Aapein
| Aapein | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
jerk. sijke. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Stictonetta naevosa | ||||||||||||
| Gould, 1789 | ||||||||||||
| IUCN-status: net-bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De aapein of skeinsprútein (Stictonetta naevosa) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De aapein is de iennige soarte fan it skaai aapeinen (Stictonetta).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De aapein hat in opfallend uterlik. Folwoeksen fûgels ha in donkergriis oant swart fearrekleed. It fearrekleed is oerdutsen mei in soad lytse wite plakjes, fandêre ek skeinsprútein. De poaten, fuotten en snaffel binne laaigriis. De jonge einen ha in effen ljochtgriis fearrekleed, dat se yn 'e 32e wike ferlize as se ferfearje om it fearrekleed fan in folwoeksen ein oan te nimmen.
De soarte is seksueel dimorf. Trochstrings binne de mantsjes grutter mei in trochsnit gewicht tusken 700 en 1200 gram, wylst wyfkes tusken 600 en 1200 gram swier wurde. Beide skaaien binne 50 oant 60 sm lang. Fral yn it briedseizoen is de reade basis fan 'e snaffel fan 'e jerk opfallend. Wat reader de snaffel, wat produktiver it jerkje.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk foar Austraalje en libbet benammen yn 'e ynlânske regio's fan it eastlike diel fan it lân, wêrûnder New South Wales, Victoria en Queensland. Ek binne der populaasjes yn it suden en westen fan Austraalje. It biotoop fan 'e aapein wurdt foarme troch dobben en wettergebieten. It iene jier kin de fûgel op in plak algemien wêze en in jier letter kin de fûgel op itselde plak ûntbrekke. Aapeinen trekke somtiden lange ôfstannen om in geskikt briedgebiet te finen. Se lykje in foarkar te hawwen foar grutte swietwettergebieten mei in soad begroeiïng. Ek oerstrûpt lân en sompen binne geskikt. Nei de briedtiid siket de fûgel kustgebieten mei bliuwende wettergebieten op, lykas marren, opslachmarren of fivers.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it iten fan 'e ein hawwe lang strideraasjes west fanwege de grutte fariëteit oan iten fan 'e ferskillende populaasjes yn it lân. Oer it generaal kin sein wurde dat de einen in grut skala oan wetterplanten, ynsekten, algen en weakdieren yt. Neffens stúdzjes jout de ein de foarkar om yn ûndjip wetter te foerazjearen en brûkt er syn snaffel om ytbere dielen út de drits te siljen.
Aapeinen bine tige sosjale fûgels en se kinne bûten de briedtiid groepen fan 10 oant 100 fûgels foarmje. Yn 'e briedtiid falle dy groepen út inoar yn lytsere subgroepkes.
De einen binne net monogaam en foarmje allinne in pearke yn 'e briedtiid. It jerkje helpt it sijke by it bouwen fan it nêst en ferdigenet it wyfke dan ek, mar lit it wyfke efter sadree't dy mei it lizzen fan 'e aaien begjint. It jerkje spilet fierder ek gjin rol by it grutbringen en ferdigenjen fan syn neiteam. Yn 'e regel briedt de soarte tusken septimber en desimber, mar de briedtiid kin ek dêrbûten plakfine, itjinge gearhinget mei de tiid fan in soad reinfal en swiere oerstreamings. In lechsel bestiet trochstrings út likernôch sân ivoarkleurige aaien. De briedtiid duorret 26 oant 28 dagen en it sijke ferlit dan allinne it nêst om te iten. De eintsjes binne nêstflechters en kinne harren fuort sels rêde, mar ha noch wol de beskerming fan 'e mem nedich. Njoggen wiken nei it útkommen ha de piken de mem net mear nedich. Faak foege de mem en har piken harren dan by in gruttere groep.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oantal fûgels waard yn 2023 troch Wetlands International op 11.000 oant 26.000 fûgels (7.300 oant 17.000 folwoeksen fûgels) rûsd. Tocht wurdt dat de oantallen flink feroarje kinne, mar op lange termyn is de populaasje stabyl. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar boarnen en/of referinsjes: en:Freckled duck
|
