Abdij fan Cluny
| Abdij fan Cluny Abbaye de Cluny | ||
| Wapen | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| regio | ||
| departemint | ||
| plak | Cluny | |
| koördinaten | 46°40'N 4°42'E | |
| Kleastergegevens | ||
| denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| oarder | Benediktinen | |
| oprjochting | 909 of 910 | |
| oprjochter | Willem I fan Akwitaanje | |
| opheffing | 1790(Frânske Revolúsje) | |
| patroanhillige | Petrus en Paulus | |
| Ynformaasje bou | ||
| boujier | 12e iuw | |
| boustyl | romaanske arsjitektuer. | |
| monumintale status | Histoarysk monumint | |
| Webside | ||
| www.cluny-abbaye.fr | ||
| Kaart | ||
De Abdij fan Cluny is in benediktynsk kleaster tichteby de stêd Cluny, sawat 90 kilometer benoarden Lyon. Yn 'e midsiuwen hie Cluny in ûnbidich grutte ynfloed op it religieuze, politike, kulturele en maatskiplike libben fan Europa. De abdij wie de driuwende krêft efter in grutte herfoarmingsbeweging yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, de Oarder fan Cluny, dy't him tusken 900 en 1200 oer in grut part fan West-Europa fersprate. Cluny wie yn 'e midsiuwen it memmekleaster fan likernôch 1400 kleasters en priorijen en likernôch 10.000 muontsen.[1] Fan dat netwurk fan kleasters binne hjoed-de-dei 200 lokaasjes yn sân ferskillende Europeeske lannen oerbleaun yn Frankryk, Spanje, Itaalje, Ierlân, Ingelân, Dútslân en Switserlân. Sûnt 2023 krewearret Frankryk der foar om dat netwurk yn it wrâlderfgoed fan UNESCO op te nimmen.[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De abdij waard yn 909 of 910 troch Willem I fan Akwitaanje stifte, de hartoch fan Akwitaanje. Willem I stelde it kleaster streekrjocht ûnder de paus, sadat it kleaster eksempt (= ûntlutsen) wie oan 'e biskop en ek frij fan bemuoiïng fan wrâldske machtshawwers. Dat wie nedich om't kleasters har ûntwikkelen ta wichtige religieuze en kulturele sintra en bedrige waarden troch politike ûnrêst as gefolch fan it ynstoarten fan it Karolingyske Ryk. Feodale machtshawwers besochten hieltiten mear ynfloed op it bestjoer fan kleasters út te oefenjen. Troch de stifting fan Cluny waard brutsen mei it feodale stelsel fan eigenkleasters (kleasters, wêrfan't de stifter it rjocht hie om in abt te beneamen.)
Willem I skonk de nije oarder wyngerds, lân, greiden, bosken, wetter, mûnen, lânbougrûn en ûnlân. Bysûnder wie dat Willem by de skinking in juridysk konsept tapaste dat de lieding fan 'e oarder in soad autonomy joech. Willem sette Cluny ûnder de beskerming fan 'e apostels Petrus en Paulus en spriek in flok út oer elkenien dy't de betingsten fan 'e oerienkomst skeinde. Om't de paus fier fuort yn Itaalje wie, betsjutten dy betingsten dat it kleaster feitlik selsstannich wie.
Cluny wie in mienskip fan libbenen en deaden. Doe't de oarder yn 910 troch Berno, abt fan it benediktynske kleaster yn Baume-les-Messieurs, stifte waard, wie it fan it begjin oan dúdlik dat it sieleheil fan ferstoarnen op it earste plak stie. Ek Willem fan Akwitaanje hope mei syn rynske jeften it ivige libben feilich te stellen. Wa't troch syn jeften opnommen waard yn 'e bruorremienskip fan Cluny, de societas et fraternitas, wie der wis fan dat er ûnderdiel wie fan 'e goede wurken fan 'e muontsen en dat der tenei - ek nei syn ferstjerren - foar him bidden waard.[3]

Under abt Odo (872-942) sette de earste bloeiperioade fan it kleaster útein. Odo lei de klam op it neilibjen fan 'e foarskriften út 'e hantlieding foar kleasteroarders, de Regula Benedicti (Regel fan Benediktus), yn 'e fariant fan Benediktus fan Aniane. Der waard fral klam lein op it earste diel fan 'e foarskriften, gearfette as Ora et labora (bid en wurk). Dêrmei waard in goed funksjonearjende kleasterdissipline opboud. Under abt Odo waarden hûnderten kleasters ûnder Cluny steld. It grutte gebiet oan lân en bosk levere in goed ynkommen op en in part dêrfan waard oan goede wurken bestege. Leken koenen tsjin in fergoeding fan guod of jild missen opdrage litte foar harsels of foar oaren, sels nei ferstjerren. Neffens de oerlevering wie it Odilo fan Cluny (961-1049), abt fan Cluny, dy't yn 998 it beslút naam dat ferstoarne leauwigen betocht wurde moasten. Hy wie dêrmei de grûnlizzer fan Aldersielen, dat yn opdracht fan 'e paus sûnt de 14e iuw yn 'e hiele Roomsk-Katolike Tsjerke ynfierd waard.
De Abdij fan Cluny spile ek in wichtige rol by de fersprieding en útfiering fan Pax et Treuga Dei, de Godsfredebeweging. Dy beweging woe in ein meitsje oan it geweld fan lokale feodale hearen. De tsjerke besocht dêrmei ferskillende groepen (gewoane minsken, boeren, keaplju) te beskermjen tsjin eigenmachtich geweld fan grutgrûnbesitters of ridders troch te driigjen mei ekskommunikaasje.
De Godsfredebeweging (Pax Dei of Pax et treuga Dei) wie in fredesbeweging dy't tn 989 útgie fan 'e abdij fan Cluny tsjin it geweld fan lokale feodale hearen yn it westlike diel fan it Karolingyske Ryk.

De gouden tiid fan Cluny wie ûnder abt Hugo (1024-1109), dy abt Odilo opfole. Hy waard abt yn 1049 en wie ien fan 'e langstsittende en meast ynfloedrike abten. Yn 1087 joech abt Hugo opdracht om de grutste tsjerke fan 'e kristenheid te bouwen en hy betroude dat wurk ta oan Hézelon, in út Luik ôfkomstige muonts en wiskundige.
De abdij stipe de ferearing fan Sint-Jakobus en de beafeart nei Santiago de Compostella troch de help mei de organisaasje fan pylgerrûtes en de bou en it ûnderhâld fan hospises en ynfrastruktuer. Cluny stie oan it haad fan hûnderten kleasters oan 'e rûte nei Santiago de Compostella en oant hjoed-de-dei is de ynfloed fan 'e arsjitektuer fan Cluny te merkbiten.

Nei trije iuwen wie it dien mei de grutte bloei. Cluny joech in soad jild út oan grutte bouprojekten, fral oan 'e bou fan de tredde kleastertsjerke (Cluny III), sûnder dat der genôch ynkomsten foaroer stienen. Ek de útjeften foar de sosjale soarch gyngen omheech. Fierder krige Cluny te meitsjen mei konkurrinten, lykas de Sistersjinzers en de biddeloarders (Fransiskanen en Dominikanen). De krityk groeide ek yn 'e 12e en 13e iuw dat der brek wie oan dissipline en monastike fokus. Bernardus fan Clairvaux klage oer de ûntspoaring fan 'e oarpronklike idealen. De oarloggen fan 'e lette midsiuwen en de Hûndertjierrige Kriich en religieuze konflikten fan 'e 16e iuw makken Cluny noch swakker, sadat de betsjutting fan it kleaster foar West-Europa fierder ôfnaam.
Frânske Revolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei it útbrekken fan 'e Frânske Revolúsje kaam der in ein oan it kleasterlibben. Yn 1790 feardige de revolusjonêre Nasjonale Fergadering in dekreet út, wêryn't in soad religieuze oarders ôfskaft waarden. Ek Cluny waard ûntbûn om't de oarder net op ûnderwiis rjochte wie. De iuwelange kleasterdissipline einige fuortendaliks en de lêste muontsen koenen allinnich noch in lêste misse op 25 oktober 1791 fiere. Dêrnei waarden de muontsen ferdreaun en moasten hja earne oars in hinnekommen sykje, meastentiids yn parochy's of as leken tusken de minsken.

De abdij, de grûn en oar besit waard ta biens nationaux (nasjonaal besit) ferklearre. Sûnt 1798 waarden de gebouwen ferkocht oan partikulieren, dy't in soad gebouwen ôfbrieken en dêrûnder ek it grutste part fan 'e ûnbidich grutte kleastertsjerke. De poerbêste stien waard brûkt om hûzen, brêgen en oare konstruksjes yn 'e omkriten te bouwen. De argiven en rike bibleteek waard foar in part ferbaarnd. Wat der oerbleau fan 'e kleastertsjerke is likernôch 10% fan 'e oarspronklike tsjerke fan foar de revolúsje. It bêst bewarre kleastergebou is it moalpakhûs (Le Farinier).
Yn 1928 binne opgravingen útfierd ûnder lieding fan 'e Amerikaanske archeolooch Kenneth J. Conant mei stipe fan 'e Medieval Academy of America. De resten fan pylders fan 'e ferneatige tsjerke jouwe it formaat fan it eardere gebou oan. Yn it Musée d’Art et d’Archéologie yn Cluny binne noch in soad objekten te sjen út de eardere abdij.
Maior Ecclesia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Troch de macht en de rykdom fan it kleaster koene der yn 'e rin fan 'e tiid trije tsjerken boud wurde. De resten dy't der hjoed-de-dei noch steane binne fan dy tredde tsjerke (Cluny III). Dy as de Maior Ecclesia bekende tsjerke tsjinne as model foar in soad oare tsjerken yn en bûten Frankryk. De bou dêrfan sette útein yn 1088 troch de abten Hugo en Petrus Venerabilis. De om 1130 hinne foltôge kleastertsjerke wie de grutste tsjerke fan 'e kristenheid en sels noch grutter as de measte katedralen. Dat bleau sa oant de bou fan 'e Sint-Piter yn Rome yn 'e 16e iuw.
De tsjerke wie likernôch 187 meter lang en de ferwulften wienen 30 m heech, foar dy tiid útsûnderlik heech. It gebou hie fiif skippen, twa dwersskippen, in koer mei in koeromgong en meardere straalkapellen om it eastlike ein. Oan 'e westlike kant hie de tsjerke in portaalhal mei oan wjerskanten twa tuorren. Meiïnoar hie de tsjerke sân tuorren.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: en:Cluny Abbey.
|
