Advinttsjerke (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Advinttsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Dokkumertrekwei 41
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1980
offisjele webside
Side fan de gemeente

De Advinttsjerke oan de Dokkumertrekwei yn Ljouwert is it tsjerklike sintrum fan de Sândedei-advintisten yn Fryslân. It is ien fan de likernôch sechtich gemeenten fan it tsjerkegenoatskip yn Nederlân en it iennige tsjerkegebou fan de Sândedei-advintisten yn Fryslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grûnlizzer foar de út de Feriene Steaten oerwaaide Advintbeweging yn Fryslân wie de Ljouwerter baptistedûmny Piet Schilstra. Syn lêzings yn Ljouwert brochten der yn 1915 tsien minsken ta om harren yn Minnertsgea dope te litten. Dat barren markearre it begjin fan de skiednis fan de gemeente yn Fryslân.

Yn 2015 fierden de Fryske Sândedei-advintisten harren 100-jierrich jubileum fan de gemeente.[1][2]

De hjoeddeiske tsjerke waard yn 1980 boud. Foar dy tiid hiene de Sândedei-advintisten harren gebou oan de Foarstreek 36.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: