Springe nei ynhâld

Abu Ghosh

Ut Wikipedy
Abu Ghosh
אבו גוש
أبو غوش>
Emblemen
Bestjoer
Lân Israel
distrikt Jeruzalim
Sifers
Ynwennertal 7.942 (2022)
Oerflak 2.5 km²
Hichte 610-720 m
Oar
Tiidsône (UTC+2)
Koördinaten 31°48' N 35°6' E
Kaart
Abu Ghosh (Jeruzalim)
Abu Ghosh

Abu Ghosh (Arabysk: أبو غوش; Hebriuwsk: אבו גוש) is in Arabysk-Israelysk plak yn Israel op likernôch 10 kilometer westlik fan Jeruzalim. It plak leit oan 'e autodyk Tel Aviv-Jeruzalim en op in hichte fan 610-720 meter boppe seenivo. De hjoeddeiske namme ferwiist nei de dominante stamme dy't it plak bewenne, wylst de âldere Arabyske namme eartiids Qaryat al-'Inab wie (Arabysk: قرية العنب , "Druvedoarp").

De âlde Arabyske namme fan Abu Ghosh, Qaryat al-'Inab (Arabysk : قرية العنب , letterlik  'Doarp fan 'e Druven'), hat laat ta de identifikaasje mei it bibelske plak Kiryat Ye'arim (itjinge yn it Hebriuwsk "Doarp fan 'e Bosken" betsjut), it plak dêr't de Arke fan it Ferbûn hinne brocht waard nei't er Beth-semesj ferlitten hie (1 Samuël 6:1–7:2). Edward Robinson wie de earste moderne gelearde dy't suggerearre dat Qaryat al-'Inab it bibelske Kiryat Ye'arim wie. It team dat opgroevingen by de heuveltop fan Deir al-'Azar útfierde om it Us-Leaffrouwetsjerke fan de Arke fan it Ferbûn hinne, ûnderstipe dy suggestje mei in grut oantal arguminten foar it identifisearjen fan it plak mei Kiryat Ye'arim.

Yn 'e 19e iuw tocht Claude Reignier Conder fan it Palestine Exploration Fund (PEF) dat it âlde plak fan Kiryat Ye'arim identifisearre wurde moast mei Kh. 'Erma, in ruïne 3,5 km súdlik fan Kasla, 6,4 km fan Bet Shemesh. Earne oars merkten Conder en Kitchener, ferwizend nei in "lette tradysje", op dat Abu Ghosh troch guon beskôge waard as Anatot, it berteplak fan 'e profeet Jeremia, in tradysje dy't sûnt mei bewiis tsjinsprutsen is.

It plak waard yn 'e krúsfarderstiid Fontenoid neamd. Hja identifisearren it plak mei Emmaüs yn it Evangeelje fan Lukas en bouden dêr in tsjerke. Letter ferwikselen se dy identifikaasje yn it foardiel fan Emmaus Nicopolis.

Religieuze plakken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Abu Ghosh stiet ek de yn 2014 foltôge Achmat Kadyrov-moskee. It is de grutste moskee fan Israel dy't boud waard mei jild fan 'e Tsjetsjeenje oerheid. De moskee waard ferneamd nei de heit fan Ramzan Kadyrov, it haad fan 'e republyk Tsjetsjeenje.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abu Ghosh fan Wikimedia Commons.