Abby Lee Brazil

Ut Wikipedy
Abby Lee Brazil
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Abbey Lee Brazil, Abby
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Brazyljaansk
berne 8 septimber 1989
berteplak Belo Horizonte (Minas Gerais)
etnisiteit Brazyljaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2014 – no
offisjele webside
www.abbyleebrazil.com

Abby Lee Brazil, echte namme ûnbekend (Belo Horizonte (Minas Gerais), 8 septimber 1989), is in Brazyljaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Abbey Lee Brazil. Hja hat ek wol wurke ûnder de skûlnamme Abby. Brazil begûn yn 2014 oan in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Abby Lee Brazil waard yn 1989 berne yn 'e stêd Belo Horizonte, yn 'e Brazyljaanske dielsteat Minas Gerais. Yn 2014, doe't se 25 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat sûnt yn in fyftichtal films spile. Dêrby wie Brazil frijwol útslutend aktyf yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Sûnt 2014 hat Brazil wurke foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, New Sensations, Jules Jordan Video en Wicked Pictures. Teffens hat se wol spile yn produksjes fan minder bekende studio's, lykas Girlfriends Films, Mile High Media en Pure Play Media. Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Reality Kings, BangBros en Naughty America.

Brazil hat gearwurke mei kollega-aktrises as Briana Banks, Cassidy Banks, Mercedes Carrera, Ashley Fires en Tanya Tate, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, James Deen, Manuel Ferrara, Mr. Pete en Criss Strokes. Njonken har aktearwurk is se ek aktyf as neakenmodel en as stripper.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Abby Lee Brazil is in Latina fan blank en Yndiaansk ras, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m lang, mei in gewicht fan 57 kg, en in natuerlike kupmaat 34C. Behalven piercings troch har earlellen hat se ek in nâlpiercing en in piercte klitoris. Fierders hat se op har lofterside in grutte floral-tatoeaazje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: