Abdij fan Ardenne

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Abdij fan Us-Leaffrouwe fan Ardenne

Abbaye Notre-Dame d'Ardenne

Abdijtsjerke
Abdijtsjerke
lokaasje
lân Flag of France.svg Frankryk
regio Flag of Normandie.svg Normandje
departemint Flag of Calvados.svg Calvados
plak Saint-Germain-la-Blanche-Herbe
adres 9
bysûnderheden
boujier 1121
boustyl Gotyk
monumintale status Logo monument historique - 2017.png Histoarysk monumint
Webside
Abdij op de side fan IMEC-archives

De Abdij fan Us-Leaffrouwe fan Ardenne (Frânsk: Abbaye Notre-Dame d'Ardenne) is in eardere premonstratinzerske abdij yn Frankryk. De abdij waard yn de 11e iuw stifte en stiet by Saint-Germain-la-Blanche-Herbe yn it departemint Calvados yn de omkriten fan Caen. Tsjintwurdich makket it Institut mémoires de l’édition contemporaine gebrûk fan de gebouwen. Under de gebouwen dy't bewarre bleaun binne is de abdijtsjerke. De gebouwen binne yn 1912 klassifisearre as histoarysk monumint.

Yn juny 1944 eksekútearre de 12. SS-Panzer-Division Hitlerjugend yn opdracht fan Kurt Meyer 20 Kanadeeske kriichsfinzenen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjintwurdich noch âldste gebou fan de abdij": de Poarte fan Bayeux

Neffens de leginde waard de abdij troch de fromme Ayulphe du Marché en syn frou Asseline stifte, nei't hja in fizioen fan de Jongfaam Marije hiene, dy't har opdroech in kapel op dat plak te bouwen. Hja kochten sân hektare lân en stiften dêr in priorij, dy't ûnder lieding fan de kanunnik Gilbert fan Pikardje stie. Yn 1138 waard de romaanske tsjerke, dy't de oarspronklike kapel ferfong, ynwijd troch de biskop fan Bayeux, Richard III fan Kent.

Om't de priorij sûnt 1144 ûnder de abdij fan La Lucerne foel, waard de regel fan Sint-Norbertus ynfierd. Yn 1160 waard de priorij in selsstannige abdij. Abt Robert krige in skinking fan in stiengroeve yn Bretteville-sur-Odon, in wichtige oanwizing foar it útfieren fan grutskalige bouaktiviteiten yn de 12e iuw.

Midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Midsiuwske tsiendeskuorre

De abdij fan Ardenne Abbey groeide hurd en krige ferskillende priorijen: yn 1291 de priorij fan Sint-Finsintius fan Lebisey (Hérouville Saint-Clair), tsjin it ein fan de 12e iuw de priorij fan de Hermitaazje (Saint-Martin-des-Besaces) en yn 1328 de priorij fan Sint-Tomas (Lion-sur-Mer). Ardenne hie boppedat it rjocht om de preesters fan tolve parochy's yn Calvados en Orne te beneamen.

Op 23 febrewaris 1230 stoartte it koer fan de tsjerke yn. Dêrby fûnen 23 kanunniken de dea wêrûnder ek de tredde abt fan de abdij, Nicolas. De ramp brocht bliuwend in feroaring oan it ûntwerp fan de abdijtsjerke.

Hûndertjierrige Kriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 14 desimber 1417 moasten de muontsen nei Caen flechtsje om oan de plondering fan de abdij te ûntkommen. Op 5 juny 1450 waard de abdij by it belis fan Caen beset troch troepen fan Karel VII. De troepen ferlieten de abdij wer doe't de Ingelsen op 15 july de abdij ynnamen. Doe't de kriich foarby wie liet abt Robert Chartier in kleastergebou en de kleastergong op 'e nij bouwe.

Yn de 16e iuw waard it kommende-rezjym ynsteld en dêrmei wie de gloarjetiid fan de abdij foarby. De Frânske godstsjinstkrigen twongen de muontsen twa kear te flechtsjen nei Caen. It wie fral yn 1562 dat de abdij slim skeind waard; de gebouwen waarden plondere en der wiene gjin muontsen mear, wylst de abdijtsjerke as stâl tsjinst die. Heechút bewenne troch twa of trije muontsen bleau de abdij foar in lange skoft yn ferfal. Stadichoan kaam de monastike mienskip wer op gong en yn 1587 wie der wer in gruttere besetting. Prior Jean de la Croix, dy't yn 1596 út de abdij fan Belle-Étoile kaam, boude de abdij njonken materiële ek yn geastlike sin wer op. Hy bleau hast 58 jier abt fan it kleaster fan Ardenne.

De abdij yn 1702
Houten ribferfulft

De restauraasje fan de abdij duorre oant yn de 17e iuw. Yn 1609 waard de tsjerke ynwijd. Dêrnei folge de bou fan in nij dormitoarium, in bibleteek en in nij alter. Under abt Jean de la Croix makke de abdij op 'e nij in tiid fan bloei troch. Nettsjintstseande grutte wjerstân hie de abdij de herfoarmingsstatuten fan Pont-à-Mousson oannommen. Ardenne waard de machtichste premonstratinzer abdij fan Normandje en it tal muontsen naam yn 1628 ta oant 30. Jean de la Croix ferstoar op 4 jannewaris 1654 en waard yn de abdijtsjerke begroeven. Nei alle gedachten liet abt Jean de la Croix ek de bôgen fan de goatyske kleastergong tichtmitselje om de galerij tsjin de eleminten te beskermjen. By de dea fan de abt waard der fierder wurke oan de renovaasje fan de abdij. De Porte Saint-Norbert, dy't fanút it noarden tagong jout ta de abdij, waard yn 1672 foltôge. Yn 1686 waarden de net mear besteande stiennen ferwulften ferfongen troch houten ferwulften en tsjin de noardlike muorre fan de tsjerke waarden twa kapellen boud.

Frânske Revolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De plattegrûn fan de abdij tsjin it ein fan de 18e iuw

De muontsen waarden yn de tiid fan de Frânske Revolúsje út de abdij set en de kleastergebouwen waarden as nasjonaal eigendom yn 1791 oan in ynwenner fan Parys ferkocht. Yn 1795 waarden yn trije feilings it meubilêr en de rike kolleksje oan skilderijen ferkocht. It 18e-iuwske alter mei twa houten bylden fan Norbertus en Augustinus waard yn 1812 oerdroegen oan de Sint-Jehannestsjerke fan Caen. De abdij waard yn 1799 oankocht troch de Ingelsman William Russell, dy't der oant 1814 wenne. Hy makke fan de abdijtsjerke foar in skoft in protestantske tsjerke.

Sûnt 1814 wie it abdijgebiet ferdield ûnder ferskillende eigners. Trije lânboubedriuwen makken gebrûk fan de abdij en tusken 1820 en 1823 waarden de kleastergong en it grutste diel fan it yn 1711 foltôge gastenferbliuw ôfbrutsen. De Normandyske argeoloog Arcisse de Caumont wie der tsjûge fan dat der om 1830 hinne noch mear ôfbrutsen waard om stien te winnen foar de nije agraryske gebouwen op it abdijgebiet.

20e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1918 waard de wearde fan it erfgoed erkend en krigen de tsjerke en oare gebouwen de status histoarysk monumint, wylst noch in oar part yn 1947 folge.

Ynterieur abdijtsjerke

Yn de Twadde Wrâldkriich brûkte ien fan de eigeners de gebouwen foar it opslaan fan wapens foar it ferset, oant it terrein romme wurde moast om plak te meitsjen foar Dútske soldaten, dy't de tuorren brûkten om de omkriten oant de see ta te observearjen. De abdij leit nammentlik op in heech punt fan 67 meter yn it fierders flakke lân.

Yn juny 1944 brûkte de 12e SS-Panzer-Division Hitlerjugend ûnder lieding fan Kurt Meyer de abdij foar de tsjinoanfal by de Slach om Caen. In soad Kanadeeske soldaten dy't by de slach finzen nommen wiene, waarden nei de abdij oerbrocht. Fan har soene meiïnoar 20 manlju eksekútearre wurde. Kurt Meyer waard yn septimber 1944 yn Belgje finzen nommen troch it ferset. Hy moast foar in Kanadeesk militêr tribunaal ferskine en waard foar skuld oan trije fan de fiif oanklachten ta de dea feroardiele, mar syn straf waard ta libbenslang omset en yn 1954 wied er al wer frij fanwegen syn goede hâlden en dragen. Meyer gyng werom nei Dútslân en ferstoar dêr yn'e âldens fan 51 jier yn 1961 oan in hertoanfal.

De abdij hie by de befrijing midden yn de gefjochten stien en wie slim skeind, fral de midsiuwske tsiendeskuorre. Der waard fuort útein set mei de restauraasje mar yn 1947 stoartte de gevel fan de tsjerke yn, dy't neitiid fannijs opboud waard.

Oant it begjin fan de jierren 1990 bleau de abdij ferdield oer trije eigners, mar yn de jierren 1980 kocht de regio Normandje it hiele gebiet en sette mei in grutte restauraasje útein. Sûnt de jierren 1990 makket it Institut mémoires de l'édition contemporaine (IMEC) gebrûk fan de abdij. De tsjerke waard ferboud ta bibleteek. De tsiendekuorre waard ferboud ta in romte foar útstalling, konserten en gearkomsten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.