Adenau
| Adenau | ||
| Marktplatz | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Landkreis | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 2.916 (31.12.2023) | |
| Oerflak | 18,56 km² | |
| Befolkingsticht. | 157 ynw./km² | |
| Hichte | 300 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 53511-53518 | |
| Koördinaten | 50°23' N 6°56' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.stadt-adenau.de | ||
| Kaart | ||
Adenau is in plak yn 'e lânkring Ahrweiler yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It stedsje hat krapoan 3.000 ynwenners (2025).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Adenau waard foar it earst yn 922 yn in oarkonde fan kening Otto III neamd as "Adenova". Yn 'e midsiuwen waard it gebiet oant it jier 1246 troch de greven van Are-Nürburg bestjoerd. Mei't it skaai Are-Nürburg útstoar waard yn dat jier it greefskip oan Kar-Keulen skonken. Foar dy tiid skonk de greve yn 1162 syn lânhûs oan 'e Johanniters. De bruorren fan dy oarder holden harren benammen dwaande mei de soarch foar siken en pylgers. Yn dy tiid wie de foarman fan 'e Johanniters ek de pastoar fan it plak.

Adenau krige yn 1600 merkprivileezjes, it plak mocht fjouwerris yn 't jier grutte jiermerken organisearje en dêrnjonken ek wykmerken. Troch dy privileezjes en it hawwen fan in bestjoer mei in boargemaster en ried ûnderskiede Adenau him oan it begjin fan 'e 17e iuw as in flekke fan oare doarpen.
Yn 1816 waard Adenau it haadplak fan 'e Kreis Adenau en sûnt mocht Adenau him foar it earst offisjeel stêd neame. Dat wie yn dy tiid ien fan 'e earmste gebieten fan Prusen. Troch ynfrastrukturele wurken lykas it oanlizzen fan it spoar besocht de oerheid dêr doe feroaringen yn oan te bringen.
De Kreis Adenau waard yn 1932 opheft en ferdield ûnder de Kreis Ahrweiler en de Kreis Mayen.
Ferskillende alliearde bombardeminten op it stedsje yn 1944 en 1945 brochten in soad skea. Op 27 jannewaris 1945 waard de parochytsjerke en ferskillende hûzen ferneatige. Sels de lytsere plakken yn 'e omjouwing waarden troffen. De befolking flechte yn 'e bosken, dêr't se hutten bouden. Ek yn febrewaris 1945 waard bombardearre en it lêste bombardemint op it stedsje wie op 3 maart 1945 op in ferpleechynrjochting yn it Eifeler Hof. Op 9 maart 1945 namen alliearde troepen it stedsje yn.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De katolike parochytsjerke Jehannes de Doper bestiet al sûnt 1224.
- De neogoatyske Marijekapel is in bouwurk fan arsjitekt Caspar Clemens Pickel út Düsseldorf.
- De protestantske Ferlossertsjerke is in gebou út 1913-1914 neffens arsjitekt Franz Heinrich von Schwechten.
- Oan 'e Buttermarkt steane in oantal ynteressante hûzen, it âldste datearret út 1396.
- De kommanderij fan 'e Johanniters wurdt hjoed-de-dei as moetingssintrum brûkt en stiet tichteby it riedshûs en de Jehannes de Dopertsjerke.
- Oan it Marktplatz yn it sintrum fan Adenau stiet it Haus Stein út 1630.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omjouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 5,5 km leit eastlik fan Adenau de Hohe Acht, mei 746,9 m de heechste berch fan 'e Eifel
- Súd fan Adenau leit leit by Nürburg it kastiel Nürburg en de Nürburgring.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Adenau
|
