Springe nei ynhâld

Ace Frehley

Ut Wikipedy
Ace Frehley
sjonger en/of muzikant
Ace Frehley (1977)
Ace Frehley (1977)
persoanlike bysûnderheden
echte nammePaul Daniel Frehley
nasjonaliteit Amerikaansk
berne27 april 1951
berteplakNew York
stoarn16 oktober 2025
stjerplakMorristown
wurkpaad
lid fanKiss
sjenreHardrock
ynstrumintGitaar
grutste hit(s)I Was Made for Lovin' You'
Detroit Rock City
jierren aktyf1964-2025

Paul Daniel Frehley (New York, 27 april 1951 - Morristown, 16 oktober 2025), better bekend ûnder de namme Ace Frehley,wie in Amerikaansk gitarist. Frehley wie benammen bekend as gitarist fan Kiss.

Ace Frehley waard nei in audysje foar Paul Stanley, Gene Simmons en Peter Criss yn it begjin fan 1973 de sologitarist fan KISS. As gefolch fan oermjittich drank - en drugsgebrûk waard Frehley yn 1982 troch de oare bandleden út de band set. Yn 1987 brocht Ace mei syn nije band, neamd Frehley's Comet, in album mei deselde namme út. Nei twa albums gie Frehley's Comet by inoar wei, en gie Frehley ûnder syn eigen namme solo fierder.

Yn 1995 hie Kiss in "unplugged" (in optreden sûnder fersterkers) optreden by MTV en Ace Frehley die mei as "special guest". Dit resultearre yn it weromkommen fan Ace Frehley by Kiss, wêrnei't in tal tournees folgen. Yn 2000 besleaten Paul Stanley en Gene Simmons, nei de "Farewell Tour", om dochs noch troch te gean mei toeren, mar Frehley ferliet op 'e nij de band. Yn 2009 kaam syn fjirde solo studioalbum Anomaly út, goed 20 jier nei foargonger Trouble Walkin.Yn 2011 folge in autobiografy mei as titel No Regrets - A Rock 'N' Roll Memoir.

Ace Frehley ferstoar op 16 oktober 2025, yn 'e âldens fan 74 jier, oan de gefolgen fan in falpartij yn syn studio trije wiken earder.[1]

AlbumUtbrocht opBandSingle(s)
Kiss 8 febrewaris 1974 Kiss Nothin' to Lose,
Kissin' Time,
Strutter
Hotter than Hell 22 oktober 1974 Let Me Go, Rock 'n' Roll
Dressed to Kill 19 maart 1975 Rock and Roll All Nite,
C'mon and Love Me
Destroyer 15 maart 1976 Shout It Out Loud,
Flaming Youth,
Detroit Rock City,
Beth
Rock and Roll Over 11 novimber 1976 Hard Luck Woman,
Calling Dr. Love
Love Gun 17 juny 1977 Christine Sixteen,
Love Gun
Ace Frehley 18 septimber 1978 Ace Frehley New York Groove
Dynasty 23 maaie 1979 Kiss I Was Made for Lovin' You,
Sure Know Something,
Dirty Livin,
Magic Touch,
2,000 Man
Unmasked 20 maaie 1980 Shandi,
Talk to Me,
Tomorrow,
Is That You?,
What Makes The World Go 'Round
Music from "The Elder" 10 novimber 1981 A World Without Heroes,
I,
The Oath
Frehley's Comet 27 april 1987 Frehley's Comet Into the Night,
Rock Soldiers
Second Sighting 24 maaie 1988 It's Over Now,
Insane
Trouble Walkin' 13 oktober 1989 Ace Frehley Do Ya
Anomaly 15 septimber 2009
Space Invader 18 augustus 2014
Spaceman 19 oktober 2018 Bronx Boy,
Rockin' with the Boys,
Mission to Mars
10,000 Volts 23 febrewaris 2024 10,000 Volts,
Walkin' on the Moon,
Cherry Medicine
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:EN