A.S. Byatt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan A. S. Byatt)
A.S. Byatt
skriuwer
A. S. Byatt (2007)
A. S. Byatt (2007)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dame Antonia Susan Duffy
nasjonaliteit Britsk
berne 24 augustus 1936
berteplak Sheffield
stoarn 16 novimber 2023
stjerplak Londen
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
bekendste
  wurk(en)
Obsessie,
een romance
jierren aktyf 1964-2023

Dame Antonia Susan Duffy (berne as: Antonia Susan Drabble), bekend ûnder de skruwersnamme A.S. Byatt (Sheffield, 24 augustus 1936 - 16 novimber 2023), wie in Ingelsk skriuwster.

Foar de roman Possession wûn hja yn 1990 de Booker Prize. A.S. Byatt waard ek bekend fan har krityk op de boeken fan J.K. Rowling[1]

Yn 2004 hâlde Byatt yn Leien de 33e Huizingalêzing ('From soul to heart to psyche to personality). Op 8 febrewaris 2010 krige hja in earedoktoraat fan de Universiteit Leien.

Yn 2016 krige se de Erasmuspriis 2016 foar har bydrage oan it sjenre Life Writing, in aktueel ûnderwerp yn de literatuer dat histoaryske romans, biografyen en autobiografyen omfiemet.[2]

Hja wie Dame Kommandeur yn 'e Oarder fan it Britske Ryk. The Times sette har yn de 'top 50 bêste Britske skriuwers sûnt 1945'. [3]

Dit artikel is in stobbe oer skriuwer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Publikaasjes yn 't Nederlânsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. New York Times, 7 july 2003, rieplachte 11 febrewaris 2010.
  2. http://www.erasmusprijs.org/?lang=nl&page=Erasmusprijs
  3. The 50 greatest British writers since 1945, The Times