Abominable (film út 2019)
| Abominable | ||
| (Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
| makkers | ||
| regisseur | Jill Culton | |
| produsint | Suzanne Buirgy Peilin Chou | |
| útfierend produsint | Tim Johnson Frank Zhu Li Ruigang | |
| senario | Jill Culton | |
| muzyk | Rupert Gregson-Williams | |
| filmstudio | DreamWorks Animation Pearl Studio | |
| distribúsje | Universal Pictures (ynternasjonaal) Pearl Studio (Sina) | |
| spilers | ||
| haadrollen | Chloe Bennet Tenzing Norgay Trainor Albert Tsai | |
| byrollen | Eddie Izzard Sarah Paulson Tsai Chin Michelle Wong | |
| skaaimerken | ||
| lân/lannen | ||
| premiêre | 27 septimber 2019 | |
| foarm | lange tekenfilm | |
| sjenre | aventoerefilm | |
| taal | Ingelsk | |
| spyltiid | 97 minuten | |
| budget en resultaten | ||
| budget | $75 miljoen | |
| opbringst | $188,7 miljoen | |
Abominable is in Amerikaansk-Sineeske aventoerefilm foar de hiele famylje yn 'e foarm fan in lange kompjûteranimearre tekenfilm. De film is út 2019 en stie ûnder rezjy fan Jill Culton. Stimakteurs Chloe Bennet, Tenzing Norgay Trainor en Albert Tsai sprieken de wichtichste stimmen yn. De titel betsjut "Ferskriklik" en ferwiist nei de Ingelske term abominable snowman ("ferskriklike snieman"), dat in synonym foar yeti is. It ferhaal folget it teenagefamke Yi, dat op in dei yn it appartemintekompleks yn Sjanghai dêr't se wennet, in jonge yeti op it dak fynt. Se slút freonskip mei it wêzen, dat ûntsnapt blykt te wêzen út it laboratoarium fan 'e miljonêr Burnish en de soöloge dr. Zara. Yn 'e mande mei har jonge freon Peng en dy syn folle pleage âldere neef Jin set Yi ôf op in kweeste om 'e yeti wer thús te bringen yn 'e Himalaya, wêrby't it selskip efterfolge wurdt troch Burnish en Zara. Abominable waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Fan 'e filmkritisy krige de film oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie it in beskieden kommersjeel súkses. Letter waard der in spin-off-tillefyzjesearje makke, mei as titel Abominable and the Invisible City.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In jonge yeti ûntsnapt út in laboratoarium yn Sjanghai dat eigendom is fan 'e sakeman en miljonêr Burnish, en flechtet de stêd yn. Burnish, dy't as jongeman by in berchbeklimming yn 'e Himalaya in yeti seach, mar neitiid troch eltsenien útlake waard doe't er syn ûnderfining buorkundich makke, is der gâns oan gelegen om 'e yeti werom te finen. Hy is fan doel om it wêzen te brûken om foar iens en foar altyd syn gelyk te heljen en alle lju dy't him útlake hawwe te fernederjen. Dat der begjint in grutte mar temûke syktocht nei de yeti, dêr't de autoriteiten mei opsetsin bûten holden wurde. De lieding oer de syktocht is yn 'e hannen fan 'e humane dr. Zara, in mei in jerboä op it skouder omrinnende soöloge, dy't de koers fan 'e bienhurde Burnish allegeduerigen besiket by te stjoeren.
Underwilens wennet it teenagefamke Yi mei har mem Mei en har Nai Nai (beppe) yn in appartemint yn in flatgebou yn Sjanghai. Hja is fioeliste, mar hat net mear yn it bywêzen fan oaren muzykspile sûnt it ferstjerren fan har heit, dy't ek fioelist wie. Ynstee mêdet se har yn 'e simmerfakânsje ôf mei safolle mooglik fakânsjebaantsjes om jild te fertsjinjen. Dêrfan wol se de reis troch hiel Sina betelje, dy't se mei har heit meitsje soe. Om dat te berikken ferwaarleazget se lykwols har mem en beppe. De nachten bringt se temûk troch op it dak fan it appartemintekompleks, dêr't se fan golfplaten, lekkens en parapluën in provisoaryske tinte boud hat. Dêr sammelet se it fertsjinne jild yn har fioelkofferke en dreamt se wei oer har reis by it besjen fan in lânkaart fan Sina en âlde ansichtkaarten dy't har heit har fan syn eigen reizen stjoerd hat. Soms spilet se de fioele steand op 'e daksrâne, dêr't nimmen har sjen of hearre kin.
Op in jûn, as Yi har nei it op bêd gean wer fia de brântrep nei it dak bejout, ûntdekt se dêr de ûntsnapte yeti, dy't him yn har tinte ferskûlet foar de skynwerpers fan 'e oerfleanende helikopters fan 'e trewanten fan Burnish. Yi wint syn fertrouwen mei har fioelspul, troch him it iten op te fuorjen dat har beppe foar har sean hat, en troch syn wûnen te fersoargjen. Se slút freonskip mei it wêzen en jout him de namme Everest, nei de Mount Everest yn 'e Himalaya, dêr't er wei komt. It ferburgen hâlden fan 'e yeti giet in hoartsje goed, oant Everest de oandacht op him fêstiget troch syn eigen nijsgjirrigens. Hy en Yi wurde ûntdutsen troch Yi har tolvejierrige buorjonkje Peng en dy syn âldere, ferantwurdlikere mar ek idele neef Jin. Dyselde is fan Yi har jierren en is mei har opgroeid. Eartiids wiene se freonen, mar sûnt se nei de middelbere skoalle geane, binne se útinoar groeid om't Jin by de populêre bern heart en Yi net.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Wannear't Jin de yeti sjocht, skillet er yn panyk it alaarmnûmer op. Zara en de trewanten fan Burnish, dy't dy ferbining ôfharkje, komme sa efter de lokaasje fan Everest. Halje-trawalje, mei inkeld har fioelkofferke by har, set Yi ôf om Everest te helpen oan Zara-en-dy te ûntkommen. Peng en Jin geane der ek efteroan op in scooter. In wylde efterfolging troch Sjanghai einiget by de Oriental Pearl Tower, dêr't it Everest en Yi slagget oan har efterfolgers te ûntkommen trochdat Zara-en-dy ferbline reitsje troch de ljochtshow dy't by dy toer eltse jûn werhelle wurdt. Inkeld Peng en Jin sjogge hoe't Everest en Yi har nei de haven bejouwe. Dêr besiket de yeti him op oanwizing fan Yi op in binnenfeartskip te ferbergjen, mar dat giet sa knoffelich dat Yi beseft dat har nije freon op eigen manneboet nea de Himalaya berikke sil ear't er wer troch Zara-en-dy fongen wurdt. Dat, se beslút mei him te gean. Peng folget har en dan moat Jin, dy't him ferantwurdlik fielt foar Peng, ek wol mei.
It fjouwertal ferskûlet him yn in reuseftige kiste, dy't fol blykt te sitten mei blikjes kola. It skip fart harren nei in haven yn súdlik Sina, dêr't de kiste op in frachtwein set wurdt. Everest, dy't kola hearlik blykt te finen, lit in konstant spoar fan lege reade kolablikjes efter, oant de kiste yn in skerpe bocht fan 'e frachtwein glidet en by it steile talúd fan 'e wei del rûgelet. Sa bedarret it selskip yn in oerwâld, dêr't Yi, Jin en Peng har besauwe oer de mystike krêften fan Everest wannear't de yeti blebberbeien útsprute en rypje lit sadat se wat te iten hawwe sille. Underwilens hawwe dr. Zara en har trewanten ûntdutsen hoe't de yeti Sjanghai ferlitten hat. Burnish sels jout him by de efterfolging en de hiele groep reizget ôf nei de haven yn súdlik Sina, dêr't se neitiid it spoar fan kolablikjes it binnenlân yn folgje. Yn 'e bergen fan Sichuan wurde Yi en Everest-en-dy ynhelle troch Burnish en syn trewanten, dy't drones ynsette om 'e yeti te fangen. Mar Everest lit de plústerbol fan in hynsteblom útgroeie ta reuseftige grutte, en har dêroan fêstklamjend sweve hy en syn freonen op 'e wyn fuort oer de bergen, allegearre útsein Jin, dy't stykjen bliuwt efter in stekje by in kuierpaad lâns.
Sadwaande wurdt Jin finzen nommen troch de trewanten fan Burnish. Dr. Zara wit him te oertsjûgjen fan har goede bedoelings, en Jin, dy't fan it begjin ôf oan al fûn dat Yi ûnferantwurdlik wie mei har ûnberette ôfreis, fertelt har dat Yi har bestimming de Himalaya is. Wylst er yn it kamp fan 'e fijân ferbliuwt, docht bliken dat Burnish, no't er út 'e stêd wei is en natoer om him hinne hat, eins hielendal net sa'n rare man is, en dat er sels in swak plak foar bisten hat, lykas foar Duchess, de jerboä fan dr. Zara. Dy nachts, as er net sliepe kin, heart Jin by tafal in petear dat Zara hat mei de lieder fan Burnish syn trewanten. Dêrút komt oan it ljocht dat Zara hielendal gjin soöloge is, mar in ûnmeilydsume streuper, dy't in hekel hat oan bisten en Burnish foar it lapke holden hat om har doel te berikken. Sy wol Everest sels yn 'e hannen krije om 'e yeti tsjin 'e heechste priis te ferkeapjen oan in laboratoarium dêr't fiviseksje op him dien wurde sil oant er it bestjert. Jin rêdt de jerboä Duchess fan Zara en bringt it bistke stilwei by de sliepende Burnish. Dêrnei ûntsnapt er út it kamp.
Underwilens binne Yi, Everest en Peng mei har plústerbol yn 'e Gobywoastyn bedarre. Se sykje harsels dêrwei in paad nei it suden oant se by in doarp oan 'e Giele Rivier komme, dêr't se op in hier nei yn 'e earms fan Zara en har trewanten rinne. Peng hâldt de fijân tydlik op in ôfstân troch in keppel jaks op 'e rin te driuwen. Hy, Yi en Everest wurde rêden troch Jin, dy't ûnderwilens in âld boat kocht hat troch syn dierbere mobile tillefoan dêrfoar te ruiljen. Zara en Burnish sette de efterfolging yn mei in amfibysk fiertúch, mar troch de mystike krêften fan Everest blykt de boat fan Jin ek oer in greide mei bûterblommen farre te kinne, wylst it amfibysk fiertúch dêr ferûngelokket. Om mear ôfstân tusken harrensels en har efterfolgers te skeppen, lit Everest de blommesee baarje as wie it in echte see, oant er it te mâl docht en in weach makket dy't sa heech is dat it boatsje oer de kop slacht.
Alle 'opfarrenden' komme mei de skrik frij, mar de fioele fan Yi, eins har heite fioele dy't se oernommen hie nei syn ferstjerren, blykt by de klap midstwa brutsen te wêzen. Jin treastget har, en as hy en Peng de âlde ansichtkaarten byinoar sykje dy't út it fioelkofferke rûgele binne, merke se op dat dy allegearre binne fan plakken dêr't sy op harren reis al west hawwe. Wylst Yi har dêroer besaut, komt Everest oan mei de fioele, dy't er mei syn magy reparearre hat, sadat it ynstrumint wer sa goed as nij is. De stikkene snaren hat er ferfongen troch hierren út syn eigen pels. Jin langet Yi noch ien lêste ansichtkaart oer, fan in plak dêr't se noch net west hawwe: de Grutte Boeda fan Leshan. Mar as Yi opsjocht fan 'e kaart, sjocht se yn 'e fierte it reuseftige, yn in rivierklif úthoude boedabyld stean. Sy en har freonen beklimme it, wêrnei't Yi foar it earst sûnt de dea fan har heit yn it iepenbier har fioel bespilet. Se giet alhiel op yn 'e muzyk, en as se klear is, docht bliken dat oeral om har hinne blommen ta bloei kommen binne. Yi mient dat Everest dat dien hat, mar Jin en Peng wize har derop dat it fan har spyljen komt, mei't troch de nije snaren fan 'e fioele it ynstrumint no ek magysk wurden is.
Lang om let bejouwe Yi, Jin , Peng en Everest har yn 'e Himalaya, dêr't se in brêge oer in djippe kleau oerstekke moatte op 'e wei nei de Mount Everest. Healwei de brêge wurde se lykwols fan foarren en fan efteren ynsletten troch Burnish en Zara en harren trewanten. Dyselden binne tarist mei ferdôvingsgewearen om Everest libben yn 'e hannen te krijen. Mar wannear't Burnish de yeti sjocht, kriget er in flashback nei it stuit yn syn jonge jierren doe't er yn 'e Himalaya in yeti seach. Hy hat al dy jierren it hâlden en dragen fan dat wêzen ynterpretearre as in die fan agresje, in úthaal nei him, mar no ynienen begrypt er dat de yeti inkeld har jongen beskermje woe. Dat ynsjoch bringt de âldman ta ynkear, en hy risselwearret om syn mannen it befel te jaan om Everest gewurde te litten. Mar ear't er dat dwaan kin, lit Zara him troch har hantlanger, de lieder fan Burnish syn eigen mannen, mei in ferdôvingspylkje delsjitte en skeakelet him sa út. Everest wurdt ferdôve en yn in koai op in oanhingwein stoppe. Wannear't Yi har ferset, wurdt se troch Zara oer de râne fan 'e brêge slein, de kleau yn. Jin en Peng wurde as finzenen troch Zara-en-dy meifierd, wêrnei't it konfoai fan auto's oan 'e weromreis nei Sjanghai begjint.
Mar ûnder de ferlitten brêge hat Yi har oan in tou witten fêst te klamjen. Se klimt wer nei boppen ta en fynt har fioelkofferke werom. Op 'e râne fan 'e brêge begjint se te fioelspyljen en ropt dêrmei in magyske stoarm op dy't Everest út syn ferdôving wekker wurde lit. De yeti brekt dêrop út syn koai en ropt iis en snie op wêryn't it konfoai fêst komt te sitten. De breinroere Zara besiket Everest dea te riden mei in frachtwein, om't se, sa seit se, de lichemsdielen fan 'e deade yeti altyd noch foar grou jild ferkeapje kin. Mar Everest wurdt inkeld yn 'e sêfte snie drukt en komt mei de skrik frij, wylst Zara mei har dwaan in lawine feroarsaket dy't har en har hantlanger yn harren frachtwein yn it ravyn faget, dat se te pletter falle.
Burnish, dy't ta it besef kommen is dat yeti's magyske wêzens binne dy't beskerme wurde moatte, beslút Yi-en-dy te helpen om Everest wer thús te bringen en syn bestean geheim te hâlden. Yi, Jin en Peng, tarist mei winterklean dy't Burnish syn mannen ôfstean moatten hawwe, reizgje mei Everest fierder nei de Mount Everest, dêr't se de jonge yeti werienje mei syn âlden en ôfskie fan him nimme. Neitiid helpt Burnish harren om werom te reizgjen nei Sjanghai, dêr't harren respektivelike âlden miene dat Yi en Peng mei Jin nei Peking west hawwe om in universiteit te besykjen dêr't hy mooglik studearje wol. Wer thús beslút Yi om tenei mear tiid troch te bringen mei en oandacht te besteegjen oan har mem, beppe en freonen.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


- haadrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| Yi | Chloe Bennet |
| Jin | Tenzing Norgay Trainor |
| Peng | Albert Tsai |
- byrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| Burnish | Eddie Izzard |
| dr. Zara | Sarah Paulson |
| Nai Nai, Yi har beppe | Tsai Chin |
| Mei, Yi har mem | Michelle Wong |
| Everest - reontsjen fan Everest |
Joseph Izzo - Rupert Gregson-Williams |
| lieder fan Burnish' trewanten | Rich Dietl |
| Burnish' trewanten | Vic Chao Trevor Devall Karen Huie Reuben Uy David Smith Walt Dohrn Elizabeth Pan |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Abominable wie sûnt 2010 yn produksje by DreamWorks Animation, oarspronklik ûnder de titel Everest. It senario waard skreaun troch Jill Culton, dy't ek de rezjy dwaan soe. Mar tsjin 2016 hie hja it projekt ferlitten en wie se ferfongen trroch Tim Johnson. Uteinlik kaam Culton lykwols werom en naam se dochs de rezjy op har. Johnson waard dêrop ien fan 'e útfierende produsinten fan 'e film, yn 'e mande mei Frank Zhu en Li Ruigang.
As produsinten wiene Suzanne Buirgy en Peilin Chou by it projekt belutsen foar de filmstudio's DreamWorks Animation en Sineeske Pearl Studio. Abominable wie sadwaande in Amerikaansk-Sineeske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $75 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Rupert Gregson-Williams. Foar de soundtrack fan Abominable waard troch de Amerikaanske sjongster Bebe Rexha in orizjineel liet opnommen mei de titel Beautiful Life.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Abominable waard ynternasjonaal fersoarge troch Universal Pictures, mar yn Sina troch Pearl Studio (ûnder de eardere namme fan dat bedriuw, te witten: Oriental DreamWorks). De film waard foar it earst op 7 septimber 2019 fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, en gie dêrnei op 27 septimber fan dat jier yn premiêre yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 13 septimber by platemaatskippij Back Lot Music. Abominable kaam op 3 desimber 2019 beskikber as digitale download en waard op 17 desimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Kontroverse oer de Line fan Njoggen Streekjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der ûntstie ynternasjonaal kontroverse om Abominable hinne fanwegen de lânkaart fan Sina dy't koart yn 'e film te sjen is (hingjend yn Yi har tinte op it dak fan it appartemintekompleks). Dêrop is nammentlik de saneamde Line fan Njoggen Streekjes yntekene, in Sineeske grinsline om alle ûnbewenne eilannen yn 'e Súdsineeske See hinne. Mei't oare lannen yn 'e regio ek oanspraak op dy eilannen meitsje, foel dat dêre net yn goede ierde. Yn Fjetnam waard it fertoanen fan Abominable fanwegen de sêne mei de lânkaart op 14 oktober 2019 ferbean. Op 17 oktober joech de sinsuerkommisje fan Maleizje DreamWorks Animation opdracht om 'e oanbelangjende sêne út 'e film te knippen. Doe't de studio dat wegere te dwaan, waard de film yn Maleizje yn syn gehiel ferbean. Op 18 oktober barde itselde yn 'e Filipinen.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Abominable oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge Glenn Kenny fan The New York Times de film foar syn "útsûnderlik sympatike ferhaal dat by útstek it oansjen wurdich is". Teffens wied er goed te sprekken oer de fisuele effekten yn 'e film. Simran Hans fan 'e Britske krante The Observer joech de film 3 fan 5 stjerren en priizge se de animaasje. Yn it tydskrift Empire wie Nick de Semiyen tige te sprekken oer de film, fral wat de froulike haadpersoan oanbelange en teffens wat it werjaan fan 'e Sineeske kultuer oangie.
Yn it blêd Rolling Stone parte Peter Travers 21/2 fan 5 stjerren ta oan Abominable, in film dy't neffens him in protte wei hie fan How to Train Your Dragon, in oare produksje fan DreamWorks Animation. Hy wie lykwols fan miening dat it de film net slagge om him yn 'e drokke animaasjefilmmerk genôch te ûnderskieden. Brian Tallerico, fan 'e webside RogerEbert.com, brocht in fierhinne gelikense miening op 't aljemint, mar ferwurde it minder myld. Hy skreau dat Abominable "de persoanlikheid miste om himsels te ûnderskieden fan bettere tekenfilms dy't foar it meastepart itselde ûnderwerp behannelje." Hy joech de film 2 fan 4 stjerren.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Abominable in heech goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 169 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Wurkjend mei, tajûn: bekende yngrediïnten, biedt [dizze film] it publyk in prachtich animearre en oer it algemien meislepend aventoer, dêr't it hiele gesin fan genietsje kin." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Abominable in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 28 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Abominable brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $60,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $127,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $188,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $75 miljoen betsjut dat in winst fan $113,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Abominable waard nominearre foar ferskate wichtige prizen, mar griep dêr hieltyd nêst. By de Annie Awards wiene der yn 2020 foar de film nominaasjes yn 'e kategoryen foar bêste animearre effekten yn in animaasjeproduksje, bêste personaazje-ûnwerp yn in lange animaasjefilm, bêste produksje-ûntwerp yn in lange animaasjefilm en bêste stimakteur yn in lange animaasjefilm (Tenzing Norgay Trainor as Jin). Fierders waard Abominable nominearre foar de Saturn Award foar bêste animaasjefilm en de Critics' Choice Movie Award foar bêste lange animaasjefilm.
Spin-off-tillefyzjesearje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn febrewaris 2022 waard bekendmakke dat de Amerikaanske streamingtsjinst Peacock in tekenfilmsearje besteld hie dy't in spin-off wurde moast fan Abominable. De searje krige de titel Abominable and the Invisible City. It earste, út tsien ôfleverings besteande seizoen wie fan 5 oktober 2022 ôf op sawol Peacock as Hulu te sjen. In twadde seizoen wie fan 29 maart 2023 ôf te sjen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske kompjûtertekenfilm
- Amerikaanske aventoerefilm
- Amerikaanske famyljefilm
- Amerikaanske fantasyfilm
- Amerikaanske coming-of-agefilm
- Sineeske kompjûtertekenfilm
- Sineeske aventoerefilm
- Sineeske famyljefilm
- Sineeske fantasyfilm
- Sineeske coming-of-agefilm
- Ingelsktalige film
- Film fan DreamWorks Animation
- Film fan Jill Culton
- Film út 2019
- Film oer famyljerelaasjes
- Film oer in kweeste
- Film oer yeti's
- Film oer in lawine
- Film oer snie en iis
- Film oer freonskip
- Film oer muzyk en muzikanten
- Film oer rouferwurking
- Film oer streuperij
- Film oer tsjoenderij
- Film mei in Sineesk tema