Springe nei ynhâld

Adriaan van der Meulen

Ut Wikipedy
Adriaan van der Meulen
politikus
Mr. A.A.M. van der Meulen, Keninginne Juliana en Prins Bernhard (1950)
Mr. A.A.M. van der Meulen, Keninginne Juliana en Prins Bernhard (1950)
echte nammeAdriaan Anne Marie van der Meulen
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum5 febrewaris 1901
berteplakIt Hearrenfean
stjerdatum10 oktober 1993
stjerplakLjouwert
etnisiteit Frysk
partijSDAP/PvdA
boargemaster fan Ljouwert
amtsperioade1946 - 1966
foargongerJacob Algera (wnd.)
opfolgerWillem Harmsma

Adriaan Anne Marie van der Meulen (It Hearrenfean, 5 febrewaris 1901Ljouwert, 10 oktober 1993) wie in Fryske politikus út namme fan de SDAP en letter de PvdA.

Hy wie in soan fan Pieter van der Meulen (1866-1958; belestingynspekteur) en Maria Judith Klinkenberg (1871-1966). Yn 1924 studearre er ôf yn de rjochten oan de Ryksuniversiteit Utert en dêrnei waard er abbekaat yn Ljouwert. Yn dy stêd wied er ek aktyf yn de SDAP. Yn 1931 kaam er foar de SDAP yn de gemeenteried fan Ljouwert en in pear jier letter waard er boppedat lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Fan 1942 ôf siet er fêst as gizeler yn it Kamp Sint-Michielsgestel.

Nei de befrijing waard er wethâlder yn Ljouwert en boppedat wie er fan septimber 1945 ôf in jier riedshear by it Bysûnder Gerjochtshof yn Ljouwert.
Van der Meulen waard maart 1946 beneamd ta boargemaster fan Ljouwert. Tweintich jier letter gie er mei pensjoen, mar bleau yn Ljouwert wenjen. Yn 1993 stoar er dêr yn de âldens fan 92 jier.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Adriaan van der Meulen fan Wikimedia Commons.