Springe nei ynhâld

Abbey Lincoln

Ut Wikipedy
Abbey Lincoln
artyst en/of kabaretier
Abbey Lincoln yn 1966
Abbey Lincoln yn 1966
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne6 augustus 1930
berteplakChicago
stoarn14 augustus 2010 (80 jier)
stjerplakChicago
wurkpaad
wurksum asSjonger, aktrise, boargerrjochte-aktivist
jierren aktyf1956-2007
offisjele webside
IMDb-profyl
Allmusic-profyl
Abbey Lincoln by in konsert, 1992

Abbey Lincoln, berne as Anna Marie Wooldridge, (Chicago, 6 augustus 1930 - dêre, 14 augustus 2010) wie in Amerikaanske jazzsjongster, lietsjeskriuwster en aktrise. Fan in barsjongeres ûntwikkele se har mei har waarme altstim ta in "polityk alerte, sosjaal bewuste en pretinsjeleaze" lietefertolker dy't "de earlike tradysje fan Billie Holiday op in orizjinele wize trochsette" (Down Beat). [1]

Lincoln waard berne op 6 augustus 1930 yn Chicago, mar groeide op yn Calvin Center, Cass County, Michigan op in pleats. Sy wie ien fan 12 bern.

Doe't se har ûnôfhinklikens as artyst berikte, ferbûn se har mei de Black Power Movement. Har earste muzikale bydrage oan dy beweging wie it album We Insist! Freedom Now út 1960. Op dit album wurke se gear mei har takomstige partner Max Roach en oare muzikanten lykas Booker Little en Coleman Hawkins. Fan dit album ôf wie se ûnskiedber ferbûn mei de striid tsjin diskriminaasje tsjin minsken fan kleur yn Amearika.

Abbey Lincoln waard yn 1969 nominearre foar in Golden Globe Award foar har rol yn For Love of Ivy.

Yn 2007 ûndergie Lincoln in iepenhertoperaasje. Lincoln ferstoar op 14 augustus 2010 yn in ferpleechhûs yn Manhattan, New York, acht dagen nei har 80e jierdei. Der waard gjin offisjele deadsoarsaak jûn.

Kar-út:

  • Abbey Lincoln's Affair: A Story of a Girl in Love (1956)
  • That's Him - (1957)
  • It's Magic - (1958)
  • Abbey Is Blue - (1959)
  • Straight Ahead - (1961)
  • People in Me - (1973)
  • Painted Lady - Blue Marge 1003 (1980)
  • Golden Lady - (1980)
  • Talking to the Sun - (1983)
  • Abbey Sings Billie, Vol. 1 & 2 - (1987)
  • The World Is Falling Down - (1990)
  • You Gotta Pay the Band - (1991)
  • Devil's Got Your Tongue - (1992)
  • When There is Love - (1992)
  • A Turtle's Dream - 1994 - Verve
  • Painted Lady (mei Archie Shepp) - (1995)
  • Who Used to Dance - (1996)
  • Wholly Earth - (1999)
  • Over the Years - (2000)
  • It's Me - (2003)
  • Abbey Sings Abbey - (2007)
  • The Girl Can't Help It (1956)
  • Nothing But a Man (1964)
  • For Love of Ivy (1968)
  • Short Walk to Daylight (1972)
  • Mo' Better Blues (1990)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. sitaat neffens Kunzler Jazz-Lexikon