Springe nei ynhâld

Aebingastate (Ie)

Ut Wikipedy

Aebingastate of Oudt-Fenne sate wie in state oan de Humaldawei ûnder Ie, yn de gemeente Dongeradiel. Op it eardere stateterrein stiet in pleats út 1805.

It is ûndúdlik wêr't de Humaldastate krekt stien hat. Neffens Paul Noomen stie Humaldastate op it stee noardwest fan it doarp dêr't no in tal wenten steane oan de Humaldawei en net op it steed wat fierder fan it doarp, dêr't no de pleats Æbinga State stiet. De betizing is mooglik ûntstien meidat Humaldastate yn 1640 en 1700 yn de stim- en floreenadministraasje Æbinghastate neamd wurdt.

Æbingastate waard yn it earstoan Oudt Fenne-sate neamd. Dit goed, tichtby Humalda, is tusken 1640 en 1700 eigendom fan de Aebinga fan Humalda's wurden. Yn 1832 lei der noch in brede grêft om de pleats. De hjoeddeiske pleats waard yn 1805 foar it grutste part boud fan ôfbraakmateriaal. Dat wie doe wizânsje troch de krapte oan boumaterialen ûnder de Frânske oerhearsking.

  • 1640 Jan fan Aysma fan Marrum, eigener Lammert Symens, brûker
  • 1698 jonker Frans Binnert Glins fan Humalda, eigener Frans Reiners, brûker
  • 1728 "de kinderen van Reitse Sapes vrouw", eigener Pieter Siux, brûker
  • 1832 erven Reitse Iepes Humalda en mei-eigener

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • D.A. Zwart - Schetsen uit de historie van Ee', 1994
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Hisgis
  • States en stinzen yn Fryslân