Achille Devéria
Achille Jacques-Jean-Marie Devéria (6 febrewaris 1800 - 23 desimber 1857) wie in Frânsk keunstskilder en litograaf dy't bekend waard fan syn portretten fan ferneamde skriuwers en keunstners.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Déveria syn heit hie in sivile funksje by de marine. Hy wie in learling fan Anne-Louis Girodet-Trioson en Louis Lafitte.
Yn 1822 wie syn earste útstalling op de Paryske Salon. Op in stuit iepene er in skilderskoalle tegearre mei syn broer Eugène, dy't ek skildere.
Yn 1830 wie Devéria wilens in súksesfol yllustrator en hie er in protte lito's publisearre yn de foarm fan plaatsje-albums, lykas syn yllustraasjes neffens Goethes Faust yn 1828 en yn romantyske romans. Hy makke ek in soad gravueres mei libertynske tema's.
Devéria syn ûnderfining yn de keunst fan it finjet en de mezzotint beynfloede syn mannichte lito's, dy't meast troch syn skoanheit Charles Motte útjûn waarden. Meidat er komselden tragyske of earnstige tema's ôfbylde hat, liket er net sa Romantysk as in protte oare keunstners fan dy tiid.
Devéria wie teffens ferneamd fan syn portretten fan keunstners en skriuwers, dy't er makke yn syn studio yn Parys oan de Rue de l'Ouest. De tiidgenoaten dy't model foar him stiene wiene ûnder oaren Alexandre Dumas, Prosper Mérimée, Walter Scott, Jacques-Louis David, Alfred de Musset, Charles Augustin Sainte-Beuve, Honoré de Balzac, Théodore Géricault, Victor Hugo, Marie Dorval, Alphonse de Lamartine, Alfred de Vigny en Franz Liszt.
Devéria syn skilderijen wiene meast akwarellen. De Frânske dichter en kritikus Charles Baudelaire beskreau syn portretrige as "alle moraal en estetyk fan dizze tiid".
Devéria waard 1849 beneamd ta direkteur fan de Egyptyske samling fan de Bibliothèque nationale en yn itselde jier waard er assistint-konservator fan de Egyptyske ôfdieling fan it Louvre.
Yn de jierren dêrnei ûnderrjochte er syn soan, Theodule Devéria, yn tekenjen en litografy en wurken sy tegearre oan in famylje-album fan 1853 oant de dea fan Achille Devéria. Sy brûkten wetterferve foar in tal portretten yn it album, in tarieding op it eventueel printsjen fan lito's út de foto's. De foto's fan Theodule yn it album binne fan 1854.
Devéria bestege syn lêste tiid oan reizgjen troch Egypte, tekenjen en it oersetten fan teksten.
Wurken fan Devéria hingje yn it Louvre, it Fine Arts Museums of San Francisco, it J. Paul Getty Museum, it Norton Simon Museum en it Université de Liège.
-
Portret fan Hugues-Bernard Maret
-
Franz Liszt mei 21 jier