Springe nei ynhâld

Aarhus (gemeente)

Ut Wikipedy
Århus
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regioMidjylland
boargemasterJacob Bundsgaard
sifers en geografy
haadplakÅrhus
grutste plakÅrhus
ynwennertal340.421 (2018)
oerflak469,56 km²
skiednis
oprjochte1970
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websideaarhus.dk

Aarhus of Århus is in gemeente yn de regio Midden-Jutlân (Deensk: Midjylland) yn Denemark. De gemeente bestiet út de stêd Aarhus en in tal lytsere en grutte plakken om Aarhus hinne.

De gemeente Aarhus waard by de weryndieling fan 1970 foarme en bleau by de grutte lannelike weryndieling fan 2007 bestean.

Mei 340.421 ynwenners (2018) is Aarhus de op ien nei grutste gemeente fan it lân, dy't allinne yn grutte troch de haadstêd Kopenhagen wurdt oertroffen.

De tsien grutste plakken fan de gemeente[1]
NrPlaknammeYnwenners (2012)
1Aarhus264.716
2Lystrup10.378
3Beder-Malling8.365
4Løgten7.704
5Mårslet4.881
6Harlev3.707
7Solbjerg3.646
8Hjortshøj3.561
9Sabro2.928
10Trige2.869
Boarnen, noaten en/as referinsjes: