Springe nei ynhâld

Aalborg (gemeente)

Ut Wikipedy
Aalborg
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regioNordjylland
boargemasterThomas Kastrup-Larsen
sifers en geografy
haadplakAalborg
grutste plakAalborg
ynwennertal213.558 (2018)
oerflak1.137,84 km²
skiednis
oprjochte2007
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.aalborg.dk

Aalborg of Ålborg is in gemeente yn de regio Noard-Jutlân (Deensk: Nordjylland) yn it noarden fan Denemark. It is de op twa nei grutste gemeente fan it lân wat it ynwennertal en de op fiif nei grutste gemeente wat it oerflak oanbelanget (2018). Geografysk leit de gemeente eastlik oan de Limfjord, it wetter dat de Noardsee mei it Kattegat ferbynt en dat Himmerland fan Den Nørrejyske Ø skiedt. Der binne trije fêste ferbinings oer de Limfjord en eastlik in feartsjinst tusken Hals en Egense.

De gemeente ûntstie yn syn hjoeddeiske foarm mei de lanlike gemeentlike weryndieling yn 2007. De gemeenten Hals, Nibe en Sejlflod binne doe gearfoege mei de gemeente Aalborg.

De gemeente Aalborg hat in oerflak fan 1,143.99 km², in befolking fan 213.558 (2018) en heart ta de Regio Nordjylland.

Aalborg is ek de namme fan de haadstêd fan de gemeente dêr it riedshûs stiet en de namme fan de seehaven.

Grutste plakken yn de gemeente[1]
NrPlaknammeYnwenners (2015)
1Aalborg110.495
2Nørresundby22.083
3Svenstrup7.056
4Nibe5.143
5Klarup4.640
6Vodskov4.456
7Gistrup3.544
8Storvorde3.303
9Vestbjerg2.695
10Frejlev2.648
Boarnen, noaten en/as referinsjes: