Springe nei ynhâld

A Haunting in Venice

Ut Wikipedy
A Haunting in Venice
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurKenneth Branagh
produsintKenneth Branagh
Judy Hofflund
Ridley Scott
Simon Kinberg
senarioMichael Green
basearre opHallowe'en Party
   fan Agatha Christie
kamerarezjyHaris Zambarloukos
muzykHildur Guðnadóttir
filmstudioKinberg Genre
The Mark Gordon Company
Scott Free Productions
Agatha Christie Ltd
TSG Entertainment
distribúsje20th Century Studios
spilers
haadrollenKenneth Branagh
Tina Fey
byrollenKelly Reilly
Camille Cottin
Michelle Yeoh
Kyle Allen
Jamie Dornan
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre11 septimber 2023
foarmlangspylfilm
sjenrehistoaryske detektivefilm
taalIngelsk (ek in bytsje Italjaansk)
spyltiid103 minuten
budget en resultaten
budget$60 miljoen
opbringst$121,9 miljoen
filmsearje
filmsearjeHercule Poirot
 foarich dielDeath on the Nile

A Haunting in Venice is in Amerikaansk-Britske histoaryske detektivefilm út 2023 ûnder rezjy fan Kenneth Branagh, mei yn 'e haadrollen Branagh sels en Tina Fey. De titel betsjut likernôch "It Spûket yn Feneesje". De film is loskes basearre op 'e roman Hallowe'en Party fan Agatha Christie. It is it trêde diel út Branagh syn filmsearje oer de Belgyske privee-detektive Hercule Poirot, nei Murder on the Orient Express (2017) en Death on the Nile (2022). It ferhaal spilet yn 1947, wannear't Poirot opholden is mei it ûndersykjen fan saken en in weromlutsen bestean yn Feneesje liedt. Troch in goekunde fan him, de Amerikaanske skriuwster Ariadne Oliver, wurdt er meitroaid nei in seânse. Wannear't dêr in deade falt, kin Poirot it net litte om út te sykjen wa't foar de moard ferantwurdlik is. A Haunting in Venice krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.

In 1947 liedt de ferneamde Belgyske privee-detektive Hercule Poirot in weromlutsen bestean yn Feneesje, mei't er syn fertrouwen yn 'e minskheid en syn leauwe yn God kwytrekke is. Hy hat in Italjaanske âld-plysjeman, Vitale Portfoglio, yn 'e tsjinst nommen as syn liifwacht, om 'e konstante stream fan lju op in ôfstân te hâlden dy't him lestich falle wolle mei ûnoploste moardsaken. Op Aldersielen wurdt er opsocht troch in goekunde fan sines, de Amerikaanske skriuwster fan detektiveromans Ariadne Oliver. Dyselde troait in tsjinnige Poirot mei nei in Halloweenfeest foar bern yn in earder weeshûs dêr't it spûkje soe. It weeshûs is no in filla, dy't bewenne wurdt troch de Ingelske operasjongster Rowena Drake. Nei it feest hat Drake in seânse beävensearre, dêr't it medium Joyce Reynolds kontakt sykje sil mei Alicia, de in healjier ferlyn troch selsmoard om it libben kommen dochter fan Rowena (dy't fan in balkon sprongen is en harsels ferdronken hat yn it kanaal). Ariadne wol dat Poirot Reynolds ûntmaskeret as in oplichtster.

By de seânse binne njonken Poirot en Ariadne Oliver oanwêzich: Rowena Drake, har húshâldster Olga Seminoff, har dokter Leslie Ferrier en dy syn jonge soan Leopold, en Joyce Reynolds en har assistinte Desdemona Holland. Op it lêste momint komt dêr in (troch Rowena) ûnwinske gast by: Maxime Gerard, de eardere ferloofde fan Alicia, dy't in anonime útnûging ûntfongen hat foar wat der dy jûns barre sil. Wylst de seânse geande is, ûntdekt Poirot in twadde assistint fan frou Reynolds, Desdemona har healbroer Nicholas Holland, dy't himsels ferskûle hat yn 'e skoarstien krekt boppe de iepen hurd en dêrwei mei in magnetysk apparaat frou Reynolds har typmasine betsjinnet, dy't út himsels liket te typen. Poirot mient dêrmei fuortendaliks al frou Reynolds as oplichtster ûntmaskere te hawwen, mar dan begjint it medium ynienen op ûnferklearbere wize mei Alicia har stimlûd te sprekken. Ut har wurden docht bliken dat Alicia net selsmoard dien hat, mar ynstee fermoarde is troch ien fan 'e oanwêzigen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei de seânse sprekt Poirot frou Reynolds oan op har hâlden en dragen, dat nei syn fêste oertsjûging fan begjin oant ein al 'en duvel bedragerij wie. Sy hjit him om net altyd alles sa serieus te nimmen. By wize fan mylde spot docht se him har eigen Halloweenmasker foar en hinget se him har mantel om 'e skouders. Poirot freget himsels ôf oft er wier alle dingen te serieus nimt. Nei't er fêststeld hat dat er alhiel allinnich is yn it fertrek, beslút er him by wize fan eksperimint ris oan in bernespultsje te weagjen: apelhappen yn in tobke mei wetter, dat noch op 'e tafel stiet fan it eardere bernefeest. Wannear't er lykwols mei it gesicht ûnder wetter is, wurdt er beslûpt troch in ûnbekende oanfaller, dy't him mei de holle omleech drukt en him yn it tobke mei wetter besiket te ferdrinken. Pas as er it bewustwêzen ferliest, lit de oanfaller him los. Poirot wurdt fuort dêrnei fûn en wer bybrocht troch syn liifwacht Portfoglio. Koarte tiid letter wurdt Joyce Reynolds fan ien fan 'e boppeste ferdjippings fan it eardere weeshûs smiten, dat se speetst wurdt op in stânbyld yn it binnenplak.

De plysje wurdt skille, mar ûnderwilens is der in stoarm opstutsen dy't it befarren fan 'e kanalen fan Feneesje te gefaarlik makket, dat de oankomst fan 'e autoriteiten moat wachtsje oant de stoarm lizzen gien is. Ferskate besikers wolle geandefoets it weeshûs ferlitte, mar dêr stekt Poirot in stokje foar troch it hiele selskip yn it gebou op te sluten. Hy nimt sels it ûndersyk nei de moard op him en befreget de oanwêzigen ien foar ien. Rowena Drake is in mem dy't noch altyd rouwet om 'e dea fan har ienlingsdochter Alicia. Se hat sûnt har ferstjerren gjin optredens mear jûn en ferwachtet dat ek nea mear te dwaan, ek al hat se gjin jild mear om har filla mei te ûnderhâlden. De húshâldster Olga Seminoff is in eardere non, dy't úttreden is nei't se fereale rekke op har man, in leadjitter dy't yn har kleaster kaam om reparaasjes út te fieren. Sy is tige kristlik en sjocht frou Reynolds omreden fan dy har keazen karriêre as in sataniste.

Dokter Ferrier is in brutsen man dy't slim te lijen hat ûnder posttraumatysk stress-syndroom. Hy tsjinne yn 'e Twadde Wrâldoarloch by de ienheid dy't it nazy-Dútske konsintraasjekamp Bergen-Belsen befrijde, en wat er dêr sjoen hat en syn yn in protte gefallen fergese krewearjen om 'e folslein útmergele finzenen te rêden lit him net los. Hy is dêrom opholden mei praktisearjen, mar syn ûnbeäntwurde leafde foar Rowena Drake hat him oanset om har dochter Alicia by te stean yn 'e lêste wiken fan har libben, doe't it fanke alhiel sljochtsinnich waard. Leopold is de foar syn tiid folwoeksen wurden tsienjierrige soan fan dokter Ferrier, dy't mear foar syn heit soarget as dat syn heit foar him soargje kin. De jonge seit dat er de stimmen hearre kin fan 'e spûken dy't yn it eardere weeshûs omwaarje. Dat soene de geasten wêze fan 'e weesbern dy't, doe't de Swarte Dea yn Feneesje hearske, troch harren fersoargers opsletten efterlitten binne en de omkommen binne fan honger en toarst. Deselde stimmen heart Poirot út en troch ek sûnt er hast de drinkeldea yn in tobke wetter stoarn is.

Maxime Gerard is de eardere kok fan Rowena Drake, in Amerikaan op wa't Alicia fereale rekke. Tsjin 'e útdruklike wil fan har mem yn woene Maxime en Alicia trouwe, mar harren ferloving waard ferbrutsen. Neffens de lêzing fan Rowena hat Maxime, dy't it inkeld en allinnich te dwaan wie om Alicia har jild, in rikere houlikskandidate fûn en liet er Alicia doe as in bakstien falle. Mar Maxime fertelt Poirot dat Rowena alles die wat se koe om it oansteande houlik fan him en Alicia te dwerseidzjen. Doe't er op 't langelêst foar it ferstân krige dat Alicia in syklike oandriuw fielde om har mem gelokkich te meitsjen, besefte er dat er nea it wichtichst yn har libben wêze soe. Hy ferbriek doe de ferloving en gie fuort, mar letter krige er dêr spyt fan. Hy kearde werom nei Feneesje om ferjeffenis oan Alicia te freegjen en har te smeken him werom te nimmen. Mar tsjin dy tiid moast hja al siik it bêd hâlde en har mem wegere him by har te litten. Nicholas en Desdemona Holland, ta einbeslút, binne Roma út Hongarije, dy't har yn 'e oarloch foar de nazys yn in wâld beskûl holden hawwe. Se binne de iennichste oerlibbenen fan har hiele famylje. Nei de befrijing kamen se yn in flechtlingekamp fan it Amerikaanske Leger telâne, dêr't se nei it sjen fan 'e film Meet Me in St. Louis it plan opfetten om nei de Feriene Steaten te ymmigrearjen en har yn St. Louis nei wenjen te setten. By de tiid lâns hawwe se jild stellen fan frou Reynolds om harren reis nei Amearika fan te bekostjen, mar se hawwe noch by lange nei net genôch.

Tusken it ferhear fan 'e oanwêzigen troch sjocht Poirot manifestaasjes fan 'e geast fan Alicia en ûnderfreget er in jong famke, wêrfan't er earst mient dat it efterbleaun is yn 'e filla nei it bernefeest. Mar as it bern dan suver foar syn eagen weiwurdt en Ariadne Oliver úthâldt dat se gjin famke sjoen hat, begjint er oan syn eigen ferstân te twifeljen. Letter sjocht er in foto fan Alicia Drake as tsienjierrich famke, wêryn't er it famke werkent dat er ûnderfrege hat. In spûkeftich bûnzjen (feroarsake troch in losrekke marpeal dy't hinne en wer roeiket op 'e weagen fan it kanaal) liedt Poirot nei de kelder, wêrfan't Rowena Drake net iens wist dat dy bestie. Dêr treffe Poirot en de oaren, opsletten yn koaien, de skeletten fan ferskate bern oan, wat de wierheid fan 'e legindes oer it weeshûs liket te bewizen. Underwilens reitsje Maxime en dokter Ferrier slaande deilis. De jongere, sterkere Maxime hat earst de oerhân, mar wannear't Ferrier alhiel syn selsbehearsking ferliest, fermoardet er de kok hast. It iennichste dat Maxime it libben rêdt is de tuskenkomst fan 'e jonge Leopold. Neitiid nimt Ferrier medisinen yn en jout er him del op 'e bank yn 'e muzykkeamer fan Rowena Drake. Foar de wissichheid wurdt de doar efter him op 't slot dien, wêrnei't Rowena de iennichste kaai oan Poirot oerlanget.

Nei't er de anonime útnûging foar de seânse bestudearre hat dy't Maxime Gerard ûntfongen hie, komt Poirot ta de konklúzje dat dy ferstjoerd is troch Ariadne Oliver. Fierder trochfreegjen bringt oan it ljocht dat Ariadne ûnder ien tekken skûlet mei Vitale Portfoglio, de liifwacht fan Poirot. Portfoglio wie de resjersjeur dy't de lieding hie oer it ûndersyk nei de dea fan Alicia Drake. Hoewol't er dy saak ôfsletten hat as in selsmoard, is der wat oan dat him noch altyd dwers sit. Yn 'e hoop dat Poirot de saak better oplosse koe as hysels, joech er alle details oan Ariadne, dy't ûnthiet om Poirot derby te skuorren. Ariadne miende yn Joyce Reynolds in echt medium ûntdutsen te hawwen. Se is in boek oer har oan it skriuwen wêryn't se frou Reynolds oanpriizgje wol as it iennichste medium wa har metoaden de grutte Poirot net ûntkrêftsje kinnen hat. Poirot is kwetst troch dit ferrie fan lju dy't er dan wol net as freonen beskôge (Poirot hat gjin freonen), mar fan wa't er dochs miende dat se oan syn kant stiene. Op dat stuit wurdt yn 'e ôfsletten muzykkeamer it stoflik omskot fan dokter Ferrier ûntdutsen, dy't mei in dagge yn 'e rêch stutsen is. Mei't Poirot de iennichste kaai fan it fertrek hie, is it in mystearje hoe't dat barre kinnen hat.

Mar Poirot hat no syn nocht. Yn 'e hal, dêr't guon fan 'e oanwêzigen op it punt steane om út te brekken, docht er út 'e doeken wat der fan 'e jûn allegear wier bard is. De moardner fan Joyce Reynolds is Rowena Drake. Iroanysk genôch leaude sy dat de seânse echt wie, wat betsjutte dat de geast fan Alicia oan frou Reynolds de identiteit fan har moardner ferteld hie. Dêrom moast frou Reynolds dea. Want Rowena Drake is nammentlik ek de moardner fan har eigen dochter. It wie foar de operasjongster in obsesje om Alicia foar harsels te hâlden. Nei't Maxime de ferloving ferbrutsen hie, begûn se dêrom Alicia har tee oan te lingjen mei in giftich, hallusinogeen hunich, produsearre troch har eigen bijen op it dakterras, dat se folplante hie mei giftige blommen út Anatoalje wei. Sa waard yn it foarste plak foarkomd dat Alicia har mei Maxime fermoedsoenje koe, en boppedat bleau it fanke swak en dwylderich, sadat se dei en nacht troch har mem fersoarge wurde moast. Deselde hunich wie de boarne fan 'e stimmen dy't Leopold heart en fan Poirot syn eigen hallusinaasjes. Op in nacht dat Rowena in skoftke lizzen gien wie en frou Seminoff by Alicia de wacht hold, rekke it fanke oerstjoer. Om har del te bêdzjen tsjinne de húshâldster har sûnder euvelmoed tee ta mei flink wat hunich deryn. Dat bliek in oerdoazis te wêzen, en doe't Rowena letter weromkaam, trof se har dochter dea oan. Om 'e fergiftiging te ferbergjen, smiet se it stoflik omskot doe fan it balkon fan 'e sliepkeamer yn it kanaal, om in drinkeldea nei te bearen.

Mar immen seach hoe't Rowena it lyk fan Alicia fan it balkon smiet. Neitiid krige se anonime brieven wêryn't se sjantearre waard. Se betelle sa't easke waard, mar doe't har jild oprekke, besleat se ta drastysker maatregels. De seânse wie oarspronklik bedoeld om mei wissichheid út te finen wa't de sjanteur wie, mar dat rûn oars. Likegoed hie Rowena sa har fermoedens. It wie gjin tafal dat dokter Ferrier yn in tichte keamer bedarre, dêr't nimmen him tenei komme koe. Mar Poirot lit him troch dy ôfliedingsmaneuver net út it fjild slaan. Hy beskuldiget Rowena derfan dat sy Ferrier opskille fia de ynterne tillefoanline yn 'e filla. Se dielde him mei dat se wist dat hy de sjanteur wie en easke dat er himsels fan kant meitsje soe, oars soe se Leopold wat oandwaan. Se joech him sels ynstruksjes oer hoe't er himsels ombringe moast: mei in ornamintele dagge, dy't er mei it hêft tsjin 'e muorre oan sette moast, wêrnei't er him der efteroer tsjinoan falle litte moast. Sawol de moard op frou Reynolds as dy op dokter Ferrier woe Rowena weisette as it wurk fan 'e wraaksuchtige spûken fan 'e efterlitten weesbern dy't op Aldersielen yn 'e filla omwaarje soene. Nei't se de beskuldigings fan Poirot oanheard hat, flechtet Rowena nei it dakterras, dêr't in lulke konfrontaasje folget mei de efter har oankommen Poirot. De geast fan Alicia ferskynt oan harren beiden en skuort har mem oer de râne fan it terras, dat se yn it kanaal falt en ferdrinkt.

By moarnsdage nimt Poirot, nei alle gedachten foargoed, ôfskie fan in yrritearre Ariadne Oliver, dy't har boek oer Joyce Reynolds no wol yn 'e foddekoer smite kin. Vitale Portfoglio biedt him oan om him nei hûs te begelieden foar't Poirot him by de plysje oanjout, mar Poirot antwurdet dat net ien fan beide dingen by ljochtskyndei noch nedich lykje. De jonge Leopold is ûnderwilens op 'e noed nommen troch frou Seminoff, dy't seit dat sy en har man in bernewinsk hawwe en de jonge as har eigen soan grutbringe sille. Poirot seit tsjin Leopold dat er it himsels allegear net neinimme moat, wat der bard is, mei't er yn 't foar net witte koe wêr't syn dieden ta liede soene. Dan komt it hege wurd derút: it blykt Leopold west te hawwen dy't seach hoe't Rowena Drake it lyk fan har dochter fan it balkon goaide. De jonge hie ek de symptomen fan fergiftiging werkend dy't syn heit oer de holle sjoen hie, mei't er bekend wie mei de opera Mitridate, Re di Ponto fan Mozart, wêryn't de haadpersoan, kening Mitridates VI, himsels "de Kening fan 'e Giffen" neamt. Leopold wie ek de skriuwer fan 'e sjantaazjebrieven. It wie foar him in poer yntellektuele oefining; hy wist net iens wat er oanmoast mei it jild dat er Rowena mei de sjantaazje ôfhandich makke. Poirot stelt foar om it yn oerlis mei frou Seminoff oan goeddiedichheid te ferjaan, begjinnend mei de oerfeart fan Nicholas en Desdemona nei Amearika.

Kenneth Branagh.
Tina Fey.
Kelly Reilly.

Neitiid keart Poirot werom nei syn eigen filla, dêr't er beslút en nim wer nije saken oan. Hy lit de foardoar iepenstean, en syn earste kliïnt, dy't dêr op 'e strjitte oernachte hat, folget him nei binnen ta.

haadrollen
personaazje         akteur/aktrise
Hercule Poirot Kenneth Branagh
Ariadne Oliver Tina Fey


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Rowena Drake Kelly Reilly
Olga Seminoff Camille Cottin
Joyce Reynolds Michelle Yeoh
Maxime Gerard Kyle Allen
dokter Leslie Ferrier Jamie Dornan
Leopold Ferrier Jude Hill
Vitale Portfoglio Riccardo Scamarcio
Nicholas Holland Ali Khan
Desdemona Holland Emma Laird
Alicia Drake Rowan Robinson
Alessandro Longo Amir El-Masry
suster Maria Felicitas Vanessa Ifediora

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A Haunting in Venice waard regissearre troch Kenneth Branagh nei in senario fan Michael Green. Dat wie loskes basearre op 'e roman Hallowe'en Party fan Agatha Christie út 1969. It wie it trêde diel út 'e filmsearje fan Branagh oer de Belgyske privee-detektive Hercule Poirot, nei Murder on the Orient Express (2017) en Death on the Nile (2022).

As produsinten wiene Branagh, Judy Hofflund, Ridley Scott en Simon Kinberg by it projekt belutsen foar de filmstudio's Kinberg Genre, The Mark Gordon Company, Scott Free Productions, Agatha Christie Ltd en TSG Entertainment. Dêrmei wie it in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $60 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Haris Zambarloukos, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Hildur Guðnadóttir.

De opnamen foar A Haunting in Venice setten op 31 oktober 2022 útein. It meastepart fan 'e sênes, binnendoar, yn it binnenplak en op it dakterras, waarden filme yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. Foar de bûtendoarsênes op en oan 'e kanalen waarden bykommende opnamen makke op lokaasje yn Feneesje.

Yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire waard it meastepart fan 'e film opnommen.

De distribúsje fan A Haunting in Venice waard fersoarge troch 20th Century Studios. De film gie op 11 septimber 2023 yn Londen yn premiêre, en iepene dêrnei op 15 septimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Hollywood Records.

Fan 'e filmkritisy krige A Haunting in Venice oer it algemien positive resinsjes. Sa hie Matt Zoller Seitz fan 'e webside RogerEbert.com lof foar it senario, de rezjy en it produksje-ûntwerp fan 'e film. Neffens him waarden films "mar komselden mear yn dizze styl regissearre". Neffens Michael Phillips fan 'e Chicago Tribune wie A Haunting in Venice de bêste fan 'e Poirot-ferfilmings fan Kenneth Branagh. De Britske resinsint Mark Kermode priizge benammen de cast, dy't neffens him "foar 110%" syn bêst dien hie.

Yn 'e Los Angeles Times skreau Justin Chang: "Wat jin bybliuwt fan dizze film is net de gebrûklike gearfandeling fan oanwizings en foarfallen wêrby't men op 'e ferkearde foet set wurdt, mar in frij omswevende sfear fan fertriet, dy't foar in grut diel woartele is yn 'e turbulinte oantinkens fan 'e personaazjes oan 'e oarloch dy't noch mar in pear jier foarby is." In selde sentimint wjergalme Ann Hornaday yn The Washington Post, dy't de sfear fan 'e film omskreau as "somber". Sawol Chang as Hornaday priizgen it aktearjen fan 'e cast.

Guon kritisy dy't minder oer A Haunting in Venice te sprekken wiene, wiisden derop dat de film wraksele mei de karakterûntwikkeling. Sa fûn Kristen Lopez fan TheWrap dat suver alle personaazjes ûnderûntwikkele wiene. Hja oppenearre dat in oarsaak wêze koe dat de oandacht fan 'e filmmakkers fral útgien wie nei de moaie dekôrs en de rest fan it produksje-ûntwerp. Se priizge benammen Kelly Reilly, Jamie Dornan en Michelle Yeoh foar harren aktearprestaasjes. Yn 'e Britske krante The Guardian skreau Peter Bradshaw dat sa'n cast weismiten wie oan dizze film, dy't er mar 2 fan 5 stjerren taparte. David Fear fan it tydskrift Rolling Stone fûn A Haunting in Venice "traach en saai" en foarsei dat it bioskooppublyk him "deaferfele" soe.

It gebou yn Feneesje wêrfan't it eksterieur brûkt waard foar de filla fan Rowena Drake yn A Haunting in Venice.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat A Haunting in Venice in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 285 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei A Haunting in Venice jout Branagh in dûnkerder en grizeliger draai oan syn Poirot. [De film] is in reedlik flaubyt foar Halloween, mei in mystearje dat net folle easket fan it publyk mar opbetteret fan knaphandige bylden en in stjerrecast." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet A Haunting in Venice in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 52 resinsjes.

A Haunting in Venice brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $42,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $79,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $121,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen betsjut dat in winst fan $61,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.