Aebingastate (Hallum)

Ut Wikipedy

Aebingastate soe oan de Hegebuorren op de doarpsterp fan Hallum stien hawwe, gemeente Ferwerderadiel, krekt east fan Offingaburgch.

It hûs wie der al yn de 17e iuw, mooglik hat in grut hearehûs west, sûnder de status fan state. De eardere pastorije wurdt no bewenne. Cannegieter skriuwt yn syn artikel oer Offingastate (F.V.A. 1897) dat der in Aebingastate stien hawwe soe oan de Hegebuorren mei útrit fan de stallingen oan de Langebuorren mei in paad dat letter De Baaierd neamd waard.

Op de kadastrale minút is in iepen, hast rjochthoekich terrein te werkennen dat it stee fan de state west hawwe kin. Dat perseel grinze oan de eastlike grêft fan Offingaburch. Aebinga soe itselde west hawwe as "Het Hooghuis". Dat komt yn it 'Register van den Aanbreng' fan 1511 foar op namme fan Sypke to Haghehuus. Ut de namme "Hooghuis" falt ôf te lieden dat dit de wenning wie fan de (doarps)rjochter en sil dan yn 1511 al in beskate status hân hawwe. Nei de Fan Aebinga’s soe de family Fan Burmania it hûs yn eigendom hân hawwe. Jonkhear Sjuck fan Burmania ferkocht it hûs Aebinga yn 1716 oan Jacob Jansen IJssel.

It soe yn 1783 noch bestien hawwe en doe yn eigendom west hawwe fan Frou W. E. fan Aylva dûariêre fan Sixma. Hja stoar yn dat jier. Yn de stimkohieren binne beide nammen net werom te finen. Wol besieten suster en bruorren Sixma as erfgenamten fan harren mem ferskate stimdragende pleatsen en hoarnlegers yn Hallum. De famylje Waslander hat der tusken 1740 - 1803 wenne. De luitenant-generaal Abraham Waslander ferstoar dêr op 24 april 1803. Yn 1874 kocht de destiidske kristlik-grifformearde tsjerke in pân en liet it ôfbrekke. Op it stee waard yn dat jier in pastorije boud. De earste bewenner fan it nije hûs wie dûmny J. van Anker, dy't der mar twa jier wenne hat.

Bewenners
  • 1511 Sypke to Haghehuus
  • Famylje Fan Aebinga
  • Famylje Fan Burmania
  • 1740 - 1803 fam. Waslander
  • 1874 kristlik-grifformearde tsjerke

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • D. Cannegieter - Geschiedkundige herinneringen van Hallum, artikelen in de Friesche Almanak fan 1851 en 1852
  • Artikel yn Friesch Dagblad ± 1975 (?)
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981