Admiraliteitseilannen
| Admiraliteitseilannen | ||
| geografy | ||
| lokaasje | Stille Oseaan | |
| lân | ||
| koördinaten | 2°6'S 146°55'E | |
| algemien | ||
| ynwennertal | ± 58.000 | |
| sifers | ||
| oerflak | 2.170 km² | |
| kaart | ||
De Admiraliteitseilannen binne in eilannegroep fan 18 eilannen yn 'e Bismarckarsjipel yn 'e Grutte Oseaan. Somtiden wurde de eilannen ek nei it grutste eilân Manus de Manuseilannen neamd. Se foarmje ûnderdiel fan 'e provinsje Manus yn Papoea Nij-Guineä. It oerflak fan 'e eilannegroep is goed 2.100 km².
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De eilannen wurde sûnt likernôch 20.000 jier bewenne. De Lapita-kultuer ûntstie likernôch 3.500 jier lyn en omfieme eartiids de Admiraliteitseilannen oant Tonga en Samoä. De oarsprong is net dúdlik, mar hat nei alle gedachten syn woartels yn in nije migraasjeweach út Súdeast-Aazje. De Lapita-kultuer omfieme ferneamd ierdewurk, pealhuzen, de ynfiering fan húsdieren lykas bargen, hûnen en hinnen en in dúdlike ûntwikkeling yn 'e lânbou.
It earste Europeeske kontakt mei de eilannen datearret fan 1528, doe't de Spaanske navigator Álvaro de Saavedra Cerón de eilannen besocht en se as Urays la Grande neamde. Yn 1616 waarden de eilannen besocht troch Willem Schouten. De namme waard troch kapitein Philip Carteret fan 'e Britske Keninklike Marine yn 1767 jûn.
Tusken 1884 en 1914 wiene de eilannen ûnderdiel fan Dútsk Nij-Guineä. Yn 'e Earste Wrâldkriich besette Austraalje de eilannen, folge troch in besetting fan Japan op 7 april 1942. Under de deknamme Operation Brewer (29 febrewaris – 25 maart 1944) namen de Alliearden de eilannen yn 1944 yn. Dêrnei wie der in grutte Amerikaanske basis op Lombrum by Lorengau. Nei 1975 waard de eilannegroep ûnderdiel fan it ûnôfhinklike Papoea Nij-Guinea.
Eilannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sintrale eilannen binne Manus en Los Negros. Oare gruttere eilannen binne Tong, Pak, Rambutyo, Lou, Baluan, Mbuke, Bipi, Ndrova, Pitylu en Ponam. In soad eilannen binne ûnbewenne atollen.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking bestiet út etsnyske Melaneezjers mei sterke lokale identiteiten per eilân of doarp. Der binne meiïnoar likernôch 30 talen en de mienskiplike taal is Ingelsk of Tok Pisin.
De religy fan 'e befolking is kristlik (roomsk en protestantsk) mei eleminten fan 'e tradisjonele religy.
Middelen fan bestean binne de lânbou, de fiskerij, de ferkeap fan lokale produkten. Ek ha de eilannen ynkomsten út ynternasjonale projekten. In bekend foarbyld dêrfan wie it yn 2019 sletten Manus Regional Processing Centre, ien fan 'e Australyske ymmigraasje-detinsjefoarsjennings foar de kust. It detinsjesintrum brocht wurkgelegenheid foar in soad bewenners.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutste eilannen, lykas Manus en Los Negros, ha tropyske reinwâlden en binne yn it sintrum bercheftich. It heechste punt fan Manus is heger as 700 m. Der binne sânstrannen, mangrovebosken en koraalriffen. Lytsere eilannen binne flak of heuveleftich. Der libje ferskillende endemyske fûgelsoarten. Foarbylden binne de Philemon albitorques, Symposiachrus infelix, Rhipidura semirubra en de Edolisoma admiralitatis.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Admiralty Islands fan Wikimedia Commons. |