Salomonsboskiisfûgel
| Salomonsboskiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Actenoides bougainvillei | ||||||||||||
| Rothschild, 1904 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Salomonsboskiisfûgel (Actenoides bougainvillei) of de snoriisfûgel is in fûgelsoarte yn 'e famylje iisfûgels (Alcedinidae). De soarte is endemysk op 'e Salomonseilannen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oant 27 sm lange iisfûgel hat in reade snaffel. De nominaatfoarm libbet op it eilân Bougainville en is foar it grutste part rustread mei blau op 'e wjukken, boppedielen en sturt en in dúdlike snor- en eachstreek. Fûgels op it eilân Guadalcanal ha gjin blauwe, mar swarte streken op it gesicht in en in folle donkerder, grieneftige mantel.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De op Guadalcanal libjende A. b. excelsus (de Guadalcanalboskiisfûgel) waard earder algemien as in ûndersoarte fan 'e A. b. bougainvillei behannele. Hjoed-de-dei wurde se troch guon wittenskippers as aparte soarten beskôge. De A. b. bougainvillei waard yn 1904 foar it earst beskreaun en ein jierren 1930 waarden yn it suden fan it eilân tolve eksimplaren sammele. Yn 1941 waard de A. b. excelsus beskreaun op basis fan in eksimplaar út Guadalcanal.
Yn 2015 waard foar it earst in mantsje fan 'e A. b. excelsus fongen troch in team fan it American Museum of Natural History ûnder lieding fan Christopher Filardi. Hja makken foto's en deaden it fûgeltsje foar wittenskiplik ûndersyk. Dat feroarsake in soad krityk.[1]
Yn 2024 waard nei tsien dagen sykjen in pearke sjoen troch in groep fûgelsjelju op Bougainville. Hja makken foto's en opnames fan it lûd fan 'e fûgel en it die bliken dat de sang oars as dy út Guadalcanal wie.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt noch faak yn twa ûndersoarten ferdield:
- Actenoides bougainvillei bougainvillei – libbet op Bougainville.
- Actenoides bougainvillei excelsus – libbet op Guadalcanal.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Salomonsboskiisfûgels libje yn tropyske of subtropyske, fochtige bosken oant 1550 m.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt allinne op twa eilannen foar en de populaasje is mei minder as 7.000 folwoeksen eksimplaren (rûzing 2021) lyts. Om't de fûgels yn tige ôfsidige bosken libbet, nimme de oantallen nei alle gedachten mar yn in stadich tempo ôf. De IUCN kategorisearret de fûgel dêrom as net bedrige.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
