Springe nei ynhâld

A Man for All Seasons (film út 1966)

Ut Wikipedy
A Man for All Seasons
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurFred Zinnemann
produsintFred Zinnemann
senarioRobert Bolt
basearre opit toanielstik fan Robert Bolt
kamerarezjyTed Moore
muzykGeorges Delerue
filmstudioHighland Films
distribúsjeColumbia Pictures
spilers
haadrollenPaul Scofield
Leo McKern
Susannah York
byrollenWendy Hiller
John Hurt
Nigel Davenport
Robert Shaw
Orson Welles
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
premiêre12 desimber 1966
foarmlangspylfilm
sjenrehistoaryske dramafilm
taalIngelsk
spyltiid120 minuten
budget en resultaten
budget$2 miljoen
opbringst$28,4 miljoen (Feriene Steaten)
prizen6 × Oscar
4 × Golden Globe
7 × BAFTA

A Man for All Seasons is in Britske histoaryske biografyske dramafilm út 1966 ûnder rezjy fan Fred Zinnemann, mei yn 'e haadrollen Paul Scofield, Leo McKern, Wendy Hiller en Susannah York. De titel betsjut "In Man foar Alle Jiertiden", en is in ferwizing nei de haadpersoan, sir Thomas More. De film, opnommen yn Technicolor, waard basearre op it toanielstik mei deselde namme fan Robert Bolt.

It ferhaal folget More, in abbekaat, politikus en filosoof, fan 1529 oant 1535. Yn dy perioade klimt er op ta de posysje fan kânselier fan it Keninkryk Ingelân, mar syn leauwensoertsjûgings en syn gewisse steane him net ta om yn te stimmen mei de skieding fan kening Hindrik VIII. Likemin kin er de ôfskuorring fan 'e Tsjerke fan Ingelân fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke goedkarre, dy't de kening trochfiert wannear't de paus him syn sin net jaan wol. More wegeret sadwaande en lis de Eed fan Supremasy ôf, wêrmei't er ferklearje soe dat Hindrik VIII it iennichste en alderheechste haad fan 'e Tsjerke fan Ingelân is. Dat liedt ta syn arrestaasje en finzenskip yn 'e Toer fan Londen en, úteinlik, ta syn ûnthalzing.

A Man for All Seasons krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tige positive resinsjes, en wie ek in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn seis Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film), fjouwer Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Drama) en sân BAFTA's.

Utlis fan 'e titel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De titel fan 'e film, A Man for All Seasons, betsjut oerset nei it Frysk letterlik: "In Man foar Alle Jiertiden". Dy titel waard oernommen fan it toanielstik fan Robert Bolt, dêr't de film op basearre is. It is eins in sitaat oer Thomas More út 1520 fan syn tiidgenoat, de taalkundige Robert Whittington. Dyselde woe dêrmei útdrukking jaan oan 'e alsidichheid fan More, sawol wat syn karakter oangie as wat syn fermogens oanbelangen. Bolt keas dizze titel foar syn toanielstik om oan te jaan dat More ûnder alle omstannichheden (yn 'e byldspraak fan 'e titel werjûn as waartypen) fêsthold oan syn gewisse en leauwensoertsjûgings, ek al koste him dat syn libben.

Yn 1529 wol kening Hindrik VIII fan Ingelân fan syn houlik mei Katerina fan Aragon ôf, mei't dêr nei jierren fan prebearjen noch altyd gjin manlike erfgenamt út fuortkommen is. Yn in moeting efter sletten doarren, jûns let yn it paleis Hampton Court, wurdt de foaroansteande jurist en filosoof sir Thomas More beskrobbe troch kardinaal Thomas Wolsey, de kânselier fan Ingelân, om't hy it iennichste lid fan 'e Ingelske Ried fan Steat is dat him oankantet tsjin it foarnimmen fan Wolsey om it keninklik houlik troch paus Klemens VII neatich ferklearje te litten. Dy neatichferklearring is ferlet fan sadat de kening mei syn mêtresse Anna Boleyn trouwe kin, mei't er derfan oertsjûge is dat sy him wól in soan skinke sil.

Wolsey wiist derop dat it ferstjerren fan Hindrik VIII sûnder manlike opfolger de ein fan 'e Tudor-dynasty betsjutte soe en in weromkear nei de sitewaasje fan 'e Roaze-oarloggen (1455–1487), doe't ferskillende partijen strieden om 'e troan, ta skea en skande fan lân en folk. More akseptearret dat soks de útkomst wêze kinne soe, mar soks leit neffens him yn Gods hân. Hy bliuwt by syn stânpunt dat de kening him hâlde moat oan 'e wetten dy't ynsteld binne troch it pausdom, dat ommers fan 'e apostel Petrus ôfstammet. It giet dêrmei streekrjocht werom nei Jezus Kristus, dy't God delkommen nei de ierde wie. More kin sadwaande ienfâldichwei net ynstimme mei it útstel fan Wolsey om 'e paus ta neatichferklearring fan it houlik te bewegen troch druk út te oefenjen op 'e besittings en ynkomsten fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke yn Ingelân. It petear tusken de beide mannen wurdt temûk ôfharke troch de assisint fan Wolsey, Thomas Cromwell.

Wannear't er op 'e iere moarn thúskomt op syn lângoed te Chelsea, wurdt More dêr opwachte troch Richard Rich, in jonge kunde fan him, dy't der by him op oanstiet dat More him oan in posysje oan it Keninklik Hôf helpe sil. Dat wegeret More lykwols, mei't er Rich dêr folslein ûngeskikt foar fynt. Ynstee biedt er oan om him oan in baan as learaar te helpen, in útstel dat Rich ôfslacht om't er as learaar nea ferneamd wurde kin. Nei't Rich him teloarsteld ôfjûn hat, treft More yn 'e hûs syn dochter Margaret oan, syn eachapel, dy't no de jierren hat om te trouwen. Se hat de hiele nacht net op bêd west, mar ynstee sitten te praten mei har frijer William Roper, in briljante jonge abbekaat. Dyselde grypt de thúskomst fan More oan en freegje him om 'e hân fan dochter. More seit dat der gjin sprake fan in houlik wêze kin salang't Roper luthersk bliuwt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

In jier letter komt kardinaal Wolsey te ferstjerren yn in ôfhandich kleaster op it Ingelske plattelân. Hy is dêr troch de kening hinne ferballe nei't er yn ûngenede fallen is om't it him net slagge om it keninklik houlik troch de paus neatich ferklearre te krijen. Thomas Howard, de hartoch fan Norfolk, besiket Wolsey op syn stjerbêd om it amtskeatling fan kânselier fan Ingelân werom te nimmen. Dy posysje wurdt neitiid oan Thomas More jûn, nei't it skynt om't Wolsey him foar de funksje oanrikkemandearre hat.

Moannen letter bringt Hindrik VIII in sabeare ûnferwachts besyk oan it lângoed fan More yn Chelsea, dêr't eins in yngeande tarieding oan foarôf gien is. De kening en More fertrêdzje har yn 'e tún fan it lânhûs, dêr't de kening der fannijs by More op oanstiet dat dyselde de neatichferklearring fan syn houlik stypje sil. Hy hâldt út dat it houlik mei Katerina fan Aragon nea in jildich houlik west hat, mei't sy de widdo fan syn âldere broer Arthur wie. Hy hat dus eins jierrenlang sûnder it te beseffen in ynsestueuze relaasje ûnderholden mei syn eigen suster! More wiist der lykwols op dat Hindrik de paus nei it ferstjerren fan Arthur sels om in ûntheffing frege hat om mei syn skoansuster trouwe te meien. It feit dat dy ûntheffing ferliend is, betsjut dat it houlik jildich is. Hy bliuwt rotsfêst op dat stânpunt stean wylst de kening noris bedrigings tsjin him uteret, dan wer mei ûnthjitten fan keninklike tagedienens sûnder grins komt en úteinlik ferfalt yn in driftbui. Op 't lêst, wannear't er foar it ferstân kriget dat More net tajaan sil, set Hindrik hommels ôf sûnder dinearre te hawwen, mei it ferlechje dat er it tij foar wêze moat as er noch op 'e tiid thús wêze wol.

Der is in kliber folk út Chelsea gearklofte om 'e kening en syn hôvelingen te begnuven, en ûnder harren is ek Rich. As de kening wer ôfset, biedt Cromwell, dy't yn it keninklik gefolch meireizge is, Rich in posysje oan it hôf oan yn ruil foar skansearjende ynformaasje oer More. Rich slacht dat oanbod ôf. Underwilens hat Roper lucht krigen fan 'e deilisskip tusken More en de kening. Hy komt by More en ferklearret dat er ôfsjoen hat fan syn eardere lutherske oertsjûgings en dat er wer goed roomsk wurden is. Mar de eksessen fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke sil er nea akseptearje. Op dat punt fine hy en More inoar, en More stimt ta yn it houlik fan Roper mei Margaret. Rich wurdt by More brocht, dy't er op 'e nij om in posysje oan it hôf freget. More stegeret him op 'e nij ôf, en Rich kriget de yndruk fan 'e blikken dy't troch More en Roper útwiksele wurde, dat hy by harren earder oer de tonge gien is. Hy besiket noch by More yn 'e geunst te kommen troch te fertellen dat it tsjinstfolk op it lângoed foar Cromwell spionearret, mar dat falt alhiel ferkeard. Fernedere jout Rich him ôf, en neitiid meldt er him by Cromwell en begjint er aktyf mei te wurkjen oan it ûnder fuotten heljen fan More.

Hindrik VIII oarderet it parlemint en de geastlikheid om him út te roppen ta "Alderheechste Haad fan 'e Tsjerke fan Ingelân". Dêrmei skuort er de Roomsk-Katolike Tsjerke yn syn eigen keninkryk los fan 'e gruttere Roomsk-Katolike Tsjerke, inkeld en allinnich sadat er net mear om it sizzen fan 'e paus hoecht te jaan. Dan kin er sels syn eigen houlik neatich ferklearje en himsels tastimming jaan om mei Anna Boleyn te trouwen. Mei't dúdlik is dat de kening wjerstân net op priis stelle sil, om it mar swak út te drukken, jouwe sawol it parlemint as de Ingelske biskoppen him syn sin en swarre dêrmei eltse trou oan 'e paus ôf. More, dy't net akkoart gean kin mei dizze gong fan saken, nimt stilwei ûntslach as kânselier sûnder him oer de kwestje út te sprekken. Hy mient dat Hindrik him gewurde litte sil as er himsels mar bewuollet yn stilswijen. As kânselier wurdt er opfolge troch Cromwell.

Cromwell suggerearret dat de swierrichheden fan More oerbetterje kinne as er de brulloft fan Hindrik VIII en Anna Boleyn bywenje wol. Hy lit dat boadskip oan More oerbringe troch de hartoch fan Norfolk, ien fan 'e lêste freonen dy't More noch oer hat, mar More sjocht it bywenjen fan 'e brulloft as in ferkapte foarm fan goedkarring fan it houlik en wegeret te kommen. Nei ôfrin fan 'e trouwerij wurdt More ûntbean yn Hampton Court, dêr't er troch Cromwell mei help fan Rich ûnderfrege wurdt. More wegeret konsekwint om oer syn eigen mienings te praten, wat Cromwell ta razernij driuwt. Dyselde lit falle dat de kening More no as lânferrieder sjocht, mar likegoed mei er úteinlik jûns let wer fuort. Der is lykwols gjin roeier dy't him oan board nimme wol út eangst om mei him assosjearre te wurden, dat hy moat geandefoets nei hûs. Dat feit bringt More oan it ferstân hoe djip oft er yn 'e penaarje sit. Norfolk wegeret him yn 'e steek te litten, mar om syn freon te beskermjen seit More mei opsetsin kwetsende dingen om him lulk te krijen, sadat se yn it iepenbier deilis reitsje en eltsenien sjen kin dat Norfolk neat mear mei More te krijen hat.

Hindrik VIII lit in nije eed fan trou opstelle, de Eed fan Supremasy, dy't de hiele hegerein fan it Keninkryk Ingelân swarre moat om net foar heechferrie oanklage te wurden. More wol de nije eed eventueel wol ôflizze as de formulearring syn eigen leauwensoertsjûgings net kompromittearret. Mar as er foar it ferstân kriget dat de eed de kening oantsjut as Alderheechste Haad fan 'e Tsjerke fan Ingelân sûnder juridyske of morele mêsken oer te litten, kin er net oars as wegerje. Dêrop wurdt er arrestearre en opsletten yn 'e Toer fan Londen. Yn 'e folgjende moannen wegeret er konsekwint om 'e eed ôf te lizzen, mar ek om te sizzen wêrom't er de eed net ôflizze wol. Lju dy't de eed wegerje, meie nammentlik ûnder de Ingelske wet finzen set wurde, mar net mear as dat. As er lykwols útlizze soe dat er noch Hindrik syn funksje as haad fan 'e Tsjerke fan Ingelân, noch syn nije houlik mei Anna Boleyn erkent, soed er dêr de deastraf foar krije kinne. Hy leit dy riddenearring sels út oan in kommisje dêr't er foar ferskine moat, dy't bestiet út Cromwell, Norfolk en aartsbiskop fan Canterbury Thomas Cranmer.

Cromwell, dy't yn dizze saak sterk ûnder druk set wurdt troch de kening, besiket alles om More oan 'e praat te krijen, útsein foltering, dat troch de kening as metoade útsletten is. Op oanrieden fan Rich lit er More syn frou Alice, syn dochter Margaret en syn skoansoan William Roper delkomme yn 'e Toer fan Londen, dêr't dyselden oan dy tiid ta weikeard binne. Margaret hat tasein om op har heit ynprate te sillen om syn libben te rêden, mar More leit har út dat er net tajaan kin sûnder de man te ferliezen dy't er altyd west hat. Hy trunet syn wiif, dochter en skoansoan oan om te sjen dat se út Ingelân weikomme, sadat se net yn syn eigen fal meisleept wurde kinne.

Net lang dêrnei wurdt More foar de opperrjochter fan Ingelân brocht. Cromwell nimt dêrby de rol fan iepenbier oanklager op him en besiket de wet tsjin him te brûken. Mar More, dy't sels fan hûs út jurist is, wiist op it wetlike begjinsel dat stilswijen ynstimming ynhâldt. Dat er neat sizze wol oer it twadde houlik fan 'e kening of oer it troch de kening feroarsake skisma tusken de Anglikaanske en Roomsk-Katolike Tsjerken heart dus neffens de wet útlein te wurden as syn ynstimming mei beide saken. Cromwell nimt dan syn taflecht ta in falsk tsjûgenis dat ynbrocht wurdt troch Richard Rich, dy't foar syn meineed beleanne is mei de posysje fan prokureur-generaal fan Wales. Rich beweart dat More, doe't er him yn 'e Toer fan Londen besocht, tsjin him sein hat dat it parlemint net de macht hat om 'e kening ta haad fan 'e tsjerke te meitsjen. More ûntstriidt by heech en by leech dat er dat sein hat, mar Cromwell yntimidearret de sjuery en wit sûnder fierder opûnthâld in útspraak fan skuldigens te krijen.

More begrypt dat der gjin hoop mear bestiet dat er de deastraf ûntrinne kin, dat einlings en te'n lêsten fertelt er yn syn lêste wurd foar it oanhearren fan it fûnis wat er wier tinkt fan kenings houlik en de tsjerkeskuorring. Hy seit neat dat net eltsenien al fermoede dat er derfan fine soe, mar it lûd jaan oan sokke tinzen yn in tiid fan slimme ûnderdrukking soarget foar grutte opskuor yn 'e rjochtseal. De opperrjochter sprekt de deastraf oer him út en More wurdt werombrocht nei de Toer fan Londen om syn ûnthalzing ôf te wachtsjen. Letter, op it skavot, ferklearret More mei syn lêste wurden "Ik bin Syn Majesteits goede tsjinstfeint, mar God Sines earst." Dêrop knibbelet er del en leit syn hals op it blok, wêrnei't de bile falt.

Yn in voice-over wurdt ferteld dat Cromwell fiif jier letter krekt as More einige: ûnthalze foar heechferrie. Norfolk soe ek sa oan syn ein kommen wêze as Hindrik VIII net de jûns foar syn plande eksekúsje sels ferstoarn wie oan syfilis. Aartsbiskop Cranmer bedarre as ketter op 'e brânsteapel doe't Hindrik VIII syn goedroomske dochter Marije de Bloedige op 'e troan kaam. Richard Rich klom neitiid op ta kânselier fan Ingelân en stoar fan âlderdom yn syn eigen bêd.

Paul Scofield (1975).
Leo McKern (1970).
Susannah York (2011).
haadrollen
personaazje               akteur/aktrise
sir Thomas More Paul Scofield
Thomas Cromwell Leo McKern
Margaret More Susannah York


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Alice More Wendy Hiller
Richard Rich John Hurt
Thomas Howard, 3e hartoch fan Norfolk Nigel Davenport
kening Hindrik VIII fan Ingelân Robert Shaw
kardinaal Thomas Wolsey Orson Welles
William Roper Corin Redgrave
Matthew Colin Blakely
aartsbiskop Thomas Cranmer Cyril Luckham
Anna Boleyn Vanessa Redgrave (cameo)
opperrjochter Jack Gwillim
adjudant fan Norfolk Michael Latimer
roeier Thomas Heathcote
Averil Machin Yootha Joyce
fertsjintwurdiger fan 'e kening Anthony Nicholls
sipier yn 'e Toer fan Londen John Nettleton
tsjinstfaam Molly Urquhart
hôveling Paul Hardwick
kaptein fan 'e wacht Philip Brack
gûverneur fan 'e Toer fan Londen Martin Boddey
frou fan Matthew Eira Heath
koerier Matt Zimmerman
boal Eric Mason

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A Man for All Seasons waard regissearre troch Fred Zinnemann nei in senario fan toanielskriuwer Robert Bolt op basis fan syn eigen toanielstik mei deselde namme út 1960. Zinnemann wie behalven as regisseur ek as produsint by it projekt belutsen foar de filmstudio Highland Films. De finansiering fan it budget fan $2 miljoen kaam fan 'e grutte studio Columbia Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ted Moore, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Georges Delerue.

Regisseur Fred Zinnemann.

Akteur Paul Scofield hie de rol fan Thomas More earder yn it toanielstik fan Robert Bolt spile, sawol yn it Londenske West End as op Broadway yn New York. Foar dy lêste aktearprestaasje hied er in prestizjeuze Tony Award wûn. De útfierende produsinten fan 'e film wiene lykwols bang dat Scofield net genôch bekendheid hie om publyk nei de bioskopen te lûken. Dêrom waard Richard Burton foar de rol frege, mar dy hie der gjin belangstelling foar. Doe wie der sprake fan dat Laurence Olivier frege wurde soe, mar dêr lei regisseur en filmprodusint Fred Zinnemann it near op, mei't er Scofield hawwe woe. De oare filmmakkers leine har dêr doe by del.

De earste kar foar de rol fan kardinaal Thomas Wolsey wie Alec Guinness, mar doe't dat neat waard, gie dy (relatyf lytse) rol nei de Amerikaanske akteur Orson Welles. Foar de rol fan kening Hindrik VIII waard earst Peter O'Toole frege en ek Richard Harris waard dêrfoar yn omtinken nommen. Uteinlik waard Robert Shaw yn dy rol cast. Bolt hie filmregisseur John Huston op it each foar de rol fan 'e hartoch fan Norfolk, mar dy betanke foar de ear en de rol gie nei Nigel Davenport. Vanessa Redgrave soe oarspronklik de rol fan Margaret More spile hawwe, mar doe't it opnameskema opsteld wie, die bliken dat sy doe al oars besteld wie mei in toanielrol. Dêrom waard de rol fan Margaret doe ferjûn oan Susannah York. Redgrave stimde der wol yn ta om yn 'e film in cameo sûnder dialooch te hawwen as Anna Boleyn, op it betingst dat se dêrfoar net neamd wurde soe op filmposters en yn oare reklame foar de film, om gjin falske yndrukken te wekjen.

Om it produksjebudget op $2 miljoen te hâlden, lieten alle akteurs harren koartsje op har salaris. Inkeld Scofield, York en Welles krigen mear as $10.000 betelle. John Hurt, dy't yn 'e film de rol fan Richard Rich hie, ien fan syn earste grutte filmrollen, fertsjinne oan A Man for All Seasons mar $3.000. Vanessa Redgrave spile har cameo om't se der aardichheid oan hie en wegere dêrfoar betelle te wurden. Sy soe letter, yn 1988, de rol fan Alice More spylje yn 'e remake fan A Man for All Seasons. Utsein Scofield wie Leo McKern, dy't de rol fan Thomas Cromwell spile, it iennichste lid fan 'e filmcast dat earder ek yn it toanielstik spile hie. Yn it West End hie hy nammentlik de rol fan 'e Gewoane Man hân (dy't net as sadanich yn 'e film foarkomt) en op Broadway hied er foar it earst de rol fan Cromwell op him nommen.

It eardere kleaster Studley Priory, yn it Ingelske greefskip Oxfordshire gie yn 'e film troch foar it lânhûs fan Thomas More.

(Boarne: It lemma oer A Man for All Seasons yn 'e Internet Movie Database (IMDb).)

De opnamen foar A Man for All Seasons setten op 4 maaie 1966 útein en duorren oant en mei 5 augustus fan dat jier. De film waard yn syn gehiel yn súdlik Ingelân opnommen. Dêrby gie Studley Priory, in earder kleaster yn it doarp Horton-cum-Studley, yn it greefskip Oxfordshire, troch foar it lânhûs fan Thomas More. De sênes op 'e rivier de Teems waarden eins filme op 'e rivier de Beaulieu yn it greefskip Hampshire, mei't de eigentlike Teems yn 1966 al fierstente drok wie en de iggen foarsjoen fan moderne bebouwing. De binnendoarsênes fan 'e film waarden opnommen yn 'e Shepperton Studios yn it greefskip Surrey. Ek alle sênes yn en om it paleis Hampton Court, de residinsje fan Hindrik VIII, waarden dêr filme, sawol dy't binnendoar as dy't bûtendoar spylje. Fierders waard der filme yn Beauline Abbey yn Hampshire.

Ferskillen tusken toanielstik en ferfilming

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It senario foar de film waard troch toanielskriuwer Robert Bolt adaptearre fan syn eigen toanielstik. Foar de ferfilming waarden in stikmannich feroarings trochfierd. It kommentaar op 'e foarfallen troch de Gewoane Man, dat in reade line troch it stik foarmet, waard yn 'e film weilitten. As personaazje komt de Gewoane Man yn 'e film werom yn ferskate lytse byrollen: de roeier dy't More thúsbringt nei syn earste moeting mei Cromwell, More syn majordomo Matthew, in weard, de sipier yn 'e Toer fan Londen, de foaroanman fan 'e sjuery en de boal dy't More ûnthalzet.

Ek de subplot oangeande de Keizerlike ambassadeur Eustace Chapuys waard foar de film út it ferhaal fuortsnien. Oarsom waarden in pear lytse sênes oan 'e film tafoege dy't yn it toanielstik net foarkamen om 'e gatten yn 'e plot op te foljen dy't ûntstien wiene troch it weilitten fan 'e Gewoane Man. Dêrby gie it û.o. om it ferstjerren fan kardinaal Wolsey, de beneaming fan More ta kânselier fan it Keninkryk Ingelân en de brulloft fan Hindrik VIII mei Anna Boleyn.

De rivier de Beaulieu, yn it Ingelske greefskip Hampshire, waard foar de opnamen fan A Man for All Seasons brûkt as de Teems.

De brechtiaanske opstelling fan 'e berjochtingssêne, dy't yn it toanielstik werjûn wurdt mei in sjuery besteande út 'e Gewoane Man en ferskate stokken mei de holdeksels fan 'e personaazjes dy't earder yn it stik as de Gewoane Man opfierd binne, waard foar de film feroare yn in mear naturalistyske setting, mei in sjuery dy't opmakke wie út ûnderskate gewoane minsken. En hoewol't de hartoch fan Norfolk sawol histoarysk as yn it toanielstik de rjochter fan More wie dy't it deafûnis útspriek, waard yn 'e film foar dy rol it personaazje fan in nammeleaze opperrjochter yn it libben roppen, spile troch Jack Gwillim. Norfolk is noch wol oanwêzich by de berjochting, mar is by it proses mear taskôger as dielnimmer.

De distribúsje fan A Man for All Seasons waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 12 desimber 1966 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre en kaam pas yn maart 1967 yn 'e Britske bioskopen út.

Fan 'e filmkritisy krige A Man for All Seasons oer it algemien tige positive resinsjes. Sa karakterisearre A.D. Murphy fan it tydskrift Variety de film as "treflik, knap en meislepend". It aktearjen fan haadrolspiler Paul Scofield waard gauris yn 't bysûnder priizge. Kate Cameron fan 'e New York Daily News skreau: "oer al dizze prachtige aktearprestaasjes, wêrûnder Robert Shaw syn wielderige, rûnute en krêftige represintaasje fan 'e kening, is it Scofield dy't it wite doek dominearret mei syn hoflike stim en stânhêfte wegering om te bûgen foar de kening, sels al kostet him dat de kop."

Ien dy't it minder op A Man for All Seasons stean hie, wie Pauline Kael fan it blêd The New Yorker. Hja fûn, "der sit mear as in bytsje fan in skoaltoanieltsje yn it ritme fan 'e film. Hoewol't it der kreazer útsjocht as in toaniellearaar it meitsje koe, komme de personaazjes op, sizze de oan harren tawiisde dialooch op en geane wer ôf."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat A Man for All Seasons in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 80 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Solide kamerarezjy en genietbere aktearprestaasjes fan Paul Scofield en Robert Shaw jouwe piid oan dizze yn in stadich tempo ferrinnende ferfilming fan it toanielstik fan Robert Bolt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet A Man for All Seasons in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 11 resinsjes.

De binnendoarsênes foar de film waarden opnommen yn 'e Shepperton Studios yn it Ingelske greefskip Surrey.

It Britsk Filmynstitút stelde yn 1999 in list op mei de hûndert bêste Britske films aller tiden; A Man for All Seasons naam dêrop it 43ste plak yn.

A Man for All Seasons brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $28,4 miljoen op. Mei't net bekend is hoefolle oft dizze film yn oare lannen en territoaria yn it laadsje brocht, kin de wrâldwide opbringst net berekkene wurde. Mar it budget fan $2 miljoen yn acht nommen, makke de film allinnich al yn Noard-Amearika in winst fan $26,4 miljoen, al moatte dêr de marketingkosten noch wol fan ôflutsen wurde. Dêrmei wie A Man for All Seasons de op fjouwer nei meast opbringende film fan 1966, nei Hawaii, The Bible: In the Beginning..., Who's Afraid of Virginia Woolf? en The Sand Pebbles.

Yn 1967 waard A Man for All Seasons by de Oscars nominearre foar prizen yn 8 kategoryen, wêrûnder bêste byrol fan in akteur (Robert Shaw as Hindrik VIII) en bêste byrol fan in aktrise (Wendy Hiller as Alice More). De film wûn 6 Oscars, foar bêste film, bêste regisseur (Fred Zinnemann), bêste akteur (Paul Scofield as Thomas More), bêste adaptearre senario (Robert Bolt), bêste kamerarezjy fan in kleurefilm (Ted Moore) en bêste kostúmûntwerp foar in kleurefilm (Joan Bridge en Elizabeth Haffenden).

By de Golden Globes waard A Man for All Seasons nominearre yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste byrol fan in akteur (Robert Shaw). De film wûn 4 Golden Globes, foar bêste film (drama), bêste regisseur, bêste akteur (Paul Scofield) en bêste filmsenario. Zinnemann wûn foar A Man for All Seasons ek in Directors Guild of America Award foar bêste rezjy.

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard A Man for All Seasons nominearre yn 7 kategoryen en wûn dy allegearre. It gie om 'e prizen foar bêste film, bêste Britske film, bêste Britske akteur (Paul Scofield), bêste Britske senario, bêste Britske kamerarezjy, bêste Britske artdirection en bêste Britske kostúmûntwerp. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou waard A Man for All Seasons nominearre foar de Grutte Priis. Dy wûn de film net, mar hy krige wol in earfolle fermelding. Scofield wûn yn Moskou de priis foar bêste akteur.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.