Springe nei ynhâld

Achterhoeksk

Ut Wikipedy
Yn it donkergriene part wurdt de fariëteit dy’t in protte wei hat fan it Twintsk sprutsen. It ljochtgriene part is it dialekt mei mear Gelderske ynfloeden.

It Achterhoeksk is in Nederlânske streektaal dy’t sprutsen wurdt yn de Achterhoek yn de provinsje Gelderlân. Dit Nedersaksyske dialekt hat in protte ynfloeden út it Westfaalsk en it Hollânsk.

Tusken de ferskillende gebieten yn de Achterhoek bestean lytse ferskillen yn it dialekt. Sa wurdt yn it noarden en it easten fan de Achterhoek in dialekt sprutsen dat sterk op it Twintsk en it Sallânsk liket. Wylst it dialekt yn it suden mear wei hat fan it East-Feluwsk. In offisjele stavering is der net, mar meastal wurdt wol deselde skriuwwize hantearre.

Stavering en spraaklear

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De notiid yn it Achterhoeksk wurdt oars bûgd as yn it Nederlânsk. It meartal is lyk oan de 2e persoan inkelfâld:

  • Iental:
ik loope
i-j loopt
hee löp
  • Meartal:
wi-j loopt
jullie loopt
zie loopt
ik leepe (sprek út: liepe)
i-j leep'n
hee leep
wi-j leep'n
jullie leep'n
zie leep'n

It ôfslutend mulwurd krijt in ‘e’ foar it wurd.

In oar skaaimerk fan it Achterhoeksk is de ümlaut by ferlytsingswurden en by it meartal (ûngefear krektlyk as yn it Dútsk):

Inkele foarbylden:

  • Hûn: hond - höndjen - hönde
  • Hân: hand - hendjen - hende
  • Mûs: moes ("muis") - muusken - muuze
  • Man: man - menneken - mansleu

Yn sommige gefallen binne de tredde en fjirde namfal te hearren:

  • 1e namfal (ûnderwerp) 'De man / de vrouwe steet veur 't huus' (De man/de frou stiet foar it hûs)
  • 3e en 4e namfal: 'Den breef is veur d'n man / de vrouwe' (De brief is foar de man / de frou)

It Achterhoeksk hat in skiednis wêr't in protte muzyk yn foarkomt. Benammen sûnt de jierren sechtich, mei it opkommen fan de band Normaal, is de muzyk yn it dialekt ferneamd. Fan de jierren njoggentich ôf binne der in protte bands by kaam. Bygelyks Jovink en de Voederbietels, Boh foi toch, de Spitfires en Old ni-js.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]