Aartsabdij Beuron
| Aartsabdij Beuron | ||
| Aartsabdij Beuron | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| dielsteat | ||
| plak | Beuron | |
| adres | Münsterplatz | |
| koördinaten | 48°3' N 8°58' E | |
| Kleastergegevens | ||
| oarder | Benediktinen | |
| Webside | ||
| erzabtei-beuron.de | ||
| Kaart | ||
De Aartsabdij fan Sint-Marten yn Beuron (Latyn: Archiabbatia Sancti Martini Beuronensis) is in Benediktynsk kleaster yn Beuron yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De abdij waard yn 1863 stifte en is it stamkleaster fan 'e Beuroner kongregaasje. Tusken de 11e iuw en 1803 wie it Augustynske koarhearenstift Beuron yn 'e gebouwen ûnderbrocht. Beuron spile in grutte rol yn de liturgyske beweging fan 'e 19e en 20e iuw, dy't de tsjerklike liturgy (benammen de Latynske mis) mear sintraal sette yn it kleasterlibben.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De abdij waard yn 1863 troch de bruorren Maurus en Placidus Wolter stifte, dy't de Benediktynske rigel wer yn eare werstelden yn Beuron. Se koene mei help fan prinses Katarina fan Hohenlohe-Waldenburg-Schillingsfürst in sûnt 1802 leechsteand Augustynsk kleaster foar dat doel krije. Dat kleaster wie yn 1077 stifte en yn 1803 ûnder Napoleon sekularisearre.
De abdij krige yn 1884 de status fan aartsabdij, in hege status yn 'e Benediktynske oarder. Beuron waard it stamkleaster fan 'e Beuroner kongregaasje, in kleastermienskip mei eigen liturgyske en artistike idealen. Fanút Beuron waarden oare kleasters stifte.
Kulturkampf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tiid fan 'e Kulturkampf, de ferfolging fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke ûnder Prusysk bewâld, waarden it kleaster sletten en de muontsen ferballe nei kleasters yn Switserlân, Itaalje en Eastenryk. De beneaming fan abten waard ûnderhearrich makke oan goedkarring fan 'e steat, itjinge yn striid wie mei de Benediktynske rigel. De abdij rekke syn rjochten en ynfloed kwyt en de kongregaasje rekke ûntwoartele. Yn it bûtenlân waarden lykwols ek nije kleasters stifte, itjinge in fierdere fersprieding fan 'e idealen fan Beuron fan gefolgen hie.
Nei't de skerpe kanten fan 'e Kulturkampf stadichoan minder waarden en Bismarck syn anty-roomske koers oanpaste, mochten yn 1887 de muontsen werom komme nei Beuron. It kleaster waard op 'e nij ynwijd en de kongregaasje werstelde syn ynfloed. Nei de Earste Wrâldkriich hie it kleaster mei 300 muontsen syn grutste besetting en der waard sels in kleaster yn Japan stifte.

Aartsabt Raphaël Walzer wie oant 1935 abt fan it kleaster en moast fanwegen syn iepenlike wjerstân tjin it nazisme nei Frankryk en letter yn 1940 nei Algerije flechtsje. Mear as 100 muontsen waarden foar de Wehrmacht oproppen en mear as 30 soene net werom komme. De nazy's heften in soad kleasters op en yn novimber 1940 en yn 1943 drige ek de abdij sletten te wurden. Abt Benedikt Bauer koe dat tefoarren komme mei't sûnt 1943 it gebou ek as lazaret brûkt waard, sadat de monastike struktuer fan it kleaster teminsten bestean bleau. By in bombardemint op 23 febrewaris 1945 waard de westlike fleugel fan it kleaster troffen.
Keunstskoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin de ein fan 'e 19e iuw ûntstie de Beuroner keunststyl, ûntwikkele troch Pater Desiderius Lenz en Gabriel Wüger. De styl wie symboalysk, geometrysk en sterk beynfloede troch ierkristlike en Byzantynske keunst. De styl hie in grutte ynfloed op 'e religieuze keunst en tsjerklike ynterieurs yn hiel Europa.
Bibleteek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De abdij is in wichtich stúdzjesintrum en de bibleteek is mei mear as 400.000 boeken ien fan 'e grutste bibleteken fan Dútslân, wêrûnder in rike kolleksje liturgyske, patristyske en teologyske teksten en in samling 16e- en 17e-iuwske boeken. Sûnt 1884 hat de abdij de Missale Romanum útjûn, in lekemissaal dat oarspronklik troch pater Anselm Schott fan Beuron skreaun is. De abdij jout ek ûnderdak oan it Vetus-Latina-Institut (Ynstitút foar Ald Latyn), dat as doel hat om alle besteande Ald Latynske oersettings fan 'e Bibel te sammeljen en te publisearjen.
Kleastertsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De kleastertsjerke fan Sinte-Marten en Sinte-Marije is in foarbyld fan 'e Swabyske barok. De hjoeddeiske tsjerke is de tredde tsjerke op 'e lokaasje en waard yn 'e jierren 1732-1738 neffens it ûntwerp fan Matthäus Scharpf boud. De ynwijding fûn op 28 septimber 1738 plak.
De toer stammet fan 'e eardere midsiuwske kleastertsjerke dy't dêr al stie.
De tsjerke hat in ryk barok ynterieur mei fresko's en stúkwurk. Op it ferwulft wurde foarstellings út de skiednis fan it kleaster ôfbylde. De Gnadenkapelle is fersierd yn 'e keunststyl fan Beuron mei strakke linen, symboalyske foarmen en sêfte kleuren.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hjoeddeiske oargel waard boud troch Johannes Klais (Bonn) yn 1984. It hat 57 registers, trije manualen en in pedaal en wurdt brûkt foar konserten, festivals en liturgyske tsjinsten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [:de:Erzabtei Beuron].
|
