Springe nei ynhâld

Tsjêbbe Hettinga

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 mai 2017 om 12.25 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tsjêbbe Hettinga
skriuwer
Hettinga op 9 novimber 2008
Hettinga op 9 novimber 2008
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tsjêbbe Piter Hettinga
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 15 jannewaris 1949
berteplak Burchwert
stoarn 7 maart 2013
stjerplak Ljouwert
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre Poëzy
prizen sjoch artikel
offisjele webside
Webstek Tsjêbbe Hettinga

Tsjêbbe Piter Hettinga (Burchwert, 15 jannewaris 1949 - Ljouwert, 7 maart 2013) wie in Fryske dichter, sjonger en saksofonist.

De boeresoan Hettinga gie nei de kweekskoalle en wurke dêrnei as opnametechnikus by de blinebibleteek yn Grins. Yn 1986 helle er it doktoraal eksamen Frysk en Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Sûnt 1982 wenne er yn Ljouwert. Tsjêbbe wie de broer fan dichter Eeltsje Hettinga. Winterdeis joech er workshops/kursussen gedichten skriuwen.

Yn 1971 ferskynde syn earste literêre wurk en hy krige dêrfoar de Rely Jorritsmapriis. Yn 2001 wûn Hettinga de meast wichtige priis foar Fryske literatuer, de Gysbert Japicxpriis.

Hettinga krige in protte lanlik omtinken fanwege syn foardracht op de Frankfurter Buchmesse yn oktober 1993. Omdat Tsjêbbe sokke minne eagen hie, died er alles út 'e holle, wêrby't er safolle mooglik lading oan it wurk joech troch it brûken fan syn stim. Syn poëzij giet in soad oer it lânskip om him hinne, mar ek oer Wales en Grikelân.

Hy joech optredens foar ynternasjonale festivals lykas it Festival Internacional de Poesía de Medellín (Kolombia), it "Poetry International Festival" yn Rotterdam, de Barcelona Book Fair (Spanje), de Writers' Week yn Listowel (Ierlân) en it London Festival of Literature (Grut-Brittanje).

Pieter Verhoeff hat in dokumintêre oer it libben fan Tsjêbbe Hettinga makke, Yn dat sykjen sûnder finen, dyt op 8 jannewaris 2006 útstjoerd waard troch de VPRO. Verhoeff hie de dichter twa jier lang folge. De film ferskynde ek yn it Ingelsk.

Op 7 maart 2013 ferstoar Hettinga yn 'e âldens fan 64 jier yn Ljouwert. Hettinga wie al in skoft siik, hy hie kanker.[1]

Hettingas wurk is oerset yn it Hollânsk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk en Spaansk. Sels sette er wurk fan Dylan Thomas, Derek Walcott en Walt Whitman oer yn it Frysk.

  • Yn dit lân (1973)
  • Loft, lân en sé (1974)
  • Fan lân, loft en leafde (1975)
  • Tusken de bidriuwen troch is âlderdom (1981)
  • Under seefûgels De kust (1992)
  • 8 Gedichten (1993)
  • Salut au Monde (1995)
  • De Foardrachten (1995)
  • Vreemde kusten Frjemde kusten (1995)
  • Fryslân! De wrâld! Friesland! Die Welt! (1998)
  • Strange shores Frjemde kusten (1999)
  • It doarp Always Ready (2000)
  • Fan oer see en fierder (2001)
  • Oan 'e Brek in dei Een dag aan de Brekken (2003)
  • Platina de zee Fan oer see en fierder (2003)
  • Het Licht van de Zee (DVD) (2007)
  • La Luz del Mar (DVD) (2007)
  • Equinox (2009)
  • Aan schor en Stad Niks voorbij - Oan leech en Stêd Niks foarby (Nederlânske oersetting: Benno Barnard) (2010)
  • Evening - Equinox (Nederlânske oersetting fan Equinox: Benno Barnard) (2012)
  • De dea it liet it hynder: Muzikaal-poëtysk programmade ferneamde Angoleeske sjonger en multy-ynstumintalist Basile Maneka.
  • Swing troch de nacht: mei syn 7-mans jazzband Breed Freed.
  • Hotelkeamers eigen: in literêre odysee fan 12 langere en koartere gedichten dy't de dichter foardraacht en oaninoarpraat mei troch himsels skreaune saneamde 'tuskenteksten'. Nei it skoft treedt Hettinga op mei syn jazzband Breed Freed.
  • 1970 : Rely Jorritsmapriis (fers: Forfal)
  • 1971 : Rely Jorritsmapriis (fers: Ljocht út en troch)
  • 1987 : Rely Jorritsmapriis (fers: Súdwesthoeke)
  • 2001 : Gysbert Japicxpriis foar de bondel Fan oer see en fierder
  • 2004 : De Hans Berghuisstok fan de gemeente Maastricht
  • 2013 : De Fryske Anjer (postúm útrikt), foar de bydrage dy't er, mei de Fryske taal as ynspiraasjeboarne, levere hat oan de dichtkeunst yn en bûten Fryslân.
  • 1995: Guus Middag, De geur van instinct en gasolie, NRC 14-4-1995
  • 1998: Dokumintêre Geart de Vries, 'Moarn sil it foar ivich maitiid wêze' : portret fan Tsjêbbe Hettinga. Omrop Fryslân 22-03-1998
  • 2001: Sjueryrapport GJ priis 2001 yn Trotwaer nr. 9, 2001, s. 361-368
  • 2001: Artikel fan himsels yn Revolver, 2001
  • 2003: Jabik Veenbaas, Dionysos yn de stringen, yn De lêzer is in duvel, Ljouwert, 2003
  • 2003: Corine Vloet, Een zwak voor havens. Gesprek met de Friese dichter Tsjêbbe Hettinga. NRC 28 novimber 2003
  • 2004: Piet Gerbrandy, ‘”Oanwaaid en eigen”. De rusteloze epiek van Tsjêbbe Hettinga’ Ons Erfdeel jg 47, nr 3, 2004, s. 407-419
  • 2006: Film Piter Verhoeff: Yn dat sykjen sûnder finen. VPRO 08-01-2006

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Tsjêbbe Hettinga ferstoarn" Omrop Fryslân, 7 maart 2013