Adolphe-Simon Neboux
| Adolphe-Simon Neboux | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 22 febrewaris 1806 | |
| berteplak | La Châtre (Sintrum-Loiredelling) | |
| stoarn | 5 septimber 1885 (79 jier) | |
| stjerplak | Parys | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | sjiruch, natuerûndersiker | |
| prizen | Chevalier de la Légion d'honneur Ferneamd yn de wittenskiplike namme fan de Blaupoatgint (Sula nebouxii). | |
Adolphe-Simon Neboux (1806–1885) wie in Frânske sjirurch en natuerûndersiker dy't tusken 1836 en 1839 it fregat La Vénus begeliede ûnder befel fan admiraal Abel Aubert du Petit-Thouars (1793–1864), [1] en de Stille Oseaankust fan Noard-Amearika en de Galápagoseilannen besocht.
Under de soarten dy't er beskreau is de skjirresturtmiuw. Yn 'e Galapagosarsjipel sammele er eksimplaren fan 'e Galapagostreurdo, Galapagospoarperswel, middelste grûnfink en de kaktusgrûnfink - dizze eksimplaren waarden letter yn 1839 oan it Museum d'Histoire Naturelle skonken. [2] Hy wurdt eare yn 'e wittenskiplike namme fan 'e blaupoatgint (Sula nebouxii) en it wytnekke-iikhoarntsje (Sciurus nebouxii).
Étienne Geoffroy Saint-Hilaire murk op dat oant dy tiid mar in pear ornitologyske kolleksjes - yn ferhâlding ta harren grutte - safolle nije eksimplaren fan sa'n wittenskiplik belang toand hiene as dy fan M. Neboux. Wat geology oanbelange brocht er 115 rotsmeunsters werom; Jean-Baptiste Élie de Beaumont murk op dat M. Neboux de wearde fan dizze eksimplaren sterk fergrutte hie troch konsekwint dúdlike, krekte en detaillearre notysjes oer harren geologyske foarkommen te jaan. It Museum, dat earder gjin rotsmonsters út Kamtsjatka of Kalifornje hie, koe dat nije materiaal sadwaande bot wurdearje.
Wurken ferbûn mei Adolphe-Simon Neboux
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|