Ad Astra (film)
| Ad Astra | ||
| (Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
| makkers | ||
| regisseur | James Gray | |
| produsint | Brad Pitt Dede Gardner Jeremy Kleiner James Gray Anthony Katagas Rodrigo Texeira Amon Milchan | |
| senario | James Gray Ethan Gross | |
| kamerarezjy | Hoyte van Hoytema | |
| muzyk | Max Richter | |
| filmstudio | Regency Enterprises Bona Film Group New Regency Plan B Entertainment Keep Your Head Prod. RT Features MadRiver Pictures TSG Entertainment | |
| distribúsje | 20th Century Fox | |
| spilers | ||
| haadrollen | Brad Pitt Tommy Lee Jones | |
| byrollen | Donald Sutherland Ruth Negga Liv Tyler | |
| skaaimerken | ||
| lân/lannen | ||
| premiêre | 20 septimber 2019 | |
| foarm | langspylfilm | |
| sjenre | science fiction-drama | |
| taal | Ingelsk | |
| spyltiid | 124 minuten | |
| budget en resultaten | ||
| budget | $100 miljoen | |
| opbringst | $135,4 miljoen | |
Ad Astra is in Amerikaanske science fiction-dramafilm út 2019 ûnder rezjy fan James Gray, mei yn 'e haadrollen Brad Pitt en Tommy Lee Jones. De titel is Latyn en betsjut "Nei de Stjerren". It ferhaal folget in emosjoneel konstipearre astronaut dy't nei de bûtenste regioanen fan it Sinnestelsel reizget op 'e siik nei syn heit, waans obsessive syktocht nei bûtenierdsk libben no it libben op 'e Ierde bedriget. Ad Astra, dat troch de regisseur oanpriizge waard as "de meast reälistyske ôfskildering fan romtefeart dy't ea yn in film te sjen west hat", waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en makke yn 'e bioskopen in beskieden winst op it produksjebudget (mar draaide nei alle gedachten ferlies as de marketingkosten meirekkene wurde). Ad Astra waard nominearre foar in Oscar, in Gouden Liuw, in Grammy en trije Saturn Awards.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e iere twaentweintichste iuw wurdt de Ierde troffen troch mysterieuze stroompiken dy't út 'e romte wei komme. De frees is dat alle besteande apparatuer nei gychem gean sil as de piken noch botte sterker wurde, en dat soe de ein betsjutte fan 'e minsklike beskaving sa't dy op dat stuit bestiet. De astronaut majoar Roy McBride wurdt troch syn oerhearrigen ynformearre dat de stroompiken weromtrasearre binne nei it ferlern waande Limaprojekt, in romtestasjon dat yn in baan om 'e planeet Neptunus draait, dêr't it ienentweintich jier earder hinne stjoerd is om fan 'e râne fan it Sinnestelsel ôf oare planetestelsels ôf te speuren op 'e siik nei yntelligint bûtenierdsk libben. De lieder fan it Limaprojekt wie McBride syn heit H. Clifford McBride, dy't er al jierren as dea beskôge hat.
McBride stimt deryn ta om nei Mars te gean om dêrwei te besykjen kontakt te lizzen mei syn heit en/of de oare bemanningsleden fan it Limaprojekt. Mei't syn superieuren him, omreden fan syn famyljebannen, yn dizze kwestje net alhiel fertrouwe, stjoere se ien mei om in eachje op him te hâlden. Dat is kolonel Thomas Pruitt, in âlde kennis fan syn heit. Op 'e Moanne, dêr't harren romteskip nei Mars wei ôfsette sil, wurde se yn it nimmenslân tusken de claims fan ferskillende lannen oanfallen troch piraten. Harren militêre eskorte komt om, mar McBride en Pruitt berikke de lansearbasis. Dêr docht lykwols bliken dat Pruitt in hertoanfal hat en net fierder kin. Hy jout McBride in kommunikee fan syn superieuren, dêr't út blykt dat de legerlieding fan doel is it Limaprojekt te ferneatigjen om eltse bedriging fan 'e Ierde wei te nimmen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
McBride giet sadwaande as iennichste passazjier oan board fan 'e Cepheus, it romteskip dat him nei Mars bringe sil. Underweis wurdt in needsinjaal fan in oar, Noarsk romteskip opfongen. McBride besiket kaptein Tanner derfan ôf te bringen om help te ferlienen, mei't syn misje te wichtich is om te ûnderbrekken, mar Tanner wegeret dêr gehoar oan te jaan. Mei't McBride al opmurken hat dat de twadde ofsier fan 'e Cepheus, luitenant Stanford, in bangeskiter is dy't nutteleas is yn in gefaarlike sitewaasje, beslút er sels mei Tanner oan board fan it strâne skip te gean. It docht bliken dat de Noaren oan board fan harren skip oan fiviseksje diene en dat de proefdieren, inkele bavianen, ûntsnapt binne en de hiele bemanning deadien en opfretten hawwe. Tanner wurdt troch de bisten deade, en McBride ûntkomt mar nauwerneed oan itselde lot.
Wannear't de Cepheus letter op Mars lânje sil, wurdt it romteskip troffen troch in nije stroompyk. Stanford rekket yn panyk en befriest, mar McBride nimt it befel oer it skip oer en wit it feilich oan 'e grûn te setten. Yn it ûndergrûnske kompleks fan it Amerikaanske Romtekommando op Mars begjint McBride oan it ynsprekken fan in stikmannich berjochten dy't neitiid ferstjoerd wurde oan it Limaprojekt, yn 'e hope dat syn heit antwurdzje sil. Nei dat ferskate kearen besocht te hawwen mei in troch it Romtekommando opstelde tekst, sprekt McBride op 't lêst in persoanlik, emosjoneel boadskip fan in soan oan syn heit yn. Hy fermoedet dat syn heit op dat lêste berjocht yndie antwurdet, mar dêr kriget er gjin befêstiging fan. Ynstee wurdt McBride neitiid betanke foar syn help en moat er him ree meitsje om werom nei de Ierde.
Wylst er wachtet op in romteskip om him dêrhinne te bringen, wurdt McBride opsocht troch Helen Lantos, de direktrise fan it kompleks, dy't him fertelt dat har âlden beide ûnder de bemanningsleden fan it Limaprojekt wiene. Hja lit him geheime bylden sjen fan it lêste berjocht dat McBride syn heit jierren lyn oan it Romtekommando ferstjoerd hat. Yn 'e fideo rapportearret McBride sr. dat der in opstân ûnder syn bemanning west hat fan lju dy't har nocht fan 'e misje hiene en nei hûs woene, en dat er dy opstân mei deadlik geweld delslein hat. Lantos har âlden wiene ûnder de slachtoffers. Sy fertelt McBride ek dat de Cepheus no fan it Romtekommando befel krigen hat om nei Neptunus te gean en dêr it Limaprojekt te sykjen en dat mei in nukleêr wapen op te blazen. Lantos hat gjin inkeld fertrouwen yn in misje mei Stanford as lieder, wylst McBride nettsjinsteande alles syn heit rêde wol.
Lantos helpt McBride om út 'e basis te ûntsnappen en by it lansearplatfoarm te kommen. Dêre klimt McBride yn 'e Cepheus wylst it skip al lansearre wurdt. As Stanford en de oare beide bemanningsleden, Yoshida en Deavers, foar it ferstân krije dat se in ferstekling oan board hawwe, komme se McBride mei geweld tenei, ek al beswart hy harren dat er gjin kwea yn 't sin hat. Yoshida en Deavers hawwe lykwols net de training dy't McBride ûndergien hat, en reitsje dea by de gefaarlike wrakseling yn it opstiigjende skip, wylst Stanford himsels om hals bringt mei in panikerige flater. Fan gefolgen ûndernimt McBride de 79 dagen duorjende romtereis fan Mars nei Neptunus hielendal allinnich, wylst er neiprakkearret oer syn relaasjes mei syn heit en syn fan him ferfrjemde frou Eve.
By Neptunus arrivearre spoart er it Limaprojekt op, en giet oan board mei de kearnbom. Hy moetet syn heit, dy't no de iennichste oerlibbene is fan 'e hiele bemanning. De âldman seit dat syn lêste fertroulingen it koartlyn tsjin him yn 'e kant set hawwe om't se de syktocht nei bûtenierdsk libben opjaan woene. By in gewelddiedige konfrontaasje kamen alle oaren om, mar rekke tagelyk it romtestasjon sa skansearre dat de oandriuwing, dy't gebrûk makket fan antymatearje, it no net mear goed docht en de stroompiken feroarsaket dêr't men op 'e Ierde sa'n lêst fan hat. Syn reden om syn hiele bemanning te deadzjen is dat er de misje net opjaan wol foar't er dy foltôge hat, en dat betsjut dat er trochgiet oant er yntelligint bûtenierdsk libben fûn hat. Ek bychtet er oan syn soan op dat er nea ek mar in bytsje om syn frou en soan jûn hat en dat er de Ierde al lang net mear as syn thús beskôget. McBride antwurdet dat hy likegoed wol fan him (syn heit) hâldt. Ek besiket er de âldman oan it ferstân te bringen dat syn misje net mislearre is om't er gjin bûtenierdsk libben fûn hat, want it feit dat der gjin bûtenierdsk libben bestiet, is ek weardefolle kennis, en boppedat hat it Limaprojekt in skat oan ynformaasje oer (libbenleaze) eksoplaneten opsmiten.
McBride kopiëarret al dy ynformaasje en bepraat (tinkt er) syn heit om mei werom te kommen nei de Ierde. Hy stelt de kearnbom yn om oer trije oeren ôf te gean en ferlit dan mei syn heit, klaaid yn romtepakken, it stasjon. Mar ear't se nei de Cepheus ta kinne, set McBride sr. himsels ynienen ôf sadat er de romte yn fljocht. McBride besiket him tsjin te hâlden, mar de âldman smeekt him om him gean te litten, sadat er middenmank de stjerren ferstjerre kin. Dat, McBride makket him mei tsjinnichheid los en sjocht ta hoe't syn heit fuortsweeft oant er foar it minsklik each net mear sichtber is. Hy lit it yn him omgean om it fierder ek mar slûpe te litten, mar hy wit himsels mentaal wer by de les te bringen en keart werom nei de Cepheus.
Op 'e wjukken fan 'e skokweach fan 'e eksploazje fan 'e kearnbom keart er folle flugger werom nei it sintrum fan it Sinnestelsel as dat it duorre om by Neptunus te kommen. Hy hat no syn relaasje mei syn heit ôfslute kinnen en dat liket him goed dien te hawwen. Wylst er earder neat fan oare minsken yn syn neite hawwe moast en der in hekel oan hie om oanrekke te wurden, langet er no nei minsklik selskip. Hy lânet op 'e Ierde en wurdt troch in soldaat út syn lâningskapsule holpen. De man hâldt de hân nei him út, en McBride nimt dy oan. Letter sit er yn in bar te wachtsjen. De film einiget wannear't syn frou Eve deryn komt.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

- haadrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| majoar Roy R. McBride / ferteller | Brad Pitt |
| kolonel H. Clifford McBride | Tommy Lee Jones |
- byrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| kolonel Thomas Pruitt | Donald Sutherland |
| Helen Lantos | Ruth Negga |
| Eve McBride | Liv Tyler |
| kaptein Lawrence Tanner | Donnie Keshawarz |
| Donald Stanford | Loren Dean |
| Lorraine Deavers | Kimberly Elise |
| Franklin Yoshida | Bobby Nish |
| Chip Games | Greg Bryk |
| Willie Levant | Sean Blakemore |
| Tanya Pincus | Natasha Lyonne |
| luitenant-generaal Rivas | John Ortiz |
| brigadegeneraal Stroud | John Finn |
| adjudant-generaal Amelia Vogel | LisaGay Hamilton |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ad Astra waard regissearre troch James Gray, dy't tegearre mei Ethan Gross ek it (orizjinele) senario skreau. De fillm waard troch Gray yn maaie 2016 oankundige op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. As produsinten wiene Gray sels, Brad Pitt, Dede Gardner, Jeremy Kleiner, Anthony Katagas, Rodrigo Texeira en Amon Milchan by it projekt belutsen foar de filmstudio's Regency Enterprises, Bona Film Group, New Regency, Plan B Entertainment, Keep Your Head Productions, RT Features, MadRiver Pictures en TSG Entertainment. Foar de film wie yn 't earstoan in budget beskikber fan $80 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Hoyte van Hoytema, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Max Richter.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar Ad Astra, dy't sechstich dagen duorren, setten mids augustus 2017 útein op 'e Golden Oak Ranch yn Santa Clarita, benoarden Los Angeles. Nei't proeffoarstellings ta minne reäksjes fan it filmpublyk laten, folgen reshoots, hoewol't haadrolspiler Brad Pitt dêr net beskikber foar wie. It budget rûn dêrtroch op oant $100 miljoen. De voice-over fan it personaazje fan Pitt yn 'e film waard werskreaun troch Charlie Kaufman, hoewol't dyselde dêrfoar gjin fermelding op 'e ôftiteling krige. De special effects yn 'e film waarden produsearre troch û.o. Weta Digital en Method Studios. Regisseur James Gray hie gjin sizzenskip oer de úteinlike ferzje (cut) fan 'e film, wat, sa seid er letter yn in fraachpetear mei The Hollywood Reporter, like pynlik wie as de dea fan in nei famyljelid.

Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Ad Astra waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film waard foar it earst fertoand op 29 augustus 2019 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, en iepene dêrnei op 20 septimber 2019 yn 'e Amerikaanske bioskopen. Ad Astra kaam op 3 desimber 2019 beskikber as digitale download en waard op 17 desimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Ad Astra oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren en neamde it "ien fan 'e moaiste films fan it jier, sels wannear't [it ferhaal] net mear goed te folgjen is en ek al draait it aktearjen fan Brad Pitt hinne en wer tusken ien fan syn bêste prestaasjes ea en ien fan syn net-bêsten ea." Yn 'e Britske krante The Guardian parte Xan Brooks Ad Astra sels 5 fan 5 stjerren ta, mei't it neffens him in "sublime space opera" wie. Owen Gleiberman fan it tydskrift Variety priizge fral it aktearjen fan Pitt, wylst Peter Travers fan Rolling Stone de film 4 fan 5 stjerren joech en kwalifisearre as "absolút meislepend".
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Ad Astra in heech goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 392 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] giet op in fisueel opwinende reis troch de ûnbidige ferwulften fan 'e romte en set dêrby in ambisjeuze koers nei it hert fan 'e bân tusken heit en soan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Ad Astra in goedkarringspersintaazje fan 80% basearre op 56 resinsjes.

Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ad Astra brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $50,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $85,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $135,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $100 miljoen betsjut dat in winst fan $35,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Neffens in berekkening fan 'e webside Deadline Hollywood hie Ad Astra eins ferlet fan in opbringst fan $180 miljoen om lyk te spyljen, wat betsjutte soe dat de film eins $44,6 miljoen tekoart kaam.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2020 waard Ad Astra by de Oscars nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste lûdsmixing. De film waard ek nominearre foar de Gouden Liuw fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, de Saturn Awards foar bêste science fiction-film, bêste kostúmûntwerp en bêste special effects, de Grammy Award foar bêste soundtrack foar fisuele media en twa Critics' Choice Movie Awards.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske science fiction-film
- Amerikaanske dramafilm
- Amerikaanske aventoerefilm
- Romte-aventoerefilm
- Ingelsktalige film
- Film fan Regency Enterprises
- Film fan Plan B Entertainment
- Film fan TSG Entertainment
- Film fan 20th Century Studios
- Film fan James Gray
- Film út 2019
- Film oer romtefeart
- Film oer heiten en soannen
- Film oer de Moanne
- Film oer Mars (planeet)
- Film oer Neptunus (planeet)
- Film oer in romtefarder
- Film oer fiviseksje
- Film oer emoasjes
- Film oer nukleêre oarlochfiering en wapens