Springe nei ynhâld

Thorvald Eriksson

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 apr 2017 om 22.20 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (typfl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Thorvald Eriksson (Yslânsk: Þorvaldr Eiríksson; Aldnoarsk: Þōrvaldr Eirikssonr) (975 - 1006) wie in soan fan Erik de Reade en in broer fan Leif Eriksson, Thorstein Eriksson en Freydís Eiríksdóttir.

Neffens de sêgen wie hy it haad fan in ekspedysje fan sa'n tritich man nei Amearika, dat de Wytsingen Vínland '(Wynlân)' neamden. Hy waard deade troch in pylk fan in Yndiaan (in man mei ien skonk), dy't troch de Wytsingen Skraelingen neamd waarden. Thorvald wie de earste Wytsing dy't yn it nije lân beïerdige waard.