Aartsingel Michaeltsjerke (Irkûtsk)

Ut Wikipedy
Aartsingel Michaeltsjerke

Михайловская церковь

Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Irkûtsk
plak Irkûtsk
koördinaten 52° 16' N 104° 16' E
Arsjitektuer
boujier 1779-1790
boustyl Barok
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 3810045000
Webside
harlamp.ru
Kaart
Aartsingel Michaeltsjerke (Ruslân)
Aartsingel Michaeltsjerke

De Tsjerke fan de Aartsingel Michael (Russysk: Церковь Михаила Архангела; Tsjerkov Michaila Archangela) is in tusken 1779 en 1790 boude barokke tsjerke yn 'e Sibearyske stêd Irkûtsk, Ruslân. De tsjerke stiet ek bekend ûnder de namme fan 'e Tsjerke fan de Hillige Haralampos (Харла́мпиевская це́рковь) en heart ta de âldste otterdokske tsjerken fan 'e stêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas by de measte tsjerken fan Irkûtsk wie de oarspronklike foargonger fan de Michaeltsjerke fan hout boud. Tusken 1779 en 1806 waard de hjoeddeiske, twa ferdjippings tellende tsjerke boud. Oarspronklik wie de tsjerke allinnich oan 'e hillige Haralampos wijd, mar yn 1782 waard de ûndertsjerke wijd oan 'e aartsingel Michael en sa krige de hiele tsjerke de namme fan de aartsingel. Twa jier letter waard de noardlike kapel wijd oan Haralampos. Mei de tsjerke waard ek in klokketoer boud.

Op 6 augustus 1839 late in ierdskodding ta slimme skea oan it noardlike part fan 'e tjerke. Yn ferskillende jierren waarden der dêrnei reparaasjes oanbrocht. Yn 1948 moasten der noch mear reparaasjes útfierd wurde, foaral oan 'e klokketoer, dy't mooglik noch gearhongen mei de ierdskodding fan 1839. Yn de jierren 1850 fûnen der likegoed ferbouwings plak en dat wurk wie noch mar twa jier klear, doe't op 31 desimber 1861 Irkûtsk op 'en nij troffen waard troch in ierdskodding, de swierste yn de skiednis fan de stêd. In soad gebouwen waarden fernield, benammen hege gebouwen lykas de Michaeltsjerke. Nei in lange restauraasje wachte de tsjerke op 24 juny 1879 in nije ramp: in grutte stedsbrân ferneatige it hiele ynterieur fan de boppetsjerke.<ref[>http://pribaikal.ru/irkutsk-item/article/4341.html irkipedia.ru]</ref>

Nei de revolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Michael- of Haralampostsjerke yn 1910

Yn 1917 rûn de boppetsjerke by gefjochten tusken de Witen en de Readen troch in granaatynslach grutte skea op. Nei de ôftocht fan de Readen folgen reparaasjes yn 1918, mar de Sovjets kamen werom en yn 1920 waarden de geastliken fan de tsjerke arrestearre en harren huzen, dy't fan de tsjerke wiene, ûnteigene. De tsjerke bleau noch in gebrûk oant 1932. Nei de sluting fan de tsjerke troch de ateïstyske autoriteiten waard in lyts part fan de ynrjochting oerbrocht nei it museum, mar it grutste part waard ferneatige en gie foar altiten ferlern. It gebou rekke al gau yn de nederklits, de krusen waarden ferwidere, de toer ôfbrutsen en de koepel toppe. De autoriteiten brûkten it tekoart oan wenromte om de tsjerke te ferbouwen foar de húsfêsting fan studinten. Der waarden mear ferdjippings oanbrocht en de ûntsteane romten waarden ferdield yn rigen keamers, faninoar skaat troch grutte ikoanen dy't ta doarren ferarbeide wiene.

De folgjende eigner fan it bouwurk wie de biblioteek fan de Universiteit fan Irkûtsk en dêrnei waard it ferhierd oan ferskate organisaasjes.

De ommekear kaam yn 1995, doe't de eardere tsjerke útroppen waard ta in kultureel monumint fan federaal belang. Yn 1998 waard it gebou weromjûn oan it bisdom Irkûtsk. Mei de restauraasje fan 'e tsjerke waard yn juny 2006 úteinset. Koepel en toer waarden op 'en nij boud. Op 13 augustus 2009 wie de ûndertsjerke foltôge en koe de tsjerke iepene wurde foar de earetsjinst. Mei it besteansjubileum fan de stêd wie de restauraasje fan 'e Michaeltsjerke foltôge.[1]

Maritime tradysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke is de iennichste tsjerke yn 'e fiere omkriten mei in maritime tradysje.[2] It tige rike ynterieur fan 'e tsjerke wie ôfkomstich fan parochianen en foaral ek fan ferneamde keapmansfamyljes, dy't in rige fan maritime ekspedysjes organisearren. Lju dy't oan in maritime ekspedysje nei Kamtsjatka, de Aleoeten en de Koerilen dielnamen, krigen yn 'e Michaeltsjerke harren seine foar de reis. In parochiaan fan 'e tsjerke wie de ferneamde ûntdekkingsreizger Grigori Sjelichov. Op 5 maart 1905 troude de eardere poalreizger en lettere admiraal fan 'e Russysk Keizerlike Marine Aleksandr Koltsjak mei Sofia Fjodorovna Omirovojyn yn 'e tsjerke, doe't er yn Irkûtsk ferbleau. [3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: