Springe nei ynhâld

Untmanning

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 okt 2020 om 04.12 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De ûntmanning fan Uranus: fresko fan Vasari en Cristofano Gherardi (sa. 1560, Sala di Cosimo I, Palazzo Vecchio, Florâns).

Untmanning is it ôfsnijen by in man fan sawol de penis as de testikels. Ofhinklik fan 'e kontekst kin dat in frijwillige lichemsferoaring wêze of, faker, in ûnfrijwillige genitale skeining. Untmanning moat net betize wurde mei kastraasje, dat inkeld de ferwidering fan 'e testikels omfiemet. Histoarysk gie kastraasje fan eunugen lykwols gauris mank mei it ôfsnijen fan 'e penis. Dat soarge foar in gruttere kâns op ferstjerren, direkt, troch deablieden, of yndirekt, troch ûntstekkings feroarsake troch pisjen. Eunugen by wa't ek de penis ôfsnien waard, wiene, as se de proseduere oerlibben, neitiid yn 'e regel foar it libben ynkontinint. Ek stiene se faak oanhâldend bleat oan ynfeksjes oan 'e urinewegen.

Yn guon kultueren, lykas dy fan it Byzantynske Ryk, waard sa'n ûntmanning sjoen as identyk oan 'e deastraf. Ek yn oare beskavings, lykas dy fan Sina en Fjetnam, waard ûntmanning wol as liifstraf útfierd. Yn it Jeropa fan 'e Midsiuwen waard dat ek wol dien, mar dan benammen as ûnderdiel fan 'e yn it iepenbier útfierde tramtearring foarôfgeande oan 'e deastraf. Yn it njoggentjinde-iuwske Ruslân fierde de kristlike sekte fan 'e skoptsy ûntmanning by harrensels út, om't se leauden dat Jezus Kristus in eunuch west hie. Om dyselde tiid hinne waarden yn 'e Arabyske slavehannel yn Afrika de ta slaaf makke manlju en jonges út East-Afrika gauris 'kastrearre' troch sawol harren testikels as harren penis ôf te snijen.

Fierders wie ûntmanning yn it ferline by guon folken dy't natoerreligyen oanhongen in brûkme mei in magysk-religieuze betsjutting, ferlykber mei kopperij en skalpearjen. It bekendst waard it yn dat ramt by de eartiids tige freze Afar, fan noardeastlik Etioopje, eastlik Eritreä en westlik Dzjibûty. Hoewol't dy al iuwen islamitysk wiene, waard ûntmanning, in oerbliuwsel fan harren pre-islamityske natoerreligy, troch harren nammentlik oant yn 'e tweintichste iuw praktisearre. As in oergongsritueel nei manlikheid waard fan in jonge ferwachte dat er in fijân deadzje soe, en as fijân foldie dêrby eltsenien dy't him op it lân fan 'e Afar weage. De trofee dy't in jonge kriger dêrfan meifierde, waard foarme troch de geslachtsorganen, dy't der in ûnwjerlisber bewiis foar wiene dat de ombrochte fijân in man west hie.[1][2][3]

Hjoed de dei wurdt ûntmanning frijwillich ûndergien troch beskate leden fan 'e hijra's fan Yndia, Pakistan, Nepal en Bangladesj. Dat binne transseksuële manlju dy't harren as frou klaaie en hâlde en drage. Guon fan harren litte harren neffens de berjochten frijwillich ûntmanje by wize fan oergongsritueel dat se nirwaan neame. Fierders bestiet yn 'e Feriene Steaten in subkultuer dy't nullo hjit. Manlike leden dêrfan litte ek frijwillich harren geslachtdielen ferwiderje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. J. van Beurden - Ethiopië/Eritrea, Amsterdam/De Haach, 1994.
  2. M. Eliade en I.P. Couliao - Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  3. F.L. Gordon - Ethiopia, Eritrea & Djibouti, Hawthorn, 2000.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.