Springe nei ynhâld

A Room of One's Own

Ut Wikipedy
Virginia Woolf (likernoch 1927)

A Room of One's Own (betsjutting likernôch "In eigen keamer") is in essay fan Virginia Woolf, publisearre op 24 oktober 1929. It giet oer de rol fan froulju yn 'e maatskippij. De boek pleitet foar froulike emansipaasje fan it patriarchaat, en wurdt sjoen as in wichtich ier feministysk wurk.

It essay beskriuwt ûnder oare it hypotetyske gefal fan William Shakespeare dy't in suster hie en hoe't Judith, sa't de suster hjit, blykber op in folslein oare wize libbe hie as William: Hja soe net itselde súkses helle hawwe, sels as har teksten fan deselde kwaliteit west hienen, om't in protte doarren foar har as frou net iepen west hienen.

De fiktive universiteit Oxbridge komt yn it essay foar, in hybride fan 'e universiteiten University of Oxford en University of Cambridge, waans namme bekend wurden is yn bygelyks de satire.

Eftergrûn en ynhâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1928 joech Woolf twa lêzings dy't it ûnderwerp fan froulju en literatuer omfette. Dy lêzings waarden jûn oan 'e Universiteit fan Cambridge, foar har studinten. De twa lêzings ynspirearre har ta it skriuwen fan In eigen keamer. It essay begjint mei dat Woolf seit dat de lêzer him ôffreegje kin wat in eigen keamer mei froulju en literatuer te krijen hat, mar dat se dat yn de roman útlizze sil.

It bekendste diel fan it essay is wannear't Woolf suggerearret dat froulju privacy nedich hawwe mei har eigen keamer om it goede ark te hawwen om in goede skriuwer te wurden. Woolf wie tige hertstochtlik oer it skriuwen oer de omstannichheden fan manlju en froulju yn 'e maatskippij. Al yn Woolf har roman Jacob's Room (1927) begûn hja har feministyske ynterpretaasje te ûntwikkeljen, mar it is pas yn it essay In Room of One's Own dat se dy stim fierder ûntwikkelet. It boek wurdt beskôge as ien fan de ynfloedrykste wurken yn feministyske literatuer. It wie nij om oer de rol fan froulju te skriuwen op sa't Woolf dat die, en it boek wurdt dêrom sjoen as ien fan de wichtichste essays yn it feminisme. It oanwizen fan de ôfwêzigens en útsluting fan froulju fan it maatskiplik libben wie revolúsjonêr en hat froulike skriuwers in plak jûn yn de literatuer.