Abbaye aux Dames

Ut Wikipedy
Abbaye aus Dames
Lokaasje
lân Frankryk
regio Normandje
departemint Calvados
plak Caen
adres Place Reine Mathilde
koördinaten 49° 11' N 0° 21' W
Kleastergegevens
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
oarde Benediktinen
oprjochting 11e iuw
opheffing 1791
patroanhillige Trije-ienheid
Ynformaasje bou
boujier 11e-18e iuw
boustyl romaanske arsjitektuer, klassisisme
Webside
Offisjele side fan de abdijtsjerke
Kaart
Abbaye aux Dames (Frankryk)
Abbaye aux Dames

De Abbaye aux Dames wie in benediktynsk frouljuskleaster yn de Frânske stêd Caen yn Normandje. It wie mei Abbaye aux Hommes yn 1060 ien fan de twa grutte abdijen dy't stifte waard troch Willem de Bastert, letter de "Oermasterer" neamd. Yn de oan de Trije-ienheid wijde abdijtsjerke leit sûnt 1083 it grêf fan Mathilde fan Flaanderen, de frou fan Willem de Oermasterer.

De âlde abdijtsjerke is sûnt 1840 in histoarysk monumint. Sûnt 1976 binne ek de kleastergebouwen klassifisearre as histoarysk monumint. Yn it abdijgebou hat it bestjoer fan de regio Normandje syn sit.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de reden fan de stifting fan de twa abdijen besteane twa ferhalen. De earste reden soe ferbân hâlde mei in sûnde fan it pear en de twadde soe polityk wêze.

De abdij yn 1702

Yn 1050 troude de hartoch fan Normandje mei Mathilde, de dochter fan de greve fan Flaanderen. Harren houlik wie troch paus Leo IX ferbean om't hja sibben fan inoar wiene. Neffens kronykskriuwers út dy tiid, Milon Crespin en Ordericus Vital, folge op it houlik in ekskommunikaasje. Yn ruil foar graasje fan paus Nikolaas II moast it pear twa benediktynske abdijen stiftsje. Beide abdijen waarden yn Caen stifte: de foar muontsen oan de hillige Stefanus wijde Abbaye aux Hommes en de foar nonnen oan de hillige Trije-ienheid wijde Abbaye aux Dames.

De twadde reden wie minder romantysk. Willem de Bastert hie yn it earste diel fan syn regear mei in soad wjerstân te krijen fan de baronnen fan Normandje. Hy besocht dêrom syn gesach oer Normandje te fersterken op it plak dêr't de wjerstân it grutst wie. Dat betsjutte de bou fan kastielen, mar ek abdijen, neffens in klassyk 10e-iuwsk skema yn Normandje. De twa abdijen fan Caen hiene yn dit systeem in befoarrjochte status. Fan de 18 abdijen dy't yn de tiid fan it regear fan Willen de Oermasterer stift binne, wiene der mar twa, dy fan Caen, dy't streekrjocht troch de hartoch stifte wiene. Alle oare abdijen wiene troch lokale hearen stifte en waarden neitiid troch de hartoch erkend. De stifting fan de Abbaye aux Hommes en de Abbaye aux Dames foarme sadwaande in ûnderdiel fan in breder polityk plan dat ta doel hie Caen foar de hartogen fan Normandje in bolwurk te meitsjen, op in plak dat tichter by it opskuorgebiet lei as Rouen, dat yn it eastlike diel lei fan it hartochdom. De lokaasje fan de abdijen waard nei alle gedachten keazen om de ferdigeningsposysje fan it kastiel fan Caen te fersterken.

Bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grêf fan Mathilde fan Flaanderen

It wurk oan de abdijtsjerke sette yn 1062 útein en wie yn 1130 foltôge. Wylst de abdijtsjerke noch net klear waard de tsjerke op 18 juny 1066 ynwijd op in stuit dat de baronnen en prelaten gearkamen yn Caen om in fjildtocht nei Ingelân ta te rieden. Mathilde ferstoar yn 1083 en har grêf is noch jimmeroan yn it koer fan de tsjerke te finen.

Yn de 17e iuw waard de abdij ûnder it bestjoer fan abdis Laurence de Budos twongen om strikter neffens de regels fan de benediktynske oarder te libjen. Yn de 18e iuw waarden de âlde kleastergebouwen ferfongen troch nijbou. It wurk begûn yn 1702, maar moast ôfbrutsen wurden yn 1737 fanwegen brek oan jild. Mei finansjele help fan de kening koe yn 1767 fierder wurke wurde.

It kleaster wie oan it begjin fan de Frânske Revolúsje yn in tige goede finansjele posysje. Mar om't de Frânske Revolúsje útbriek waard de kleastergong nea foltôge. Yn de 18e iuw wie it ferwulft útbrutsen en fernijd.

Nei de revolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Augustynske non fan it Hôtel-Dieu fan Caen

De benedikynske nonnen waarden mei it útbrekken fan de revolúsje yn 1791 út it kleaster ferdreaun. Yn 1823 waard ûnder de Restauraasje it kleaster wer befolke troch Augustinen, doe't de abdij it Hôtel-Dieu (hospitaal) fan Caen waard. De âlde abdijtsjerke wie yn dy tiid wijd oan Sint-Egidius (Saint-Gilles) en in parochytsjerke woarn. It skip fan de tsjerke waard yn 1865 restaurearre, in rekonstruksje fan de tuorren en de foargevel folge letter yn de 19e iuw. De Augustynske religieuzen bleaune dêr oant 1983.

By de alliearde bombardeminten op de stêd yn 1944 bleane de abdijgebouwen relatyf goed sparre, wylst de stêd slim troffen waard. In grutte restauraasje fan it ynterieur fûn plak yn de jierren 1990-1993.

Sûnt 2016 wurde de kleastergebouwen troch it regionale bestjoer fan Normandje brûkt.

Trije-ienheidtsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trije-ienheidstsjerke

De ôfmjittings fan de abdijtsjerke fan de Trije-ienheid binne sa útwrydsk net as dy fan de Stefanusabdij. It oerflak fan de tsjerke is 1.594 m² (80 meter lang en 19 meter breed yn it skip en 32 meter tusken de transepten. It skip is koarter, minder breed en minder heech, mar dat wurdt yn de Trije-ienheidstsjerke kompinsearre mei folle mear dekoraasjes as de Stefanustsjerke.

It haadportaal is fersierd mei in 19e-iuwske timpaan dat de Hillige Trije-ienheid foarstelle moat. Yn 1859 krige Adolphe-Victor Geoffroy-Dechaume de opdracht in reliëf te meitsjen fan 3,87 meter by 1,95, dat njonken in ferwizing nei de Trije-ienheid ek de fjouwer symboalen fan de evangelisten wjerjaan moast. It wurk wie yn 1862 klear, mar yn 1866 easke de biskop de ferneatiging fan it timpaan om 't de Tsjerke in foarstelling fan de Trije-ienheid yn de foarm fan trije persoanen ferbea. De monumintekommisje besleat lykwols yn it foardiel fan it keunstwurk en sa waard it dochs boppe it portaal oanbrocht.

It skip wurdt mei rûnbôgige arkades begrinzge mei dêr boppe in trifoarium dy't it ribferwulft ûnderstypje moat. It is de earste tsjerke yn Normandje dêr't in ribferwulft tapast waard. It noardlike transept is romaansk. Dêr is ek in apsis mei it tabernakel, de kapel fan it Hillich Sakramint. It súdlike transept hat goatyske pylders dy't yn romaanske dekoraasjes yntegrearre binne. It koer einiget yn in apsis mei fjouwer pylders en in galerij, dy't fersierd is mei fabelbisten. It koer rêst op in pylderrike krypte.

Keninginne Mathilde rêst yn in tombe yn it koer fan de tsjerke.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Abbaye aux Dames