Aartsingel Michaeltsjerke (Jaroslavl)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Aartsingel Michaeltsjerke

Архангельская церковь

Saint Michael's Church in Yaroslavl 01.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Yaroslavl Oblast.svg Jaroslavl
plak Flag of Yaroslavl.png Jaroslavl
adres Ul. Pervomajskaja 67
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke

De Aartsingel Michaeltsjerke (Russysk: Церковь Архангела Михаила) is in russysk-otterdokske tsjerke yn de stêd Jaroslavl, Ruslân. De tsjerke stiet tichteby it Kleaster fan de Transfiguraasje fan de Hear oan de kant fan de Kotorosl.

Katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan de tsjerke is te ferdielen yn twa fasen. Yn de midskiuwen tsjinne de tsjerke neffens de lokale oerlevering as it godshûs fan de prinsen fan it Foarstendom Jaroslavl. De muonts Pachomius stelde yn syn yn 1530 gearstalde wurk oer it libben fan de prinsen Vasili Vsevolodovitsj en Konstantin Vsevolodovitsj fêst dat Konstantin Vladimirski de Aartsingel Michaëltsjerke tagelyk liet bouwe mei de katedraal fan Jaroslavl. Dat soe dan bestjutte dat de tsjerke út it jier 1215 stamt.

13e iuwsk ikoan fan de Aartsingel Michaël (tsjintwurdich Tretjakovgalery)

Neffens in 18e iuwsk hânskrift, dat yn de tsjerke bewarre wurdt, datearret de bou fan de ynearsten ûnder de namme fan Tsjerke by de Poarte bekend steande tsjerke út de jierren 1213-1216. Dy earste tsjerke soe neffens it skriuwen oant 1295 bestien ha. Doe soe Anna, de twadde frou fan prins Fjodr de Swarte en de dochter fan Nogai Khan, it beslút nommen ha om in nije tsjerke te bouwen en dy as katedraal te wijen oan de aarstingel Michaël. Tsjintwurdich giet men der earder fan út dat de skoanheit fan Fjodr de Swarte net Nogai wie, mar in oare kahn fan de Gouden Binde, nammentlik Mengu Temur.

Ut de tiid fan prinses Anne binne oant hjoeddedei de folgjende ikoanen fan de tsjerke bewarre bleaun:

  • it ikoan fan de Aartsingel Michaël (nei de Oktoberrevolúsje út de tsjerke ferwidere en oerbrocht nei de Tretjakovgalery).
  • it ikoan fan Us Leaffrou fan Vladimir yn in sulveren skyld boppe de keninklike doarren fan de ikonostase.
  • it ikoan fan Us Leaffrou fan Smolensk (neffens de histoarikus Hilarion A. Tikhomirov (1861-1933) troch Fjordr de Swarte yn 1283 meinommen út syn bertestêd Smolensk).
  • it ikoan fan Antonius fan Egypte.

De hjoeddeiske tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de bou fan de tsjerke sa't dy der no stiet waard yn 1657 begûn. De bou duorre langer dan dy fan eltse oare tsjerke fan Jaroslavl en earst yn 1682 waard de tsjerke foltôge. Fanwegen de lokaasje yn in sloboda fan de Streltsy krige it godshûs de funksje fan garnizoenstsjerke. Njonken de lokaasje fan de tsjerke yn de buert fan de Streltsy spriek ek it patrocinium fan de tsjerke foar de nauwe bannen mei it leger: de aartsingel Michaël is nammentlik de patroanhillige fan wapendragers. Tidens de lange boutiid feroare de Jaroslavlse tsjerke-arsjitektuer en yn de Michaëltsjerke binne de eigenskippen fan de beide boustylen goed ferstjintwurdige.

Portaal

It grûnplan fan de Michaëltsjerke is hast identyk oan de oarspronklike bou fan de Jaroslavlse Nikolaas Nadeinatsjerke en de Elíatsjerke. De tsjerke wurdt droegen troch fjouwer pylders op in hege ûnderbou, dêr't guod foar de hannel fan de tichteby lizzende merk opslein wurde koe. Oan it noarden en it westen slute oan de fjouwerkante tsjerke mei trije absissen galerijen oan. Beide galerijen hiene oarspronklik in heech skildereftich foarportaal, wêrfan't allinnich it westlik portaal bewarre bleau. Op de noardwestlike hoeke fan de tsjerke is neffens de tradysje yn Jaroslavl de toer mei in tintfoarmige bekroaning boud. Der binne twa kapellen, ien op it noarden en ien op it suden. Ek it heechste diel fan de tsjerke is kenmerkend foar de Jaroslavlse tsjerkebou út de jierren 1670-1680: fiif foarse sipels mei yn de trommels ramen. De tradisjonele bôgen (de saneamde zakomar's) ûnder de koepels binne ferfongen troch in skeef dak, sadat de snie dêr net mear ophoopje koe en maklik fan it dak ôfglied en de fertikaliteit fan it bouwurk aksintuearre waard. De geveldekoraaasje bestiet út kaders om de iepeningen en kassetten mei yn it midden keramike tegels, dy't benammen oan de kant fan it foarportaal talryk binne.

De beskildering fan de muorren mei fresko's troch in groep lokale skilders ûnder lieding fan Fjodr Fedorov datearret fan 1731. Yn 1781 waard yn de súdlike galerij de waarme tsjerke ta eare fan de Ferkundiging ûnderbrocht. Yn oanfolling op de ikoanen besiet de tsjerke û.o. in weardefol sulveren krús mei in dieltsje hout fan it krús dêr't Kristus oan stoar en tsientallen oare reliken fan hilligen.

20e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Michaëltsjerke mei de net mear besteande poarte (ôfbyld ein 19e iuw)

De bolsjewiken sletten de Michaëltsjerke yn 1924 en fanôf dat momint begûn it ferfal. Weardefolle saken en âlde dokuminten waarden út de tsjerke stellen en dûkten letter yn musea op en de fresko's waarden ferskriklik skeind. De bakstiennen ôffreding bleau yn dizze tiid bewarre, mar sûnder de poarte.

Yn 1994 waard de tsjerke werom jûn oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. De wintertsjerke waard it earste restaurearre, wylst de simmertsjerke sletten bleau. Yn 2000 waarden de brânskildere ramen restaurearre en waard der foar in part op'e nij pleistere.

Alle jierren yn augustus is de Michaëltsjerke ien fan de lokaasjes fan it saneamde Transfiguraasjefestival. Tidens dit koar- en muzykfestival kinne musisi mei houten instruminten yn de tsjerke harren talinten demonstrearje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]