Springe nei ynhâld

Twibaksmerk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 jun 2020 om 01.43 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It eardere haadpostkantoar

De Twibaksmerk is in strjitte yn it sintrum fan Ljouwert. It wie earder in grêft, mar dy is letter tichtsmiten. Omdat hjir eartiids in soad skippen foar de wâl leinen dy't twibakken en oar bakkersguod nei de merk ta brochten krige de strjitte syn namme. Oan de Twibaksmerk steane it Provinsjehûs en it eardere haadpostkantoar. De Twibaksmerk snijt de Easterstrjitte (Oosjusstraat) yn twaen, yn de Alde- en de Nije Easterstrjitte.

In opfallende restauraasje oan de Twibaksmerk, is op nûmer 48 te bewûnderjen. It hjoeddeistige lytsteater is as earder bykantoar fan de libbensfersekeringsmaatskippij Utrecht folslein yn Jugendstil útwurke.