belangen te behertigjen. Om 1710 troude hja mei Regnerus Annaeus Lycklama fan Wyckel, soan fan boppeneamde Henricus. Yn 1698, 1700, 1708 en 1718 wurdt Elisabeth as eigneresse neamd, wêrtroch't it derop liket dat har besittingen net yn de houliksakte opnomd wienen. Nei har ferstjerren yn 1722 is Aebma blykber út de neilittenskip kocht troch dr. Henricus, want yn 1728, 1738 en 1748 stiet hy as eigener fermelden. Yn 1700, 1708, 1718 en 1728 is Hijlcke Auckes registrearre as bewenner en nei him yn 1738 en 1748 syn soan Auke Hijlkes.

Yn 1758 wurde as eigeners fan it 80 pûnsmiet grutte goed neamd "de hear Talma" foar 68 pûnsmiet en de ûntfanger Jan Goslings foar 12 pûnsmiet. Yn 1768 deselde eigeners, mar dan wurdt der gjin ferdieling neamd. As brûker wurdt yn dy beide jierren Tjepke Pijbes fermelden. Yn 1778 wurdt Sjoerd Talma neamd as eigener tegearre mei Jan Goslings. Oft dit deselde Talma of dy syn soan is, is net bekend. Bewenner wie doe Foeke Jans. Yn 1798 is de ferdieling fan it eigendom: fam. Talma 68 permied, Jan Goslings 7,5 pûnsmiet en Sijbe Jans 4,5 permied. Yn 1818 is Jan J. Boomsma eigener fan 'hûs en hoarnleger’ (hiem). Hy sil grif de 80 pûnsmiet lân pachte hawwe. Yn 1828 is professor Sjerpius Gratema te Grins eigener fan 28 pûnsmiet lân ynklusyf hûs en hoarnleger en wurdt it bewenne troch Lieuwe W. Meindertsma. It goed is dan yn totaal noch altiten 80 pûnsmiet grut. Yn 1832 is neffens Zwart kastlein Jan Roelofs Schaafsma eigener fan hûs, hiem en tún. Yn 1838 wurdt Tjeerdje Romkema as bewenster fermelden. Foar 1842 waard Gosse Jans Jilderda eigener en bewenner, yn 1848 Jan Taekes Hofman en syn frou Sijbrigje S. Siersma. Dy lêste wurdt yn 1858 noch fermelden as (mei)eigneresse mar wyls is de ‘gardenier’ Jan Jans Douwes bewenner.

Yn 1920 is it yn besit fan Mintje Jans de Vries en syn frou Gepke Jepma, dy't sels it hûs bewenje. Oant yn 1911 wie Mintje koetsier by dokter Brouwer te Ie. Harren soan Jan Mintjes de Vries en dy syn frou bewennen it hûs yn 1926, as hy te boek stiet as "gardenier veehouder". Yn 1956 wienen Simen Jans de Vries en syn frou Eelkje de Jong eigeners en bewenners en yn 1976 wenne hjir in famylje Van der Meer.

  • 1511 Jelmer in den Oldenfen eigener, Bauke Abema brûker
  • 1562 Joucke Abema, bewenner Cornelis Bosman (sjoch ek: Bosmanhûs)
  • 1698, 1700, 1708 en 1718 Elisabeth Bosman eigener
  • 1728, 1738 en 1748 Henricus fan Wyckel
  • 1758, 1768 dhr Talma en Jan Goslings eigener, Tjepke Pijbes brûker
  • 1778 Sjoerd Talma en Jan Goslings eigener, Foeke Jans brûker
  • 1798 fam. Talma, Jan Goslings en Sijbe Jans eigener
  • 1818 Jan J. Boomsma
  • 1828 Sjerpius Gratema mei-eigener, Lieuwe W. Meindertsma brûker
  • 1832 Jan Roelofs Schaafsma
  • 1838 Tjeerdje Romkema bewenster
  • 1842 Gosse Jans Jilderda
  • 1848 Jan Taekes Hofman en syn frou Sijbrigje S. Siersma
  • 1920 Mintje Jans de Vries en syn frou Gepke Jepma
  • 1926 Jan Mintjes de Vries en frou
  • 1956 Simen Jans de Vries en syn frou Eelkje de Jong
  • 1976 famylje Van der Meer

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • D.A. Zwart - Schetsen uit de historie van Ee, 1994
  • Hisgis
  • Stinzen yn Fryslân