Springe nei ynhâld

Abimêlek (Rjochters)

Ut Wikipedy
Abimêlek
Abimêlek, soan fan Gideön
Abimêlek, soan fan Gideön
Persoanlike gegevens
alternative nammenAbimelech
berteplakSichem
stjerplakferstoarn oan ferwûnings by Tebes
(Rjochters 9:53–54)
folkIsraëlysk
Famylje
heitGideön (Jerûbbaäl) (Rjochters 8:31)
membyfrou út Sichem (namme net neamd)
(Rjochters 8:31)
partner(s)net neamd yn 'e Bibel
bernnet neamd yn 'e Bibel
Bibelske rol
titel / funksje(selsútroppen) kening fan it Tolvestammeryk
perioade1180 - 1177 f.Kr. .
bekend fanbruorremoard; tiranny; parabel fan Jotam
neamd ynRjochters 8:31; 9
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Abimêlek (Hebriuwsk: אֲבִימָלֶךְ, ’Ǎḇîmeleḵ, "myn heit is kening") wie ien fan 'e santich soannen fan rjochter Gideön (Rjochters 8:30-9:57) en de earste kening fan Israel.

Abimêlek gie nei it ferstjerren fan syn heit Gidëon nei syn omkes fan syn memmekant yn Sichem, om harren derfan te oertsjûgen dat it better wêze soe dat hy, in famyljelid, regearje soe yn stee fan alle santich bruorren. Dat like de omkes skoan ta en hja joegen him santich sulverstikken út de timpel fan 'e ôfgod Baäl-Berit en dêrmei hierde Abimêlek in stel smjunten, dy't mei him meigyngen nei it hûs fan syn heit yn Ofra om dêr al syn bruorren op ien en deselde stien te fermoardzjen. Allinnich de jongste broer, Jotam, wist him te ferbergjen en ûntkaam. Dêrnei kamen de ynwenners fan Sichem byinoar en rôpen Abimêlek út ta kening. Doe't Jotam dat hearde, klom er op 'e berch Gerizzim en fertelde in parabel oer beammen dy't in kening sykje. Hy warskôge dat Abimêlek as in toarnbosk wie: hy joech gjin skaad, mar soe úteinlik elkenien ferbaarne. Dêrnei naaide Jotam út nei Beër, dêr't Abimêlek him net benei komme koe.

Abimêlek regearre trije jier oer it folk en doe krige it folk syn nocht fan har kening. Gaäl, in soan fan Ebed, kaam mei syn bruorren nei Sichem en spile yn op 'e ûntefredenens fan it folk en stokele de boel fierder op. Under lieding fan Gaäl organisearren de manlju fan Sichem in opstân. Wat Gaäl net wist, wie dat de kommandant fan Sichem, Sebûl, noch trou wie oan Abimêlek. Sebûl hearde de grutte wurden fan Gaäl en waard lilk. Hy stjoerde temûk boaden nei Abimêlek mei it boadskip dat Gaäl de stêd oanfjurre ta in opstân en rikkemandearre Abimêlek oan de oare deis by it lemieren in leger te stjoeren.

De oare moarns ier stie Gaäl by de stedspoarte. Doe't de troepen fan Abimêlek fan 'e bergen delkamen, sei Gaäl tsjin Sebûl: "Sjoch, der komt folk fan 'e bergen!" Mar Sebûl woe him wiismeitsje dat it skaad fan 'e bergen wie, dat Gaäl foar minsken oanseach. Doe't it leger tichterby kaam frege Sebûl: "wêr is no dyn grutte bek? Dû hast sein: Wa is Abimêlek? No, dêr is it folk datstû ferachte hast. Gean no nei bûten en striid tsjin him!"

Gaäl waard twongen om te flechtsen want hy ferlear de striid. Sebûl soe him en syn bruorren foargoed út Sichem ferjeie. Dêrmei wie de opstân fan Gaäl mislearre en ek de ynwenners ferlearen de striid tsjin Abimêlek. Abimêlek ferneatige de stêd en struide der sâlt oer.

Doe't de lieders fan 'e omkriten fan Sichem hearden dat de stêd fallen wie en ferneatige troch Abimêlek, flechten sa'n tûzen manlju en froulju de toer yn. Se tochten dat se dêr feilich wêze soene, mooglik om't it in hillich plak wie. Mar Abimêlek liet hout oanfiere en mei dat hout waard de toer yn 'e brân stutsen. De gefolgen wiene slim: alle minsken yn 'e toer kamen om it libben troch it fjoer of de reek.

De dea fan Abimêlek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De dea fan Abimêlek
Gustave Doré (1832–1883)

Abimêlek krige no de smaak te pakken en gie fuortendaliks troch nei de stêd Tebes (mooglik it hjoeddeiske Tubas) om dy op 'e selde manier te oerweldigjen. Doe't de minsken dêr ek yn in toer flechten, woe Abimêlek ek dy toer yn 'e brân stekke. Mar doe't er krekt tichteby de doar fan 'e toer stie, smiet in frou in boppeste mûnestien nei ûnder, dy't him swier ferwûne. Om tefoarren te kommen dat hy de skiednis yngean soe as in kening dy't troch in frou deade wie, koe de kening noch krekt in wapendrager hjitte dat er him mei in swurd deastekke moast. Dêrmei kaam in ein oan it libben en de tiranny fan Abimêlek.

Sa kaam de flok fan Jotam út: it fjoer dat fan Abimêlek útgien wie, fertarde de lju fan Sichem, mar lang om let waard er sels ek ferneatige.

Kening of rjochter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alhoeol't de Bibel skriuwt dat Abimêlek trije jier "hearske oer Israel" (Rjochters 9:22), tinke in soad skiedkundigen dat syn macht fral beheind wie ta de omkriten fan Sichem en Manasse. Hy wie dus nei alle gedachten gjin kening oer alle tolve stammen sa't Saul dat letter wie. In grut ferskil mei oare keningen is dat God him net ta kening roppen hie, mar troch geweld en moard de macht grypte. Yn 'e parabel fan 'e beammen fan syn broer Jotam wurdt er mei in toarnbosk (stikelbosk) ferlikene. In toarnbosk jout gjin frucht en gjin skaad, mar kin wol in hiel bosk yn 'e brân stekke. Yn offisjele listen fan 'e keningen fan Israel wurdt meastentiids mei Saul begûn. Abimêlek wurdt fakentiden tusken de rjochters set, mar dan as it tsjinstelde fan wat in rjochter wêze moatte soe.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rjochters 9

Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje