Abbeville
| Abbeville | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Opper-Frankryk | |
| Departemint | Somme | |
| Boargemaster | Arrondissemint | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 22.395 (2023)[1] | |
| Oerflak | 26.42 km² | |
| Befolkingsticht. | 847,7 ynw./km² | |
| Hichte | 2-76 m | |
| Offisjele webside | ||
| www.abbeville.fr | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
Abbeville is in stêd yn it noarden fan Frankryk. It is de haadstêd fan it departemint Somme yn 'e regio Opper-Frankryk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 7e eeuw kapten Benediktynske muontsen út de omkriten de bosken yn 'e buert fan harren kleasters. De Frankyske kening Dagobert I skonk doe in part fan it bosk fan Crécy en de kluzerij dêr waard doe de abdij fan Saint-Riquier. Dat is ek de berteakte fan 'e abdijfjilden fan Abbeville. De namme Abbeville komt fan it Latyn en betsjut 'fjild fan abten' (fan Saint-Riquier).
De earste histoaryske fermelding fan 'e stêd datearret fan 831 nei Kristus. Yn dy tiid wie Abbeville net mear as in lyts eilân yn 'e Somme, dat bewenne waard troch fiskers dy't dêr harren taflecht sochten en it eilân beskermen tsjin 'e ynvaazjes fan Wytsings út it noarden. Abt Angilbert boude in kastiel om it eilân better te ferdigenjen, dat fierder ôfhinklik wie fan 'e abdij fan Saint-Riquier. Sa waard Abbeville in wichtige fêsting foar de ferdigening fan 'e Somme.
In 992 fersterke kening Hugo Capet de stêd en joech dy oan syn dochter Gisèle by har houlik mei Hugo I, greve fan Ponthieu, dy't yn Montreuil wenne. Yn 'e midsiuwen wie Abbeville sadwaande ûnderdiel fan it greefskip Ponthieu. De stêd bloeide troch de lekken- en tekstylyndustry en krige stedsrjochten. Yn'e 14e en 15e iuw spile Abbeville in rol yn 'e konflikten tusken Frankryk en Ingelân, benammen yn 'e Hûndertjierrige Kriich. De stêd wie yn dy tiid in strategysk, bestjoerlik en symboalysk machtssintrum en wiksele ferskillende kearen fan hear.

De Ingelske macht yn Frankryk waard yn 'e 15e iuw stadichoan werom krongen en sûnt 1477 naam kening Loadewyk XI Abbeville yn en sûnt is Abbeville definityf Frânsk. Abbeville bleau fan belang troch de tekstylproduksje, de skipsbou en de hannel. Yn dy tiid fûnen ek belangrike bouaktiviteiten plak, lykas de bou fan 'e kollegiale tsjerke Sint-Wulfram, ien fan 'e moaiste foarbylden fan 'e flamboyante gotyk.
Lykas de measte oare plakken yn Frankryk waard de stêd ek troffen troch de politike ûnrêst en feroaringen yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje. De Wulframtsjerke waard as ûnderdiel fan it antytsjerklike belied yn juny 1791 sletten en yn 1793 waarden meubilêr fan tsjerken en religieuze objekten op it Place Saint-Pierre ferbaarnd. Dat plak waard tydlik in Timpel fan 'e Rede en op 8 juny 1794 fierden de revolúsjonêren dêr in seremoanje ta eare fan it Être Suprême, de Opperwêzenkultus, dy't yn 'e tiid fan 'e Terreur befoardere waard. De stêd hie yn 'e jierren 1794-1795 troch de ûntregeling te lijen fan honger.
Yn 'e 19e iuw groeide de stêd fierder, mar troch it fersânjen ferlear de haven stadichoan syn belang.
De stêd bleau yn 'e Earste Wrâldkriich efter it front en Frânsk grûngebiet, mar wie regelmjittich it doel fan bombardeminten en besjittingen fan 'e Dútsers. Abbeville tsjinne ek as Britsk haadkertier en logistyk sintrum foar de alliearden fanwegen de lokaasje oan 'e Somme en de dyk nei Boulogne en Parys. Der wienen ferskillende sikehûzen om de ferwûne soldaten te fersoargjen. Yn Abbeville lizze in soad grêven foar fallen Commonwealth-soldaten. Yn dy tiid wie Abbeville ek in depot foar weardefolle objekten en keunstwurken út risikogebieten.

Yn maaie 1940 waard by de Dútske ynfal in grut part fan 'e stêd ferneatige troch de bombardeminten fan 'e Luftwaffe. By de Dútske ynfal fermoarden Frânske troepen op 20 maaie 1940 21 politike finzenen fan ferskillende nasjonaliteiten om't se benaud wienen dat de Belgen mei de Dútsers gearwurkje soene. De Dútsers bouden by Abbeville fasiliteiten foar de V-1 fleanende bommen, sadat it gebiet in doel waard fan alliearde bombardeminten. De befrijing fan 'e stêd folge yn septimber 1944 troch Poalske en Kanadeeske troepen. Nei de oarloch folge de werbou fan it ferneatige sintrum yn moderne styl.
Hjoed-de-dei is Abbeville in regionaal sintrum mei kultuer en erfgoed en foar natuerleafhawwers tichteby de Baai fan 'e Somme.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Collégiale Saint-Vulfran (Kollegiale Sint-Wulframtsjerke) is in monumintaal tsjerkegebou út de 15e en 16e iuw mei in gevel yn de flamboyante gotyk. De tsjerke waard by de Dútske bombardeminten yn 1940 swier skansearre, mar is werboud.
- It belfort fan Abbeville foarmet mei oare Noardfrânske belforts ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed.
- De Église du Saint-Sépulcre (Hillich Grêftsjerke) is in âlde parochytsjerke mei moderne glês-yn-leadramen.
- In oare belangrike tsjerke is de Église Saint-Gilles (Sint-Egidiustsjerke), in tsjerke út 1414 dy't yn 1485 en 1528 fergrutte waard. De tsjerke is yn 'e styl fan 'e flamboyante gotyk en foar in grut part ferneatige by de Dútske bombardeminten, mar neitiid werboud.
- De Carmel d'Abbeville (Karmel fan Abbeville) bestiet út goed bewarre kleastergebouwen út de 17e en 18e iuw. Oarspronklik is it in kapusynsk kleaster. It kleaster kaam yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje leech te stean en yn 1821 namen Karmelitessen it kleaster oer. Hja bouden in nije kapel as ferfanging foar de kleastertsjerke dy't yn 'e Revolúsje ferneatige wie. Oant 1998 waard it kleaster bewenne, dêrnei hat de stêd de gebouwen oernommen.
- De Manufacture des Rames wie in keninklike tekstylfabryk út de 18e iuw. It fabryk bea wurk oan hûnderten arbeiders en droech eartiids by oan 'e groei fan Abbeville. Fan it fabryk stiet noch it monumintale haadgebou, dat yn 'e regel oantsjut wurdt as it Hôtel des Rames.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Bouche-de Perthes ynformearret oer archeology, skilderkeunst en regionale skiednis. It museum is ferneamd nei de Frânske amateurarcheolooch Jacques Boucher de Crèvecœur de Perthes.
Untwikkeling befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1793 | 1851 | 1876 | 1901 | 1926 | 1946 | 1954 | 1962 | 1982 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 18.125 | 19.158 | 19.381 | 20.388 | 20.320 | 16.780 | 19.502 | 22.005 | 24.915 |
| Jier | 1999 | 2009 | 2020 | ||||||
| Ynwenners | 24.567 | 24.325 | 22.895 |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
