Springe nei ynhâld

Abdij fan Fontefraud

Ut Wikipedy
Abdij fan Fontefraud
Abbaye de Fontefraud
   kleaster
Lokaasje
lân Frankryk
regio Pays de la Loire
departemint Maine-et-Loire
plakFontevraud-l'Abbaye
koördinaten47° 10' N 0° 3' E
Kleastergegevens
denominaasjeRoomsk-Katolike Tsjerke
oprjochting1101
oprjochterRobert fan Arbrissel
opheffing1789(Frânske Revolúsje)
Ynformaasje bou
monumintale statusUNESCO-wrâlderfgoed.
Webside
Offisjele side fan 'e abdij
Kaart
Abdij fan Fontefraud (Frankryk)
Abdij fan Fontefraud

De Abdij fan Fontefraud is in earder kleasterkompleks yn it departemint Maine-et-Loire yn Frankryk. It kleaster waard yn 1101 stifte troch Robert fan Arbrissel († 1117) en bleau oant it opheffen fan 'e Oarder fan Fontefraud yn 1789 mei de Frânske Revolúsje aktyf. Sûnt it jier 2000 is it kleaster UNESCO-wrâlderfgoed. Eartiids waard it plak as Fontefraut stavere.

De keuken fan 'e abdij.

It kleaster waard yn 1101 stifte troch de reizgjende preker Robert fan Arbrissel. It kleaster bloeide en waard it sintrum fan in nije kleasteroarder, de Oarder fan Fontevraud. Dy oarder bestie út dûbelkleasters, wêryn't de mienskip sawol út manlju as froulju yn aparte seksjes fan 'e abdij bestie. It kleaster waard laat troch in abdisse. De leden kamen meast út 'e adel en ûnder de abdissen wiene ferskillende prinsessen. Ta de grutte abdissen dy't de abdij hie hearde ek Gabrielle de Rochechoart, de suster fan Madame de Montespan dy't de maîtresse fan kening Loadewyk XIV wie. It kleaster folge de regel fan Benediktus en waard benammen rynsk begeunstige troch de Plantagenêts, dy't de abdijtsjerke as lêste rêstplak keazen. De earste permaninte gebouwen ûntstienen tusken 1110 en 1119.

Oan 'e ein fan 'e 12e iuw klage de abdisse fan Fontevrault, Matilda fan Flaanderen (1189–1194), oer de ekstreme earmoed fan 'e abdij. As gefolch dêrfan mochten de nonnen yn striid mei de kleastergewoante yn 1247 erfenissen ûntfange om sa ynkommen te generearjen. De kwetsbere ekonomyske basis fan 'e oarder waard noch slimmer troch de Hûndertjierrige Oarloch, dy't de hiele 14e iuw duorre. By in tsjerklike besite oan fyftich fan 'e priorijen fan 'e oarder yn 1460 die bliken dat de measten hast net bewenne wiene of leech stienen.

Fanwegen finansjele druk waarden de jongste fjouwer fan 'e seis dochters fan Loadewyk XV nei de abdij stjoerd om dêr grutbrocht te wurden. Hja bleaunen dêr oant hja 15 jier waarden.

Kapittelseal.

Mei de Frânske Revolúsje waard de oarder opheft. Yn novimber 1789 waarden alle eigendommen fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke ta steatsbesit ferklearre. Op 17 augustus 1792 joech in revolúsjonêr dekreet opdracht ta de evakuaasje fan alle kleastermienskippen, dy't foar 1 oktober 1792 foltôge wêze moast. Yn dy tiid wennen der noch sa'n 200 nonnen en in lytse mienskip fan muontsen yn Fontevraud. De lêste abdisse, Julie Sophie Charlotte de Pardaillan d'Antin, soe yn 1797 yn Parys yn earmoed ferstoarn wêze. De abdij waard yn 1804 in finzenis.

De finzenis wie ornearre foar 1000 finzenen en dêrfoar moasten der feroaringen plakfine, lykas de bou fan nije barakken en de transformaasje fan kleastergebouwen ta sliepsealen, wurkpleatsen en mienskiplike foarsjennings. De earste finzenen - manlju, froulju en bern - kamen yn 1814 yn Frontefraud oan. Lange om let waarden der sa'n 2.000 minsken fêstset, wêrtroch't de finzenis in strienminne reputaasje krige. Nei Clairvaux (ek in eardere abdij) wie Fontefraud wat de omstannichheden oanbelanget de meast beruchte finzenis fan it lân. Politike finzenen waarden ûnderwurpen oan 'e swierste omstannichheden. Under it Vichy-regear waarden guon finzenen fan it Frânske ferset dêr deasketten.

Yn 1963 waard it kompleks oan it Frânske Ministearje fan Kultuer skonken en waard in grutte restauraasje útfierd. Yn 1975 waard it Centre culturel de l'Ouest oprjochte om de abdij foar de takomst te behâlden. It kompleks waard yn 1985 iepene foar it publyk. De restauraasje fan 'e abdijtsjerke neffens de eardere restauraasje ûnder de arsjitekt Lucien Magne waard yn 2006 foltôge.

Gisant fan Richard Liuwehert.

De abdijtsjerke is in romaansk bouwurk dat yn 'e 12e iuw boud waard. Paus Kalikstus II wijde yn 1119 it koer, de koeromgong, it dwersskip en de toer yn. De bou fan it skip folge dêrnei en waard yn 1128 foltôge. Fral de kapitelen fan it skip binne it besjen wurdich.

Yn it skip steane de gisants fan 'e Plantagenêts, it Ingelske keningsskaai dat fan Anjou ôfkomstich wie. De tombes sels binne net bewarre bleaun. It binne de resten fan 'e ingelske kening Hindrik II, syn frou Eleonoare fan Akwitaanje, harren soan Richard Liuwehert en harren skoandochter Isabella fan Angoulême.

De grutte kleastergong datearret lykas de kapittelseal út de 16e iuw en is in mingstyl fan gotyk en renêssânse.

Tige opmerklik is de Tour d'Évraud, in 27 m heech keukengebou mei in systeem fan skoarstiennen. It is de iennige romaanske keuken dy't yn Frankryk bewarre bleau.

Yn 'e oanbuorjende parochytsjerke fan Sint-Michael wurde noch in oantal keunstwurken út de abdij bewarre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: en:Fontevraud Abbey.