Adéliepinguïn
| Adéliepinguïn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pygoscelis adeliae | ||||||||||||
| Hombron & Jacquinot, 1841 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Adéliepinguïn (Pygoscelis adeliae) is ien fan 'e trije soarten yn it skaai boarstelsturtpinguïns (Pygoscelis) út 'e famylje pinguïns (Spheniscidae).
It is de meast ferspraatste pinguïn fan Antarktika en tegearre mei de keizerspinguïn is it de súdlikst foarkommende puinguïn. De fûgel is ferneamd nei Adélielân, dat op syn beurt ferneamd is nei Adèle Dumont d'Urville, dy't troud wie mei de Frânske ûntdekkingsreizger Jules Dumont d'Urville, dy't de pinguïn yn 1840 ûntduts.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Adéliepinguïn is in middelgrutte fûgel mei in lingte fan 70–73 sm en in gewicht fan 3,8 oant 8,2 kg. Wyfkes ha deselde tekening as mantsjes, mar binne troch koartere wjukken en snaffels te ûnderskieden. Ek weagje se in stik minder as mantsjes. De folwoeksene Adéliepinguïn is swart op 'e kop, kiel en boppedielen, mei in sniewite ûnderkant. De fûgel hat in opfallende wite eachring om in swarte iris. De snaffel is foar in grut part oerdutsen mei swarte fearren, wêrtroch allinnich de punt bleatleit; dy't fral swart mei readbrún is. De wjuk is boppe swart mei in wite râne efter, wylst de ûnderkant wyt is mei in smelle swarte foarkant en in lytse swarte punt. De foar it grutste part fearreleaze poaten binne rôze.
By it útkommen sit de pyk folslein yn it sulvergriis dûns. Yn 10 dagen ferhurdzje de dûnsfearren yn in donkergrize kleur. As de fearren in tredde kear ferhurdzje, 7-9 wiken nei it útkommen, binne de juvenilen yn 'e ferskining itselde as de âlden, alhoewol't se oer it generaal lytser binne mei in blauwere tint oan 'e boppedielen en in wyt (ynstee fan swarte) kin en wite kiel. Se ha gjin folsleine wite eachring fan 'e folwoeksene oant se teminsten in jier âld binne.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Adéliepinguïn is in Antarktyske fûgel en ien fan 'e fjouwer pinguïnsoarten dy't op it kontinint sels nêstelje. Briedkoloanjes binne ferspraat oan 'e kusten fan Antarktika en op in oantal sub-Antarktyske eilannen, ynklusyf de Súdlike Orkney-eilannen, de Súdlike Shetlandeilannen, de Súdlike Sandwicheilannen, de Balleny-eilannen, Scott Island en Súd-Georgje. Nei it noarden ta komme se minder foar, mar se binne as swalker oant Austraalje, Nij-Seelân en súdlik Súd-Amearika waarnommen.
Se hawwe harren nêst op rotseftige grûn en se kieze gebieten dêr't de wyn of de hoeke fan' e sinne helpt om tefoarren te kommen dat der sniejacht ûnstiet. Oan it begjin fan it briedseizoen kin in koloanje oant 100 km fan iepen wetter lizze, mar as de simmer foarderet nimt de ôfstân troch it brekken fan it pakiis ôf. Adéliepinguïngs briede yn grutte koloanjes en guon binne grutter as in fearn miljoen pearkes. De Danger Islands binne troch BirdLife International oanwiist as in wichtich fûgelgebiet, fral fanwegen de Adéliepinguïnkoloanjes, mei 751.527 raportearre pearen yn teminsten fiif ferskillende koloanjes. Yn maart 2018 waard in koloanje fan 1,5 miljoen fûgels ûntdutsen.

Nei de briedtiid ferhúzje folwoeksen Adéliepinguïns nei iisplaten om te ferfearjen, alhoewol't guon oan lân bliuwe. Winterdeis bliuwe de fûgels yn 'e pakiisône, wêrby't de measten nei it noarden migrearje om gebieten te berikken dêr't teminsten in diel fan 'e dei ljocht is, dus benoarden sawat 73°S. Wylst guon tichteby harren briedkoloanjes bliuwe, kinne oaren hûnderten of tûzenen kilometers trekke. Salang't der brekken yn it pakiis binne, kinne se hûnderten kilometers súdlik fan iepen wetter oerlibje en it is bekend dat fûgels winterdeis foerazjearje yn gebieten mei in pakiisbedekking fan maksimaal 80%.
Bedriging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Folwoeksen Adéliepinguïns wurde geregeldwei troch seeloaihoarsen fongen. Ek orka's fange Adéliepinguïns. Fral súdpoaljagers en reuzestoarmfûgels deadzje in soad jongen en frette de aaien. Ek kelpmiuwen en iishinen frette jongen en aaien. Guon briedplakken binne kwetsber foar klimaatferoarings.
Yn 2024 fûnen ûndersikers fan 'e Federation University Australia mear as 532 deade Adéliepinguïns op it eilân Heroína (Danger Islands) yn Antarktika, wêrby't de fûgelgryp H5N1 as oarsaak fertocht waard. It firus, dat yn 2022 yn Súd-Amearika oankaam, foarmet in risiko foar de wylde dieren yn Antarktika. Monsters fan 'e ferstoarne pinguïns waarden analysearre en de H5-stam is idintifisearre by lokale skraitsen, dy't mooglik foar fierdere fersprieding soargje. Dy situaasje is benammen in grutte soarch foar de wylde dieren yn 'e regio, dêr't neffens rûzing 20 miljoen pearen pinguïns en de troch de klimaatferoarings toch al bedrige keizerpinguïns ûnder falle.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanwegen de tige grutte en tanimmende populaasje (rûsd op mear as 10 miljoen folwoeksen fûgels yn 2020) en it noch yntakte habitat, wurdt de Adéliepinguïn troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer as in net bedrige fûgel beskôge.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
