Springe nei ynhâld

Aartsbisdom Freiburg

Ut Wikipedy
Aartsbisdom Freiburg
Basisgegevens
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
KatedraalMunster fan Freiburg
PatroanhilligeMarije
Koenraad fan Konstanz
Hiemsidewww.ebfr.de
Skiednis
Oprjochting16 augustus 1821
Hierargy
AartsbiskopStephan Burger (sûnt 2014)
Statistyk
Oerflak16.229 km²
Befolking4.782.400 (2018)
Wêrfan katolyk1.827.146 (38,2 %, 2018)
Dekenaten26 (2008)
Parochy's1.053 (2018)
Lokaasje aartsbisdom Freiburg yn Dútslân.
Lokaasje aartsbisdom Freiburg yn Dútslân.

It aartsbisdom Freiburg (Dútsk: Erzbistum Freiburg; Latyn: Archidioecesis Friburgensis) is it meast súdwestlike aartsbisdom fan Dútslân. De aartsbiskop fan Freiburg is de metropolyt fan 'e Bopperynske tsjerkeprovinsje mei de suffragane bisdommen Mainz en Rottenberg-Stuttgart.

Munster fan Freiburg.

It aartsbisdom waard yn 1821 oprjochte út it bisdom Konstanz en dielen fan 'e bisdommen Mainz, Straasburg, Worms en Würzburg. De tsjerkeprovinsje bestie yn 1821 út fjouwer suffragaanbisdommen, dy't gearfoelen mei de nije steatsgrinzen fan nei de Frânske Revolúsje. Yn 1929 waard de tsjerkeprovinsje lytser makke troch Limburch by it aartsbisdom Keulen te foegjen en Fulda by it nije aartsbisdom Paderborn.

It bisdom is nei Keulen, Münster en Rottenburg-Stuttgart it grutste bisdom fan Dútslân. De biskopssit stiet yn 'e munster fan Freiburg.

List fan Biskoppen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aartsbisdom Freiburg fan Wikimedia Commons.
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân
Hjoeddeistige bisdommenAkenAugsburgBambergBerlynDresden-MeißenEichstättErfurtEssenFreiburgFuldaGörlitzHamburchHildesheimKeulenLimburchMagdeburgMainzMünchen en FreisingMúnsterOsnabrückPaderbornPassauRegensburgRottenburg-StuttgartSpiersTrierWürzburg
Eardere bisdommenBremenHalberstadtLübeckMindenVerden
· · Berjocht bewurkje