Springe nei ynhâld

Universiteit fan Malmö

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 nov 2022 om 18.41 troch Amherst99 (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Universiteit fan Malmö
It logo
It logo
Namme
Ynternasjonale nammeMalmö University
BiedwurdDär mångfald gör skillnad
('Dêr't ferskaat it ferskil makket')
Lokaasje
LânSweden
PlakMalmö
Oare bysûnderheden
TypePublike universiteit
Oprjochting1 july 1998
RektorKerstin Tham
Tal studinten24.000 (2012)
Tal meiwurkers1.602; 78 heechleraren (2012)
NetwurkenSUHF
Offisjele webside
www.malmouniversity.se
Universitetsholmen

De Universiteit Malmö (Sweedsk Malmö universitet) is in publike hegeskoalle yn de súd-sweedske stêd Malmö. Mei goed 24.000 ynskreaune studinten en sa'n 1.600 meiwurkers is it de njoggende nei grutte yn Sweden.[1]

De noch jonge hegeskoalle waard yn 1998 stichte, twa jier nei it beslút fan it regear om yn Malmö in ûnderwiisynstitút te stichtsjen. De Universiteit Malmö is ynternasjonaal oriïntearre, hat útwikselingsoerienkomsten mei 240 oare universiteiten en benei in tredde part fan de studinten hat in bûtenlânske eftergrûn. De universiteit leit yn it sintrum fan de stêd oan de Universitetsholmen, en hat in wichtige rol spile by omfoarming fan Malmö fan yndustrystêd nei in sintrum fan ûnderwiis[2]. In grut part de kampus is boud op it stee dêr't oant mids jierren 80 in skipswerf lei.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Malmö högskola - Högskolan i siffror, Webstee fan de universiteit Malmö. 2. desimber 2013.
  2. Malmö en värsting på kris och förnyelse, Sydsvenskan, 2009-04-11