Adjudant (rang)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Adjudant-ûnderofsier)
Dizze side giet oer de militêre rang adjudant. Foar de funksje, sjoch: adjudant (funksje).

In adjudant is de heechste ûnderofsier yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de marine, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers (koartom, alle kriichsmachtsûnderdielen). By lânmacht, marine, loftmacht en maresjesee hjit dizze rang folút: adjudant-ûnderofsier, en by de mariniers: adjudant-marinier. De oansprektitel is yn beide gefallen "adjudant", mar by de Operasjonele Tsjinst en Nautyske Tsjinst fan 'e marine wurdt om histoaryske redens de oansprektitel "opperskipper" (of "oerskipper") brûkt.

De boppelizzende rang is by de loftmacht en it grutste part fan 'e lânmacht faandrich en by de maresjesee en de lânmachtwapens fan 'e kavalery en de artillery is it kornet. By de marine is de boppelizzende rang luitenant-op-see 3e klasse en by de mariniers twadde luitenant. Direkt ûnder de rang fan adjudant stiet de sersjant-majoar of by de kavalery, artillery en maresjesee de opperwachtmaster. Dêrmei is adjudant de heechste ûnderofsiersrang.

Skematysk oersjoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersjoch fan 'e adjudantsrangen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
adjudant adjudant adjudant

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OR-8/9
adjudant-ûnderofsier
adjudant
adjudant-ûnderofsier
adjudant
(Operasjonele Tsjinst/Nautyske Tsjinst: opperskipper;
by it Korps Mariniers: adjudant-marinier, adjudant)
adjudant-ûnderofsier
adjudant
adjudant-ûnderofsier
adjudant

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.