A.H. Wheeler

Ut Wikipedy
A.H. Wheeler
algemien
nasjonaliteit Yndiaask
type privaat
sektor boekhannel
haadkertier Allahabad (Yndia)
oprjochte 1877
oprjochter Émile Moreau, T.K. Banerjee
offisjele webside
ahwheeler.com

A.H. Wheeler, formeel: A.H. Wheeler & Co. Pvt. Ltd. en faak koartwei oantsjut as Wheeler, is in keatling Yndiaaske boekhannels. It bedriuw waard yn 1877 oprjochte en fungearre yn 't earstoan behalven as boekhannel ek as útjouwerij. De filialen fan 'e keatling binne fan it begjin ôf oan ynboud yn treinstasjons. A.H. Wheeler is tsjintwurdich folslein yn Yndiaaske hannen. It haadkertier is fêstige yn 'e stêd Allahabad.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A.H. Wheeler waard yn 1877 yn Allahabad, yn wat doe noch Britsk-Ynje wie, oprjochte troch de Frânske sakeman Émile Moreau en dy syn Yndyske partner T.K. Banerjee. De namme waard ûntliend oan de doedestiden tige súksesfolle Londenske boekhannel fan Arthur Henry Wheelers, mei wa't Moreau befreone wie en dy't it bedriuw finansjeel op gong holp. Fan it begjin ôf oan waarden de winkels fan A.H. Wheeler ynboud yn 'e treinstasjons yn in tiid dat de Britten troch hiel harren koloanje spoarwegen oanleine. Oarspronklik wie de boekhannelkeatling benammen konsintrearre yn noardlik Yndia, mar geandewei de tweintichste iuw hat er him ek útwreide nei it súdlike diel fan it Yndyske subkontinint.

In A.H. Wheeler-filiaal op it treinstasjon fan Sawai Madhopur, yn 'e Yndiaaske steat Radjastan.

Fan 1888 ôf wie A.H. Wheeler ek in skoft aktyf as útjouwerij. Der ferskynde doe by it bedriuw in rige lytseftige boekjes dy't as searje de namme Indian Railway Library krigen. Dêrta hearde û.m. wurk fan 'e ferneamde Ingelske skriuwer Rudyard Kipling, wêrûnder de ferhalebondels Plain Tales from the Hills en The Phantom 'Rickshaw and Other Tales (wêryn't it bekende koarte ferhaal The Man Who Would Be King opnommen wie).

Yn 1937 krige A.H. Wheeler fan 'e Britske oerheid fan Britsk-Ynje formeel it monopoalje op 'e ferkeap fan boeken op treinstasjons. Dat monopoalje bleau bestean ûnder it nije rezjym doe't Yndia yn 1947 in ûnôfhinklik lân waard. De famylje Banerjee kocht de erven fan Moreau yn 1950 út, sadat it bedriuw doe folslein yn Yndiaaske hannen kaam. Yn 2004 waard it monopoalje fan A.H. Wheeler opheft; de keatling hie doe filialen yn 258 treinstasjons yn hiele Yndia. Dêrmei droech it bedriuw foar 80% by oan 'e ynkomsten út 'e ferkeap fan boeken fan 'e Indian Railways.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.