Achterhoeksk Iepenloftmuseum
| Achterhoeksk Iepenloftmuseum Achterhoeks Openluchtmuseum | ||
| Yngong | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| plak | Lievelde | |
| adres | Eimersweg | |
| koördinaten | 52° 01' N, 6° 35' E | |
| Algemiene gegevens | ||
| hist. namme | Museum Erve Kots | |
| type | Iepenloftmuseum | |
| wurkmêd | It eardere boerelibben yn'e Achterhoeke | |
| oprjochting | 1936 | |
| oprjochter | Bernard Weenink | |
| eigner | Bernard Weenink Stichting | |
| Offisjele webside | ||
| achterhoeksopenluchtmuseum.nl | ||
| Kaart | ||
It Achterhoeksk Iepenloftmuseum, oant 2022 Museum Erve Kots is in kultuerhistoarysk museum yn Lievelde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1500 hinne waard de pleats boud as los hoes. Letter waard Erve Kots in herberch. Op it stuit fan it Belegh van Grol hie prins Freark Hindrik fan Oranje-Nassau en syn Steatske leger hjir harren haadkertier. Om 1750 hinne is de pleats modernisearre en is de skiedingsmuorre tusken it wendiel en de diel oanbrocht.
Yn 1936 hat Bernard Weenink museum Erve Kots oprjochte. Nei't de lêste bewenner fan Erve Kots (H.J. Kots) ferstoar, waard Bernard eigener fan Erve Kots. De archeologyske fynsten op it terrein fan Erve Kots joegen him de ynspiraasje om in museum te starten.
Bernard Weenink groef al foar 1936 de earste archeologyske fynsten op, op it terrein fan Erve Kots. Under oaren in Frankysk grêffjild en in pealbuorkerij mei grêft binne op it hiem fan Erve Kots fûn. Mei troch dizze fynsten is dúdlik wurden dat al om 600 nei Kristus hinne de earste minsken yn de streek wennen en libben.
Yn 1974 is museum yn de Bernard Weenink Stichting ûnderbrocht. De stichting beheart it museum noch hieltyd. Sûnt 2022 hjit it museum Achterhoeksk Iepenloftmuseum en is los makke fan de Pannekoekebuorkerij, de Herberch en de Bierbrouwerij, dat noch al de namme Erve Kots hat. [1]
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Histoaryske ploegen
- Koalebaardershutte
- Seagerij
- Klompmakkerij
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
