AIK Fotboll

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
AIK Fotboll
De Friends Arena
De Friends Arena
Oprjochte 1891 (AIK Fotboll sûnt 1896)
Plak Stokholm, Sweden
Stadion Friends Arena
Kapasiteit 50.000
Foarsitter Jonny Jergander
Trener Andreas Alm
Kompetysje Allsvenskan
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

AIK Fotboll — AIK stiet foar Allmänna Idrottsklubben (Frysk: De Algemiene Sportferiening) — is de fuotbalôfdieling fan 'e Sweedske sportferiening AIK út Stokholm. Begjin 1896, fiif jier nei de stifting fan dizze sportferiening, waard de fuotbaltakke oprjochte. Sûnt 2013, doe't it âlde Råsundastadion ôfbrutsen waard, is de Friends Arena (50.000 plakken) de thúshaven fan 'e klup, dy't fan alle Sweedske fuotbalploegen de measte seizoenen aktyf is yn Allsvenskan, it heechste fuotbalnivo fan Sweden.

It seizoen fan 2009 wie de lêste fan 'e alve kearen dat AIK lânskampioen waard. De beskiedende wedstryd tsjin IFK Göteborg waard doe op eigen fjild mei 2-1 wûn.