Abd-al-Kurimosk
| Abd-al-Kurimosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Passer hemileucus | ||||||||||||
| Sclater, PL & Hartlaub, 1881 | ||||||||||||
| IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Abd-al-Kurimosk (Passer hemileucus) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Abd-al-Kurimosken wurde 13 oant 14 sm lang en ha in soad fan 'e Sokrotamosk. Eartiids waard de fûgel ta deselde soarte rekkene. Ek hat er in soad fan 'e Sindmosk. It mantsje hat grize boppedielen en in streke rêch. De boppedielen fan 'e wjukken binne swarteftich oant donkerbrún, mei bêzje oant waarmbrune rânen oan 'e fearren, kastanjebrune lytse dekfearren, grize úteinen oan 'e middelse dekfearren, smelle bêzje úteinen oan 'e grutte dekfearren en in lyts ljocht plak oan 'e basis fan 'e hânfearren. Op 'e kop is in kastanjebrune wynbraustreek te sjen boppe in swarteftige eachstreek, dy't beide nei efteren bûgje om 'e earfearren. It wyfke is wat lytser mei ljochtbrún of waarmbêzje yn stee fan kastanjebrún.
De Abd-al-Kurimosk ferskilt fan 'e Sokotramosk troch in ljochter en in minder grut plak op 'e kiel, in wyteftige yn stee fan griisswarte boppekant fan it boarst en in hast folslein wite ûnderkant yn stee fan ljochtgrize ûnderkant. Oan 'e boppekant hat er in opfallende wite wjukbân, in smellere eachsstreek en ljochter griis op 'e krún mei minder dúdlike streken. It wyfke hat gjin griis kielplak lykas it wyfke fan 'e Sokotramosk.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Abd-al-Kurimosken binne endemysk op it Jemenityske eilân Abd Al-Kuri foar de kust fan Somaalje. Foarhinne waard de fûgel as ûndersoarte fan 'e Sokotramosk (P. insularis) behannele en guon dogge dat noch jimmeroan.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in tige lyts ferspriedingsgebiet en in wrâldpopulaasje fan neffens rûzing 250 oant 1000 folwoeksen fûgels. Der wurdt boppedat oannommen dat de soarte yn oantal ôfnimt. De IUCN klassifisearret de soarte as kwetsber (Vulnerable, 2022).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
